Andries Schoemaker
Andries Schoemaker (Amsterdam, 9 oktober 1660 - dêre, 23 desimber 1735) wie in Nederlânsk lekkenkeapman, amateur-topograaf, numismatikus en útjouwer fan histoaryske en topografyske ynformaasje en ôfbyldingen fan stêden, doarpen, tsjerken, kastielen en oare objekten yn Nederlân en oanswettende kontreien.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Andries wie in soan fan Gerrit Schoemaker en Maria Vonk. De famylje Schoemaker kaam oarspronklik út Almelo. Doe't er 21 jier wie boaske er oan Rachel Kroll en kocht yn 1706 in winkel yn Amsterdam, en waard lykas syn heit tekstylkeapman. De saken giene goed. Hy waard frijwat begoedige en krige it oan tiid om mei syn grutte passy oan 'e gong te gean: it sammeljen fan histoaryske en topografyske feiten oer stêden en doarpen en bouwurken yn Nederlân (1725).
Yn de tweintiger jierren fan de 18e iuw reizget er stêd en lân ôf, faak tegearre mei syn soan Gerrit (1692-1736). Under dy reizen makket er beskriuwingen fan plakken en gebouwen dy't er besiket en jout histoaryske en kulturele bysûnderheden, yllustrearre mei tekeningen.
Schoemaker tekenet sels, mar lit ek tekeningen meitsje troch keunstners lykas Cornelis Pronk (1691-1759) en dy syn learling Abraham de Haen (1707-1748). Hy brûkt lykwols ek besteande printen en kaarten út earder tiden; hy tekenet se nei of plakt se yn syn boeken.
Al it sammele materiaal waard bondele yn in de mânske Atlas Schoemaker. Dy hat mar leafst 2600 topografyske tekeningen, beskriuwingen en printen fan Nederlânske stêden, doarpen en buorskippen yn de iere achttjinde iuw.
Atlas Schoemaker (in kar)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
De âlde of St. Joris Doelen yn De haach; om 1720 hinne
-
It Hûs Persijn
Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Grutte of Jakobinertsjerke, Ljouwert
-
Hallum
-
Ferwert
-
Foudgum
-
Dokkum
-
Sleat
-
Boarnwert
-
De Skâns
-
Rottum
-
Terwispel
-
Snits
Samling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Keninklike Bibleteek fan Nederlân hat fan him: 28 manuskripten mei 11 topografyske, 11 numismatyske en 6 genealogyske hânskriften. [1]
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- D. Philips, "De tekeningen van Andries Schoemaker". Yn: Maandblad Oud-Utrecht 1960 vol 33, p. 140-142.
- A.J. Gevers, A.J. Mensema, Over de hobbelde bobbelde heyde: Andries Schoemaker, Cornelis Pronk en Abraham Haen op reis door Overijssel, Drente en Friesland in 1732. Alphen aan de Rijn, 1985.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Andries Schoemaker fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |