Blauwjuktsjilling
blauwjuktsjilling | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
jerkje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Spatula discors | ||||||||||||
Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
|
De blauwjuktsjilling (Spatula discors) is in fûgel út de famylje einfûgels (Anatidae). It is ien fan 'e lytsere leden út it skaai slobeinen. De fûgel briedt yn Noard-Amearika fan it suden fan Alaska oant Nova Soctia en nei it suden ta oant it noarden fan Teksas. Winterdeis is de fûgel te sjen oan 'e Pasifyske en Atlantyske kusten oant op de Karybyske eilannen en Sintraal-Amearika en it noarden fan Súd-Amearika.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blauwjuktsjilling is 40 sm lang en hat in spanwiidte fan 58 sm en in gewicht fan 370 gr. In folwoeksen jerk hat in griisblauwe kop mei in wite bân yn 'e foarm fan in heale moanne oer it gesicht, in ljochtbrún bealchje mei in wite flek by de stút en in swarte sturt. In folwoeksen wyfke is flekkerich brún en hat by de snaffel in wyt gebiet.
Wyfkes en jerkjes hawwe himelsblauwe dekfearren, grien irisearjende sekundêre slachpinnen en giele poaten. Se ferfearje twaris yn 't jier en yn it earste jier in tredde kear.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet bestiet hast út hiel Noard-Amerika, útsein it westen en noarden fan Alaska en de meast noardlike gebieten fan Kanada. De fûgels binne seldsum yn it droege súdwesten en de westlike kust.
Blauwjuktsjillings briede yn sompen en by dobben fan sintraal en eastlik Alaska en it súdlike diel fan Kanada oant it suden fan Kebek en súdwest Newfoundland. Yn 'e oangrinzgjende Feriene Steaten briedt de fûgel fan it noardeasten fan Kalifornje oant sintraal Louisiana, sintraal Tennessee en de Atalantyske kust. De westlike blauwjuktsjillings briede west fan 'e Appalachen. Guon populaasjes briede oan 'e Atlantyske kust fan New Brunswick oant Pea Island yn North Carolina.
Winterdeis migrearje blauwjuktsjillings yn groepen nei it suden. Guon fûgels fleane dan grutte stikken oer it iepen wetter fan 'e oseaan. Ut en troch komme se as dwaalgast nei Europa en de lêste tiid wurde se alle jierren in Grut-Brittanje en Ierlân waarnommen. Ek yn Nederlân wurde se waarnommen, mar yn 'e regel binne dat ûntsnapte eksimplaren. It oerwinteringsgebiet fan 'e einen leit fan súdlik Kalifornje oant westlik en súdlik Teksas, de Golf fan Meksiko oant de Atlantyske kust, de Kariben en nei it suden oant Sintraal- en Súd-Amearika. Regelmjittich wurdt de fûgel sels noch yn Brazylje en Sintraal-Sily waarnommen.
Nêst en iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Blauwjuktsjillings begjinne tusken healwei april en healwei maaie te brieden, ôfhinklik fan it waar somtiden ek wat letter. It nêst wurdt tusken de fegetaasje op 'e grûn yn in ûndjip kûltsje boud en mei wat gers en dûns ôfset. Der wurde 10 oant 12 aaien lein, mar as se wat letter briede dan bestiet in nêst mar út fiif oant seis aaien. It oantal aaien hinget ek ôf fan 'e âlderdom fan it wyfke; jonge fûgels ha yn 'e regel lytsere nêsten. Nei 21 oant 27 dagen komme de aaien út. Al tolve oeren nei it útkommen fan 'e aaien kinne de einepykjes nei it wetter rinne, mar se fleane pas nei 6 oant 7 wiken.
De einen sykje it iten op 'e dridze, op it fjild of yn ûndjip wetter, dêr't driuwplanten of planten krekt ûnder it wetteroerflak groeie en dat ryk is oan lytse wetterdierkes. Likernôch in fearn fan it iten bestiet út weakdierkes, skaaldierkes en ynsekten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wrâldpopulaasje wurdt op sa'n 7.800.000 fûgels rûsd en oannommen wurdt dat it oantal tanimt. Dêrnjonken hat de soarte in tige grut ferspriedingsgebiet. De soarte wurdt dêrfandinne troch IUCN as net bedrige klassifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Blue-winged teal
|
- Fûgelsoarte
- Slobein
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn Anguilla
- Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda
- Lânseigen fauna yn Arûba
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Barbados
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bonêre
- Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn Dominika
- Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Sint-Marten
- Lânseigen fauna yn Grenada
- Lânseigen fauna yn Grienlân
- Lânseigen fauna yn Gûadelûp
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Haïty
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Jamaika
- Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Kurasau
- Lânseigen fauna yn Martinyk
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Montserrat
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn Saba
- Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy
- Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius
- Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis
- Lânseigen fauna yn Sint-Lusia
- Lânseigen fauna yn Sint-Marten
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Suriname