Springe nei ynhâld

Boeing 307 Stratoliner

Ut Wikipedy
Boeing Model 307 Stratoliner


Rol Ferkearsfleantúch
Makker Boeing
Earste flecht 31 desimber 1938
Yn tsjinst 8 july 1940
Ut tsjinst 1975
Tal makke 10
Grutste brûkers TWA, Pan Am, United States Army Air Forces

De Boeing Model 307 Stratoliner wie it earste kommersjele transportfleanmasine mei in drukkabine. Dizze eigenskip makke it mooglik om mei passazjiers op hichte fan 6,000m te fleanen, dat wol sizze boppe it waar. It drukdifferensjaal wie 2.5 psi (17kPa), sadat op in hichte fan 4.480 m de kabinedruk dy fan 2.440 m wie. Model 307 hie romte en foarsjennings foar in bemanning fan fiif en 33 passazjiers. De kabine wie sa'n 3.6 m trochsneed. It wie de earste fleanmasine mei in boardwurktúchkundige as bemanningslid.

It Model 307 wie in fuortsette ûntwikkeling fan it Model 299 (de lettere Boeing B-17 'Fleanend Fort'). Totaal binne der mar tsien fan makke fanwege it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch. Ien tastel waard kocht troch filmprodusint en loftfeartpionier Howard Hughes om dêrmei in wrâldsnelheidsrekord te festigjeen.[1]

307
Wright Cyclone GR-1820-G102 motors mei ien superoanjager. 5 bemanningsleden
307B
Wright Cyclone GR-1820-G105A motors mei twa superoanjagers foar bettere prestaasje op gruttere hichte. 7 bemanningsleden
C-75
Fiif Trans World 307Bs yn tsjinst fan de USAAF as militêre transporttastellen; 307B-1 standerd mei B-17G wjukken, in grutter sturtflak, 4 Wright Cyclone GR-1820-G606 motors en sûnder drukkabine.
Passazjiers oan board fan in Pan Am Boeing 307

Technyske feiten (Boeing 307)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut Jane's AWA 1942 (útsein wjukoerflak en laadfeiten) Bemanning: 5, dêrfan twa piloaten en in boardwurktúchkundige

Kapasiteit: 33 passazjiers by deiljocht, 25 nachts
Lingte: 22,6 m
Spanwiidte: 32,63 m
Hichte: 6,33 m
Totaal oerflak: 138 m²[2]
Leechgewicht: 13.608 kg
Laadgewicht maks.: 20.420 kg
Motor: 4 Wright GR-1820-G102 stjermotoren, 1100 hk it stik (=820 kW)
Maks faasje: 387 km/o op 1,830 m
Krúsfaasje: 344 km/o op 3,050 m
Fleanberik: 2.820 km
Plafond maks.: 7.110 m
Belesting: 138 kg/m²
Krêft/massa ferhâlding: 0.098 hk/pûn

Besibbe fleanmasines:

Fergelykbere fleanmasines:

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) Boeing - Stratoliner 75th Anniversary. Sjoen op 25 jannewaris 2014
  2. Bowers 1989, s.231.