Cassandra (koart ferhaal)
Cassandra | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | C.J. Cherryh | |
taal | Ingelsk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 1978, The Magazine of Fantasy & Science Fiction | |
oarspr. útjwr. | Mercury Publications | |
bondel | û.m. Visible Light | |
prizen | Hugo Award 1979 |
Cassandra is in koart ferhaal fan it fantasysjenre fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel ferwiist nei it personaazje Kassandra út 'e Ilias fan Homearus, dy't de jefte fan profetearjen hie, mar op wa't de flok rêste dat nimmen har warskôgings ea leauwe woe. Cassandra wie it twadde koarte ferhaal dat Cherryh ea skreau. It waard yn 1978 publisearre yn it tydskrift The Magazine of Fantasy & Science Fiction en wûn yn 1979 de prestizjeuze Hugo Award yn 'e kategory bêste koarte ferhaal. Cassandra is neitiid ferskate kearen werpublisearre. It ferhaal is oerset yn it Dútsk, Frânsk, Poalsk, Italjaansk en Roemeensk.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]C.J. Cherryh is it bekendst om har romans op it mêd fan fantasy en science fiction, dy't fierwei it meastepart fan har oeuvre beslane. Koarte ferhalen skriuwt se oer it algemien inkeld as se dêr troch in útjouwer of in redakteur fan in blomlêzing om frege wurdt, of as se ynspiraasje hat foar it útwurkjen fan in idee dat himsels net lient foar de langere foarm fan in roman. Dat se mei Cassandra de Hugo Award wûn, kaam foar har sadwaande as in folsleine ferrassing.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De jefte fan foarwittenskip is in flok foar Alis dêr't se gjin behearsking oer hat. Hja sjocht oanhâldend de takomst as in dúdliker wurklikheid as de tinne, dizenige sitewaasje fan no dêr't de bylden oerhinne lizze. Se kin dêr neat tsjin dwaan, en de takomst is skriklik. Eltse moarn ferlit se har baarnende appartemint en rint troch de ruïne fan in stêd nei it iennichste kafee dat alteast noch foar in diel oerein stiet. Oeral dêr't se giet, komt Alis minsken tsjin dy't der foar har as ferkoalde liken útsjogge. Se wit dat de bylden dy't se sjocht, wurklikheid wurde sille, mar se besiket net mear om dêrfoar te warskôgjen, want de lju beskôgje har as sljochtsinnich. As de bommen úteinlik falle, wit se har eigen libben te rêden troch beskûl te sykjen yn 'e kelder ûnder it kafee. Neitiid falle de bylden fan 'e ferwoastge stêd en de deade ynwenners gear mei de wurklikheid, en kin Alis einlings en te'n lêsten in 'normaal' bestean liede middenmank de ruïnes en de liken.
Publikaasjeskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]jier | titel | soarte | taal |
---|---|---|---|
1978 | The Magazine of Fantasy & Science Fiction | tydskrift | Ingelsk |
1979 | The 1979 Annual World's Best SF | Ingelsk | blomlêzing |
1980 | Science Fiction Story Reader 13 | blomlêzing | Dútsk |
Fiction | tydskrift | Frânsk | |
Univers 1980 | blomlêzing | Frânsk | |
Nebula Winners Fourteen | blomlêzing | Ingelsk | |
1981 | Anthologie de la Littérature de Science-Fiction | blomlêzing | Frânsk |
1983 | Fantastyka 3 | tydskrift | Poalsk |
1984 | Wollheim's World's Best SF: Series Eight | blomlêzing | Ingelsk |
I Premi Hugo: 1976-1983 | blomlêzing | Italjaansk | |
1985 | Science Fiction Jubiläums Band: 25 Jahre Heyne Science Fiction & Fantasy 1960-1985 | blomlêzing | Dútsk |
The Hugo Winners, Volume 4: 1976-1979 | blomlêzing | Ingelsk | |
1986 | Visible Light | ferhalebondel | Ingelsk |
1987 | The Dark Void | blomlêzing | Ingelsk |
Cosmos XXI: Întîmplări Dintr-un Univers al Păcii | blomlêzing | Roemeensk | |
1994 | The SF Collection | blomlêzing | Ingelsk |
1995 | Women of Wonder, the Contemporary Years: Science Fiction by Women from the 1970s to the 1990s | blomlêzing | Ingelsk |
1998 | The Unexplained: Stories of the Paranormal | blomlêzing | Ingelsk |
2000 | Une Histoire de la Science-Fiction 3: 1958-1981, L'Expansion | blomlêzing | Frânsk |
2004 | The Collected Short Fiction of C.J. Cherryh | ferhalebondel | Ingelsk |
2010 | The Last Man Anthology: Tales of Catastrophe, Disaster and Woe | blomlêzing | Ingelsk |
2014 | Galaxy's Edge Magazine | tydskrift | Ingelsk |
2016 | Women of Futures Past | blomlêzing | Ingelsk |
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]jier | priis | resultaat | kategory |
---|---|---|---|
1979 | Locus Award | twadde priis | bêste koarte ferhaal |
Nebula Award | twadde priis | bêste koarte ferhaal | |
Hugo Award | wûn | bêste koarte ferhaal |
Yn 1999 waard Cassandra fierders troch it tydskrift Locus beneamd ta ien fan 'e 50 bêste koarte ferhalen aller tiden op it mêd fan fantasy en science fiction.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |