Springe nei ynhâld

Dyk

Ut Wikipedy
In dyk mei weidzjende skiep yn Dútslân
Basaltblokken foar beskerming fan it dyklichem

In dyk is in troch minsken oanleine wetterkearing dy't in gebiet beskermet tsjin in hege wetterstân en weagen. In grûnlichem dat permanint belêste wurdt troch in wetter mei relatyf fêst peil wurdt in kaaidyk neamd.

Nederlân hat twa (bestjoerlike) typen diken: de primêre wetterkearings en regionale wetterkearings dy't meastentiids sekundêre wetterkearings neamd wurde. De primêre wetterkerings beskermje tsjin bûtenwetter, it wetter fan de see, de grutte rivieren, de Markermar en de Iselmar.

De regionale wetterkearings beskermje tsjin it binnenwetter yn marren, boezems en kanalen. Yn it westen fan Nederlân binne dit faak boezemkaaien. Under de regionale kearingen falle ek slieperdiken.

Yn it Frysk is dyk ek in synonym foar wei.

Oan de súdlike ouwer fan it eartiidske eilân Wieringen, dat skol ôfrint, waard yn de Midsiuwen in seewarring oanlein fan in dûbele rige peallen, dy't oanienslutend fertikaal yn de grûn setten waarden. Yn de tuskenromte fan likernôch 2 meter waard seegers propke en ôfdekt mei sân. Dat seegers waard, ticht yn 'e buert, yn de Waadsee ôfmeand. It die bliken dat it net fergiet of ferrottet. Sa'n dyk bliek bûtengewoan stoarmfêst meidat it seegers ek in fearjende eigenskip hat. Dêrom waard it seegers oant yn it begjin fan de 20e iuw ek in soad brûkt as bêde- en kessenfolling. Soksoarte dyk wurdt in wierdyk neamd, der -by fersin- fan útgeande dat it seegers ta de seewieren hearde.

De wierdyk funksjonearre lange tiid goed, oant yn de 18e iuw de pealwjirm tasloech, dy't de houten balken opfriet en dêrmei it skelet fan de dyk ferneatige. Doe waard besluten de bûtenside fan de dyk te ferstevigjen mei opsteapele basaltblokken, dy't út Noarwegen oanfierd waarden.

Earst folle letter, krige men der aan fan dat in dyk mei in grutte deldracht oan de seekant better bestand wie tjin it bûtsen fan de weagen. Doe waarden de basaltblokken skol tsjin 'e dyk oanlein.

De wierdyk oan de súdkant fan Wieringen waard de ôfrûne jierren foar in part rekonstruearre, wêrby't de trije fazes fan de ûntwikkeling fan de dyk edukatyf tentoansteld binne. It seegers dat foar de rekonstrukje nedich wie, groeit net meaer yn de Waadsee en moast ymportearre wurde fan de Dútske Eastseekust.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons Commons: Dikes – foto, fideo en harktriemmen