Edward Jenner
Edward Jenner (Berkeley (Gloucestershire), 17 maaie 1749 — dêre, 26 jannewaris 1823) wie in Ingelsk dokter, de ûntwikkelder fan it pokken-faksin op basis fan kopokken en grûnlizzer fan de ymmunology.
Edward Jenner wie de soan de pleatslike dûmny. Doe't er fjirtjin jier wie kaam hy yn de lear by in lokale sjirurch yn Londen. Yn 1772 kaam hy werom nei Berkeley en brocht it grutste part fan syn libben as dokter troch yn syn bertestêd.
Yn 1796 die er syn wyls ferneamde eksperimint op de achtjierrige James Phipps. Jenner helle dracht út in kopokkeswolm en smarde it yn in sneetsje yn de earm fan de jonge. Hy teste syn teory, ûntstien út de plattelânstradysje, dat melkfamkes dy't kopokken hân hiene, nea siik waarden fan de echte pokken dy't in soad slachtoffers easke, benammen ûnder bern. Jenner blykt efterôf Phipps ymmún makke te hawwen foar pokken. Hy skreau in brief oan de Royal Society yn 1797 dêr't er syn eksperimint yn beskreau, mar krige te hearren dat syn ideeën te revolúsjenêr wiene, en dat hy mear bewiis nedich hie. Beret eksperimintearre Jenner mei mear bern, ek mei syn eigen soan fan alve moanne. In 1798 waarden de resultaten úteinlik publisearre en Jenner betocht it woord faksin fan 'Vacca', it Latynske wurd foar ko.
In soad minsken hienen de gek mei Jenner. Kritisy, benammen de geastlikheid, bewearden dat it om te koarjen en goddeleas wie om ûnskuldigen yn te intsjen mei it materiaal fan in siik bist. In satiryske cartoon fan 1802 toande minsken dy't faksinearre wienen mei in kowekop. Mar troch de foardielen fan faksinaasje en de beskerming dy't it oan minsken joech waard it al gau ynfierd. Jenner waard ferneamd en bestege in soad tiid oan it ûndersykjen fan en advisearjen oer ûntwikkelingen fan it faksin. Jenner die ek ûndersyk op in tal oare gebieten fan de genêskunde en hie ek in soad belangstelling foar lânbou en niget oan it sammeljen fan fossilen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|