Springe nei ynhâld

Escape from Alcatraz (film)

Ut Wikipedy
Escape from Alcatraz
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Don Siegel
produsint Don Siegel
útfierend
   produsint
Robert Daley
senario Richard Tuggle
basearre op it non-fiksjeboek fan
   J. Campbell Bruce
kamerarezjy Bruce Surtees
muzyk Jerry Fielding
filmstudio The Malpaso Company
Don Siegel Films
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Clint Eastwood
Patrick McGoohan
byrollen Larry Hankin
Frank Ronzio
Roberts Blossom
Paul Benjamin
Bruce M. Fischer
Jack Thibeau
Fred Ward
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 22 juny 1979
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske skriller
taal Ingelsk
spyltiid 112 minuten
budget en resultaten
budget $8 miljoen
opbringst $43 miljoen (Noard-Amearika)

Escape from Alcatraz is in Amerikaanske histoaryske skriller út 1979 ûnder rezjy fan Don Siegel, mei yn 'e haadrollen Clint Eastwood en Patrick McGoohan. De titel betsjut "Untsnapping út Alcatraz". De film waard basearre op it non-fiksjeboek fan J. Campbell Bruce en giet oer de histoaryske finzenisútbraak út 'e swierbefeilige Amerikaanske Federale Finzenis Alcatraz op it eilân mei deselde namme yn 'e Baai fan San Francisco troch Frank Morris en de bruorren John en Clarence Anglin yn juny 1962. Escape from Alcatraz krige oer it algemien tige positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

Yn jannewaris 1960 wurdt Frank Morris, in útsûnderlik yntelliginte krimineel dy't al út in stikmannich tichthuzen útbrutsen is, oerpleatst nei de swierst befeilige Federale Finzenis Alcatraz op it eilantsje Alcatraz yn 'e Baai fan San Francisco. De finzenisdirekteur lit de de nije finzene by him bringe om him yn te printsjen dat Alcatraz unyk is yn it finzeniswêzen fan 'e Feriene Steaten, mei't der noch nea in súksesfolle útbraak west hat. Mocht it in finzene al slagje om út it swierbewekke finzeniskompleks te ûntsnappen, dan moat er noch 2 km swimme troch seewetter dat it meastepart fan it jier te kâld is om lang yn te oerlibjen. Boppedat stiet der in sterke streaming dy't swimmers nei iepen see spielt en komme der ek wite haaien foar dy't wol in swimmer meie. Wylst de waanwize direkteur útwreidet oer de finzenis, drukt de op foechsume mominten jaknikkende Morris fan it buro fan 'e man in neilskjirke efteroer.

De folgjende dagen komt Morris yn 'e kunde mei de finzenis en de dêr jildende wizânsjes. Teffens moetet er de oare finzenen, fan wa't er befreone rekket mei de eksintrike Litmus, in âldman dy't fan neigesetsjes hâldt en in mûs as húsdier hat; de finzenisbibletekaris English, in swarte man dy't yn it Amerikaanske Suden twa kear libbenslang krigen hat om't er út selsferdigening in pear blanken deade hat; en de âldere Doc, dy't foarhinne op Alcatraz grysanten kweekte en no portretten skilderet.

Morris makket ek in swarde fijân yn 'e foarm fan in poatige finzene dy't Wolf hjit. As de beide mannen neaken njonkeninoar ûnder de dûs steane, jout Wolf oan dat er Morris wol sitten sjocht en seks mei him hawwe wol. As Morris dêr freonlik foar betanket, seit Wolf dat neesizzen gjin opsje is. Dêrop jout Morris him in wan bruien om syn stânpunt te fertsjutskjen. Letter falt Wolf Morris by it luchtsjen op it binnenplak fan it tichthûs oan mei in eigenmakke knyft. Morris ferdigenet himsels troch syn jas om syn earm te wuoljen en dêrmei de stekken ôf te warjen. As de sipiers de fjochtpartij opbrekke, ferwûnet Wolf ien fan harren. Dêrop wurdt hy foar ûnbeskate tiid yn ien fan in groepke isolearsellen smiten dy't mei-inoar "it Gat" hjitte. Morris bedarret dêr ek om't er fochten hat, mar foar folle koartere tiid. Yn 'e isolearsel wurde de finzenen de hiele dei yn folslein tsjuster holden en op ûngeregelde tiden tramtearre troch harren wiet te spuitsjen mei in brânspuit.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wannear't Morris nei ferrin fan tiid weromkeare mei nei syn sel, is er mear as earder wisberet om in wei út Alcatraz te finen. Underwilens ûntdekt de sadistyske finzenisdirekteur dat Doc in portret fan him skildere hat. Hoewol't it in goede likenis is, sjit him dat yn it ferkearde kielsgat en ferbiedt er dat Doc ea noch skilderje mei. De wredens dy't sprekt út it ôfnimmen fan it iennichste fersetsje dat in âldman hat, stiet de finzenen en ek in soad sipiers tsjin, mar der is neat oan te dwaan, mei't de direkteur op Alcatraz it lêste wurd hat. Doc rekket wei yn in klinyske depresje en yn it wurkplak fan 'e finzenis brûkt er in fjoerskerpe bile om himsels de fingers fan 'e lofterhân ôf te houwen. Hy wurdt ôffierd, wêrnei't Morris de fingers byinoar siket en se oerlanget oan 'e sipier dy't Doc de bile jûn hie.

Om dyseldichste snuorje hinne wurdt der in nije finzene yn 'e sel njonken Morris sines pleatst, de knoffelige autodief Charley Butts. Net folle letter wurde der noch twa nije finzenen oerpleatst nei Alcatraz. Dat binne de bruorren John en Clarence Anglin, in pear bankrôvers mei wa't Morris earder yn in oare finzenis befreone rekke is. Underwilens hat Morris opmurken dat it beton yn syn sel, om 'e iepening hinne dêr't it fentilaasjeroaster sit, ôfbroazelet. Hy ornearret dat it nei desennia troch de sâlte seelucht oantaast is. Dat jout oanlieding ta it betinken fan in ûntsnappingsplan om it stellen neilskjirke te brûken foar it útbeiteljen fan it roaster út it fentilaasjegat en it gat safolle te fergrutsjen dat der (mei muoite) in folwoeksen man troch kin. Fia de romte tusken de sellen, dêr't de elektrisiteitskeabels en buizen foar wetterlieding en rioelearring rinne, soe sa'n man dan op 'e rige sellen klimme kinne om dêrwei troch in fentilaasjeskacht yn it dak út it finzeniskompleks te ûntkommen.

Yn 'e folgjende moannen bringe Morris, de bruorren Anglin en Butts dat plan yn 'e praktyk. Se beitelje mei stellen leppels it fentilaasjeroaster yn harren sellen út 'e muorre en fergrutsje it dêrtroch ûntstiene gat. De betonbrokjes bringe se wei ûnder it luchtsjen. Se meitsje fan papier-masjee ynsetstikjes foar de muorre dêr't se it fentilaasjeroaster yn fêstmeitsje. Dy ynsetstikjen wurde foar de gatten yn 'e selmuorren set. Butts docht in oanfraach om skilderje te meien, wat ynwillige wurdt, wêrnei't de fjouwer finzenen syn ferve brûke om it ynsetstik fan papier-masjee deselde kleur as de rest fan 'e selmuorre te jaan. Se meitsje ek koppen fan papier-masjee, dy't se ûnder de tekkens wei stekke op nachten dat se troch it gat geane om op it dak fan 'e sellen oan it wurk. Dêr boarret Morris mei in eigenmakke boarmasine fan in boarkop en in stellen fentilator de skroeven fan 'e kap fan it fentilaasjekanaal út, wylst de bruorren Anglin fan stellen reinjassen in provisoaryske rêdingsboei yninoar nifelje.

Op in dei ûnder it miel set Morris in grysant op 'e tafel ta eare fan Doc, mar as de direkteur dat sjocht, stapt dy derop ôf, pakt de blom ôf en knypt him fyn, om't it tsjin 'e regels wêze soe. Litmus ûntstekt yn grime en wol de direkteur oanfleane, mar hy kriget in hertoanfal en komt op slach te ferstjerren. Morris is poerrazen oer de hiele gong fan saken, mar hy behearsket him om it ûntsnappingsplan net yn gefaar te bringen. De blik fol haat dy't er de direkteur tawerpt, is foar de direkteur lykwols oanlieding om in trochsiking fan Morris syn sel te beoarderjen. Morris makket in pear eangstige mominten troch, mar de ynset fan papier-masjee is sa oertsjûgjend dat der neat fûn wurdt. Nettsjinsteande dat jout de direkteur neitiid oan 'e sipiers opdracht om Morris kommende tiisdei yn in oare sel te pleatsen. Morris wurdt dêr net yn 't foar oer ynljochte, wylst de ûntsnapping pland stiet foar tiisdeitejûns. De folgjende deis wurdt lykwols einlings Wolf út 'e isolearsel litten, en hy lit Morris witte dat er mei gauwens wraak nimme sil. Dêrom beslute Morris-en-dy de ûntsnapping de folgjende deis al te prebearjen, op moandeitejûn, wêrmei't se sûnder erch har eigen ûntsnappingsplan rêde. Moandeitemiddeis, by it luchtsjen, sil Wolf wer mei in eigenmakke knyft op Morris los, mar English, dy't oan it haad stiet fan alle swarte finzenen yn Alcatraz, ûnderskept him en twingt him om syn plan út te stellen.

Dy jûns litte Morris en de bruorren Anglin de koppen fan papier-masjee op harren bêden efter, glûpe fuort troch de gatten yn 'e muorren en klimme op 'e sellen. Butts doar it op it lêste momint net oan en bliuwt gûlend yn syn sel efter. Morris, dy't it múske fan Litmus meinimt, en de Anglins ûntsnappe troch de fentilaasjeskacht nei it dak fan it finzeniskompleks, ûntwike de sykljochten fan 'e bewekkers, klimme oan in reinwetterpiip by de muorren del, kladderje oer in heech stek hinne mei stikeltrie boppe-op en sykje har wei oer it eilân nei de kust. Butts beslút lang om let dochs om mei, mar ienris op 'e sellen kin er net by it te hege traaljewurk fan 'e fentilaasjeskacht, in obstakel dêr't de oare mannen inoar by op holpen hawwe. Der sit foar him neat oars op as werom te gean nei syn sel om te stúmjen oer de miste kâns. Oan 'e kust fan it eilân blaze Morris en de bruorren Anglin harren rêdingsboei op en sette swimmend fan Alcatraz ôf.

De oare moarns, as de ûntsnapping ûntdutsen wurdt, begjint der in grutte speurtocht nei de trije ûntsnapten. Stikjes reinjas en guon persoanlike eigendommen fan 'e mannen wurde driuwend op it wetter fan 'e Baai fan San Francisco weromfûn. In sipier bringt op 't aljemint dat se dy wolris mei opsetsin efterlitten hawwe kinne om it lykje te litten as binne se ferdronken, mar de direkteur hâldt koppich fol dat Morris-en-dy wier de drinkeldea stoarn wêze moatte. By in syktocht op Angel, in oar eilantsje yn 'e baai, treft er sels oan 'e kust lykwols in grysant oan, dy't er wifkjend oppakt. Fuort letter kriget er berjocht dat er nei Washington, D.C. ta roppen is om ferantwurding ôf te lizzen oan syn superieuren.

In yn byld brochte tekst fertelt dat noch de trije ûntsnapte mannen, noch harren stoflike omskotten ea fûn binne. De Federale Finzenis Alcatraz waard minder as in jier letter sletten.

Clint Eastwood.
Patrick McGoohan.
haadrollen
personaazje             akteur/aktrise
Frank Morris Clint Eastwood
de finzenisdirekteur Patrick McGoohan


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Charley Butts Larry Hankin
Litmus Frank Ronzio
Doc Dalton Roberts Blossom
English Paul Benjamin
Wolf Grace Bruce M. Fischer
Clarence Anglin Jack Thibeau
John Anglin Fred Ward
Johnson Fred Stuthman
Wagner David Cryer
sipier Zimmerman Madison Arnold
sipier by gefjocht Blair Burrows
Beck Don Michaelin
selblokhaad Ray K. Goman
Bobs Jason Ronard
Cranston Ed Vasgersian
Stone Ron Vernan
Lucy Butts Regy Baff
ûnderdirekteur Hank Brandt
dochter fan English Candace Bowen
swarte finzene Danny Glover

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It skript foar Escape from Alcatraz waard skreaun troch senarioskriuwer Richard Tuggle op basis fan it non-fiksjeboek Escape from Alcatraz fan J. Campbell Bruce út 1963. Dêropta hie Tuggle ek sels in healjier spandearre oan it dwaan fan research nei de Federale Finzenis Alcatraz en de útbraak fan juny 1962. Hy gie mei it senario nei it Writers Guild of America, it fakbûn fan senaristen, en krige in list fan literêr aginten dy't wolris ûnfregre manuskripten akseptearren. Tuggle levere by elts fan harren in kopy fan syn senario yn, en brocht it ek by alle oaren út 'e filmyndustry fan Hollywood ûnder de oandacht dy't er safier krije koe om it te lêzen.

It skript waard troch eltsenien ôfwiisd. Neffens de feedback dy't Tuggle krige, wie de dialooch net goed genôch en de personaazjes likemin, wylst der romantyk oan ûntbriek. Fierders waard him ferteld dat it Amerikaanske publyk neat joech om finzenisferhalen. Tuggle liet de moedfearren lykwols net hingje, mar besleat om 'e aginten, filmprodusinten en studiobazen gewurde te litten en ynstee streekrjocht kontakt op te nimmen mei regisseurs. Hy skille de ympressario fan regisseur Don Siegel op en liigde dyselde foar troch te sizzen dat er Siegel op in feest met hie en dat dyselde belangstelling toand hie foar it senario. De ympressario stjoerde it skript doe troch oan Siegel, dy't der wol wat yn seach.

Siegel helle akteur en filmprodusint Clint Eastwood derby, mei wa't er al fjouwer films makke hie: Coogan's Bluff (1968), Two Mules for Sister Sara (1970), The Beguiled (1971) en Dirty Harry (1971). Eastwood sei ta om 'e haadrol fan Frank Morris te spyljen, op it betingst dat Siegel Escape from Alcatraz produsearje soe foar (Eastwood) syn eigen filmstudio The Malpaso Company. Siegel woe der lykwols beslist in film fan Don Siegel Films fan meitsje en wie Eastwood te fluch ôf troch de filmrjochten op it boek fan Bruce te keapjen foar de priis fan $100.000. Hy behelle ek tsjin it sin fan Eastwood de grutte filmstudio Paramount Pictures yn 'e produksje. Hoewol't er der úteinlik yn tastimde om der in ko-produksje fan Don Siegel Films mei The Malpaso Company fan te meitsjen, soarge de kwestje foar spul tusken Siegel en Eastwood, dy't nei Escape from Alcatraz nea wer gearwurkje soene.

It eilân Alcatraz mei syn finzenis.

Escape from Alcatraz waard regissearre en produsearre troch Don Siegel, wylst Robert Daley as útfierend produsint it tafersjoch oer it hiele projekt hie. Foar de film wie in budget beskikber fan $8 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Bruce Surtees, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Jerry Fielding.

De opnamen foarEscape from Alcatraz foelen yn it neijier fan 1978 en fûnen foar in grut part plak op it eigentlike finzeniseilân Alcatraz, yn it echte gebouwekompleks fan 'e âlde Federale Finzenis Alcatraz. Dy hie oarspronklik syn eigen lytse enerzjysintrale hân, mar yn 1978 wie de finzenis al fyftjin jier ticht, dat de enerzjysintrale wie doe net mear funksjoneel. Dêrom moast der foar de opnamen 24 km oan elektrisiteitskeabels oer de boaiem fan 'e Baai fan San Francisco lein wurde om it eilân oan te sluten op it stroomnet fan San Francisco. De produsinten betellen fierders $500.000 om it fertutearze tichthûs wer yn 'e âlde steat werom te bringen. Guon ynterieuren wiene alhiel ferlern gien en moasten neimakke wurde yn in studio. In protte fan 'e foar de film beävensearre ferbetterings oan it finzeniskompleks waarden neitiid beholden.

De distribúsje fan Escape from Alcatraz waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 22 juny 1979 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

De echte kop fan papier-masjee dy't Frank Morris makke foar syn ûntsnapping.

De útbraak út Alcatraz troch Frank Morris en de bruorren John en Clarence Anglin is histoarysk en fûn plak op 11 juny 1962. Yn 'e ôfslutende sêne út Escape from Alcatraz wurdt suggerearre dat harren ûntsnapping súksesfol wie, mar feitliks is it noch altyd ûnwis oft dat wol sa wie. It offisjele ûndersyksrapport fan 'e Amerikaanske federale resjerzje FBI nei it barren konkludearre dat de trije mannen op harren flecht ferdronken wêze moasten yn 'e Baai fan San Francisco, hoewol't dêr gjin direkte bewizen foar fûn waarden. Yndirekt bewiismateriaal út 'e 2010-er jierren liket derop te wizen dat de mannen harren tocht troch it wetter wól oerlibben.

It personaazje Charley Butts (de finzene dy't efterbliuwt) waard basearre op de histoaryske persoan fan Allen West, dy't de fjirde man fan 'e útbraak west hawwe soe. Hy bleau lykwols efter doe't it him de jûns fan 'e ûntsnapping net slagge en helle it roaster fan it fentilaasjekanaal yn syn sel, dat er fêstlime hie om it te plak te hâlden. Hy holp de FBI letter by it ûndersyk.

It ynsidint mei de bile yn it wurkplak, wêrby't de âldere finzene Doc himsels de fingers fan 'e lofterhân ôfhout, wie basearre op in echt foarfal út 1937, doe't it de finzenen fan Alcatraz oplein wie om 24 oeren deis te swijen. Finzene Rufe Persful rekke dêrtroch sa geastlik yn 'e knipe, dat er himsels mei in bile fjouwer finger ôfhoude om oerpleatst te wurden nei in psychiatrysk sikehûs dêr't er prate meie soe.

De yn 'e film nea by namme neamde finzenisdirekteur fan Alcatraz is in fiktyf personaazje. De film rint fan Morris syn oankomst op it eilân yn jannewaris 1960 oant de ûntsnapping yn juny 1962, en de finzenisdirekteur bliuwt dat hiele skoft deselde. Yn it echt wie Paul J. Madigan finzenisdirekteur doe't Morris op Alcatraz arrivearre, mar dyselde waard yn 1961 opfolge troch Olin G. Blackwell. Yn 'e film neamd de direkteur twa fan syn foargongers by namme: James A. Johnston (1934-1948) en, foutyf, Olin G. Blackwell (1961-1963). Dy lêste wie direkteur doe't Morris en de bruorren Anglin op 11 juny 1962 útbrieken, mar oars as de finzenisdirekteur yn 'e film wie Blackwell op dat stuit net op it eilân, mar fierde er fakânsje by de Berryessamar yn 'e Napadelling fan Kalifornje.

Utbeitele fentilaasjekanaal yn in sel yn Alcatraz.

Fan 'e filmkritisy krige Escape from Alcatraz oer it algemien tige positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 31/2 fan 4 stjerren. Hy skreau: "Escape from Alcatraz is in strak en taai portret fan it libben yn in finzenis. It is ek in masterlik stikje ferhalefertellen, wêrby't de personaazjes net folle sizze en de kamera de aksje ferklearret." It tydskrift Variety wie ek tige loovjend en neamde Escape from Alcatraz "ien fan 'e bêste finzenisfilms dy't ea makke is."

Yn 'e Chicago Tribune parte Gene Siskel de film 3 fan 4 stjerren ta. Hy neamde him "hiel fermaaklik en goed makke", mar hie in probleem mei de "te flugge ein dy't ús oer it mad komt". Vincent Canby fan The New York Times neamde Escape from Alcatraz "in earsteklas aksjefilm". Hy hie benammen lof foar Clint Eastwood yn 'e haadrol: "Eastwood ferfollet de easken fan 'e rol en de film sa't nei alle gedachten gjin oare akteur dat kinne soe. Is it aktearjen? Ik wit it net, mar hy tuorret boppe alles yn it lânskip út."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Escape from Alcatraz in tige heech goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 27 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] brûkt de spande klaustrofoby fan syn beruchte setting op briljante wize, en datselde jildt foar de legindaryske graniten wisberettens fan syn haadrolspiler." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Escape from Alcatraz in goedkarringspersintaazje fan 76%, basearre op 9 resinsjes.

Escape from Alcatraz brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $43 miljoen op. Wat de opbringst yn oare lannen en territoaria wie, is ûnbekend. Mar as men de ynkomsten út Noard-Amearika ôfset tsjin it budget fan $8 miljoen betsjut dat allinne al in winst fan $35 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Escape from Alcatraz yn 'e Feriene Steaten de op 14 nei meast opbringende film fan 1979.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.