Springe nei ynhâld

FIFA

Ut Wikipedy
Fédération Internationale de Football Association
Ynternasjonale fuotbalfederaasje
algemiene ynformaasje
ôfkoarting FIFA
sport Fuotbal
regio Wrâldwiid
haadkantoor   Switserlân Zürich
foarsitter flagge fan Switserlân   Gianni Infantino
sekretaris-generaal flagge fan Senegal Fatma Samoura
oprjochte 1904
tal leden 211 nasjonale fuotbalbûnen
6 konfederaasjes
olympysk komitee IOC
de konfederaasjes fan de FIFA
de konfederaasjes fan de FIFA
offisjele webside
fifa.com
Temaside  Sport

De FIFA, folút de Fédération Internationale de Football Association (Ynternasjonale fuotbalfederaasje), in in ynternasjonale organisaasje foar it fuotbal. De FIFA organisearret en beheart grutte ynternasjonale fuotbaltoernoaien, wêrûnder it Wrâldkampioenskip fuotbal (manlju en froulju) en it Wrâldkampioenskip fuotbal foar klups.

Namme Nasjonaliteit Amtsperioade Opm.
Robert Guérin Frânsk 1904-1906
Daniel Burley Woolfall Ingelsk 1906-1918 Yn 1918 hommels ferstoarn
Carl Hirschman Nederlânsk 1918-1921 Ynterim foarsitter
Jules Rimet Frânsk 1921-1954
Rodolphe William Seeldrayers Belgysk 1954-1955 Yn 1955 hommels ferstoarn
Arthur Drewry Ingelsk 1955-1961 Yn 1961 hommels ferstoarn
Ernst Thommen Switsersk 1961 Ynterim foarsitter
Sir Stanley Rous Ingelsk 1961-1974
João Havelange Brazyljaansk 1974-1998
Sepp Blatter Switsersk 1998-2015 Yn desimber 2015 foar acht jier út 't amt set fanwegen korrupsje.
Issa Hayatou Kameroensk 2015-2016 Ynterim foarsitter
Gianni Infantino Switsersk 2016-hjoed de dei

Vice-foarsitters

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De foarsitters fan de 6 konfideraasjes binne ek de vice-foarsitters fan de FIFA. Alinne de UEFA leverert trije vice-foarsitters.

AFC
Aazje
UEFA
Jeropa
CAF
Afrika
CONCACAF
Noard-Amearika
CONMEBOL
Súd-Amearika
OFC
Oseaanje
Salman Bin Ibrahim Al-Khalifa
flagge fan Bahrein
Senior
Aleksander Čeferin
flagge fan Sloveenje
Sándor Csányi
flagge fan Hongarije
David Martin
Flagge fan Noard-Ierlân, yn it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân
Patrice Motsepe
flagge fan Súd-Afrika
Victor Montagliani
flagge fan Kanada
Alejandro Domínguez
flagge fan Paraguay
Lambert Maltock
flagge fan Fanuatû

Sekretaris-generaal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Namme Nasjonaliteit Amtsperioade Opm.
Louis Muhlinghaus Belgysk 1904-1906
Carl Hirschman Nederlânsk 1906-1931
Dr. Ivo Schricker Dútsk 1932-1951
Kurt Gassmann Switsersk 1951-1960
Dr. Helmut Käser Switsersk 1961-1981
Sepp Blatter Switsersk 1981-1998
Michel Zen-Ruffinen Switsersk 1998-2002
Urs Linsi Switsersk 2002-2007
Jérôme Valcke Frânsk 2007-2015 út 't amt set fanwegen korrupsje.
Markus Kattner Dútsk 2015-2016 Ynterim sekretaris
Fatma Samoura Senegaleesk 2016–hjoed de dei

Utsein Monako, Fatikaanstêd, Mikroneezje, Kiribaty, de Marshalleilannen, Naurû, Palau en Tuvalu, dy't wol elk in nasjonale ploech hawwe, binne alle ûnôfhinklike lannen lid fan de FIFA. Dêrneist is in oantal ôfhinklike gebieten ek lid fan de organisaasje. De fjouwer lânrekken fan it Feriene Keninkryk hawwe elk in apart bûn en fungearje as in selsstannich optredend lân (Wales, Noard-Ierlân, Ingelân en Skotlân). Dat is ûnder de oansluting fan dizze fuotbalbûnen as betingst steld. Yn 2016 waarden Kosovo en Gibraltar talitten as respektyflik 210e en 211e lid fan de FIFA.

De FIFA hat seis kontinintale bûnen as lid:

  • Aazje, Asian Football Confederation, (AFC)
  • Afrika, Confédération Africaine de Football, (CAF)
  • Súd-Amearika, Confederación Sudamericana de Fútbol, (CONMEBOL)
  • Noard-Amearika, Confederation of North and Central American and Caribbean Association Football, (CONCACAF)
  • Oseaanje, Oceania Football Confederation, (OFC)
  • Jeropa, Uny fan Jeropeeske Fuotbal Assosjaasjes, (UEFA)

Nei jierrenlange geroften fan korrupsje en fraude binnen de organisaasje waarden op 27 maaie 2015 meardere FIFA-bestjoerders oppakt op fertinking fan omkeaping, ôfparsing en it wytwaskjen fan jild. Ek waard der troch de Switserske plysje in ynfal op it haadkantoar fan de organisaasje dien en waarden der dokuminten meinaam. Yn 2015 trede fjouwer dagen nei syn werferkiezing Sepp Blatter as FIFA-foarsitter. As reden joech er dat it foar him net fielde dat er fan de hiele fuotbalwrâld de stipe hie om fierder te gean. Op 21 desimber fan dat jier skorste de tuchtkeamer fan de etyske kommisje fan de FIFA Sepp Blatter en Michel Platini foar acht jier fanwegen oertrêding fan de etyske koade. Blatter krigge boppedat noch in jildboete fan 50.000 Switserske frank en Platini moast 80.000 Switserske frank betelje. Beiden waarden útsletten fan alle fuotbal relatearre aktiviteiten op nasjonaal en ynternasjonaal nivo.