Springe nei ynhâld

Feale miggesnapper

Ut Wikipedy
feale miggesnapper
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje miggesnappers (Muscicapidae)
skaai feale miggesnappers (Muscicapa)
soarte
Muscicapa striata
Pallas, 1764
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     wintergast
     trochtrekker

De feale miggesnapper (Muscicapa striata) is in sjongfûgel út de famylje fan de miggesnappers (Muscicapidae). It is de ienige út it skaai fan de Muscicapa dy't yn Europa foarkomt. Yn oktober ferdwine se nei it suden. Feale miggesnappers wurde sa'n 13,5 oant 15 sm grut. Se komme foar by bosken, yn parken en tunen. It mantsje en it wyfke ferskille net yn uterlik.

Typearjend gedrach

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De feale miggesnapper sit opfallend rjochtop en lûkt dêrby skrikeftich mei flerken en sturt. As se op ynsekten út binne sykje se meast in takke dy't goed sicht jouwt op it jachtterrein en helje se de bút mei flugge linige útfallen binnen.

Feale miggesnappers meitsje harren nêst meast yn in beamholte, mar ek wol ûnder dakrânen en yn iepen nêstkastkes. Se lizze 3-4 bûnte aaikes dy't yn 12 oant 14 dagen útbred wurde. De jongen fleane binnen 2 wike út.

De feale miggesnapper is fan boppe ljochtbrún en ûnder ljocht glânzjend gielich-wyt, mei lichte streekjes op it boarst.