Haachske Skoalle
Appearance
De Haachske Skoalle is de namme fan in groep keunstners dy't libben en wurken yn De Haach tusken likernôch 1860 en 1890. Harren wurk waard tige beynfloede troch de realistyske skilders fan de Frânske Barbizon skoalle. De skilders fan de Haachske Skoalle makken meast gebrûk fan betreklik sombere kleuren, faken wat dizich opbrocht. Dêrom wurdt der ek wol ferwiisd nei de Haachske Skoalle mei de 'Grize Skoalle'.
By de keunstners dy't fan de Haachske Skoalle beynfloede binne hearre Vincent van Gogh, Piet Mondriaan, George Hendrik Breitner, Jan Toorop en Isaac Israëls en yn Fryslân Ids Wiersma.
Fertsjintwurdigers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hague School fan Wikimedia Commons. |