Hendrik Wouda
Appearance
Hendrik Wouda (Ljouwert, 10 maaie 1885 - Wassenaar, 25 oktober 1946) wie in Nederlânsk arsjitekt en meubelûntwerper.
Woude ûntwurp meubels ornearre foar massaproduksje, ferljochting en ynterieurs foar wenten, skippen, kantoaren en útstallingen. Syn earste bekende opdracht wie it ûntwerpen fan it ynterieur fan filla 'Sevensteyn' (1920–21) yn it park Zorgvliet te De Haach, boud troch W. M. Dudok. It waard in relatyf ienfâldich ynterieur mei lykwicht yn romtlike effekten en in praktyske romteferdieling.
Wouda wurke ek alline as arsjitekt. Ut syn ûntwerpen foar filla 'De Luifel' (1924) yn Wassenaar en filla Kessler of 'Slingerduin' (1929) yn Velsen docht de ynfloed fan Frank Lloyd Wright bliken.
-
Gogelweg 20, De Haach
-
Gogelweg 20, De Haach
-
Filla 'De Luifel', Wassenaar
-
Filla 'De Luifel', Wassenaar
-
Stoel
(Pander, 1924) -
Tafel (1924)
-
Wendingen, 1928
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Feiling Wouda-meubels
- Foto fan filla De Luifel
- Foto's fan filla Slingerduin
- Lizzing en ynformaasje oer Filla Slingerduin by it Nederlânsk Archeologysk Ynstitút
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hendrik Wouda fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|