Hermerik
Hermerik (ferstoarn 441) wie in Suëvyske kening yn it begjin fan de 5e iuw.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer it eardere libben en komôf fan de Suëvyske kening Hermerik is neat fan bekend. Nei alle gedachten wie der hikke en tein yn Germaanje, yn it part fan Sintraal-Jeropa dat nea diel útmakke hat fan it Romeinske ryk. It is troch de Spaanske biskop Hydatius, in tiidgenoat, dat wy mear fan him witte. De kronykskriuwer is min oer him te sprekken en beskriuwt Hermerik as in heidense fijân fan it Romeinske ryk dy't syn hiele libben oan it fjochtsjen wie.
Under lieding fan Hermerik ferlitte de Suëven ein 406 Germaanje (Dútslân) en loeke troch Galje (Frankryk) om harren yn Spanje te wenjen setten. It Romeinske ryk is op dat stuit net mânsk genôch om de Suëven tsjin te hâlden en te passifisearen. Troch ûnderhannelings oer en wer krije sy de status fan bûnsmaten (foederaty) tawiisd.
Hermerik hat him nea folle oanloeken fan it Romeinsk bewâld en sa gau er de kâns krige stifte hy syn eigen ûnôfhinklike keninkryk yn Galysje. Fan dêrút makket hy it de Romeinen goed lêstich troch oanhâldend it omlizzende gebiet te brânskatten en te plonderjen.
Fan twa fan syn bern binne de nammen oerlevere, Rekjar, syn âldste soan en opfolger, en Risimer oerbefelhawwer fan it Westromeinske leger. In dochter fan him wie trout mei de Boergondyske kening Gundiok.
Histoarisy oer Hermanerik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch histoarisy - sawol eartiids as tsjintwurdich - wurdt net ienstimmich oer Hermanrik tocht. Ek binne skriftlike boarnen net altyd tarikkend om him goed te tsjutten. Dêr't Theodore Mommsen leaut dat de Suëven foederaty wienen en Ernst Stein dêrby oanslút mei syn opmerking dat er tinkt dat sy in oerkomst hienen mei de Romeinske userpator Maksimus wêrby sy yn it westen heal Spanje tawiisd krigen, ûntbrekt lykwols primêr bewiis foar dizze alliânsje tusken Suëven en Rome. [1] Yn 411 (neffens Ludwig Schmidt) of 417 (neffens Felix Dahn), slute Hermerik in ferdrach mei de Romeinske keizer Honorius, mar hjirfoar is mar ien foarfal bekend dy't dêr op wiisd, nammentlik de opdieling fan Spanje tusken de barbaarske folken.[1] It easten fan de provinsje Galysje mei Braga(Bracara Augusta) as wichtichste plak kaam yn Suëvyske hannen, wylst it westen fan de provinsje nei it folkrike Hasdingen gie.[1]
Tusken 416 en 418, fierden de Fisigoaten ûnder Wallia yn opdracht fan de Romeinen kriich tsjin Hermerik. [1] Yn 419, neidat tusken Hermerik en de Fandalenkening Gunderik in strideraasje ûntstean wie, foelen de Fandalen de Suëven oan en waard Hermerik it Nervasyske Berchtme yn ferdreaun, foardat de Romeinske generaal Asterius tuskenbeide kaam en de Fandalen weromloeke koenen [2] Sûnt dy tiid, útsein it stuit dat de Fandalen Iberia ferlitte foar Afrika, bleau Hermerik freedsum, mar yn 430 set er wer plondertochten op tou yn Galysje. [2]
Yn 431 gong in Galysjer mei de namme Hydatius nei de Romeinske oerbefelhawwer Flavius Aëtius om help te freegjen tsjin de Suëven. Aëtius wachte mei it stjoeren fan troepen oant 432 doe't Censorius mei in leger arriveare. Neffens de kronynk fan Hydatius Kroniken of behelle de Galisyske plebs yn de bettere ferdigjenbere fersterkingen in oerwinning op Hermerik en syn kriichslju, dêr't in protte slachtoffers by foelen en finzenen nomd waard, dy't de Suëven der ta twongen de Galisyske famyljes dy't sy finzen nomd hienen frij te litten. (430).[3]
Yn 435, "on episcopal intervention", mooglik Hydatius', slute Hermerik freede mei de Galysjers.[4] Yn dat selde jier ûnderhannele Hermerik fia de katolike biskop Symphosius mei de Romeinske keizer.[4] Yn 437, Censorius hâlde in twadde ekspedysje tsjin Hermerik. Hy waard derby beselskippe troch Fretimund.
Nei sân jierren fan sykte waard Hermerik yn 438 twongen him werom te loeken as kening en opfolge troch syn soan Rechila.[2] It ferhaal neffens Isidoar, dat Hermerik, Rechila nei Baetica sent om Andevotus te ferslaan, Romanae militiae dux, is wierskynlik in optinksel.[5]
Yn 429, ferskine ynienen in Suëvyske lieder op toaniel mei de namme Heremigarius dy't opereare yn Lusitania. It soe wêze kind hawwe dat hy in skoft it liederskip dielde mei Hermerik, mar der ûntbrekt primêr boarne materiaal om dat te befêstigje.[6]
Fuotnoat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- ↑ 1,0 1,1 1,2 1,3 Thompson, 153–154.
- ↑ 2,0 2,1 2,2 Thompson, 165.
- ↑ Thompson, 178.
- ↑ 4,0 4,1 Thompson, 179 and 301n94.
- ↑ Thompson, 120.
- ↑ Thompson, 166.
Boarnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Thompson, E. A. Romans and Barbarians: The Decline of the Western Empire. Madison: University of Wisconsin Press, 1982.
- Kulikowski, Michael. "The Career of the 'Comes Hispaniarum' Asterius." Phoenix, Vol. 54, No. 1/2. (Spring–Summer, 2000), siden 123–141.