Hidde Maas
Appearance
Jan Hidde Maas (Groenekan, 29 july 1944) is in Nederlânsk akteur.
Maas makke syn telefyzjedebút yn De Arme Dieven (1966). Op it wite doek spile hy yn films as Moord in extase (1984), Wildschut (1985), Amsterdamned (1988) en The Delivery (1999). Yn de jierren '80 hie hy in haadrol yn de searje Spijkerhoek, wêryn Maas Gerard Verlinden spile. Yn 2003 en 2004 spile hy de rol fan Arthur van Walsum yn de soap Onderweg naar morgen. Yn 2005 spile hy Klompsma yn de Kameleon 2 en yn 2006 wie hy 'Chef' Stans H. Snipper yn de rige De Club van Sinterklaas. In fergelykbere rol hie hy yn febrewaris 2007 yn de film Ernst, Bobbie en de geslepen Onix.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De arme dieven (Telefyzjefilm, 1966) - Rekrút Teddy
- Kaas (Telefyzjefilm, 1968) - Bartherotten
- Amsterdam 700 (Mini-rige, 1975) - Gielis Persijn
- Sil de Strandjutter (Mini-rige, 1976) - Jelle Droeviger
- Voorbij, voorbij (Telefyzjefilm, 1979) - Arie
- Laat de dokter maar schuiven (1980) - Taksysjauffeur
- Nestwarmte (Telefyzjefilm, 1981) - Rol ûnbekend
- Briefgeheim Telefyzjerige - De vader van Eva van Zuijlen(1983)
- Moord in extase (1984) - Beweitser
- Wildschut (1985) - Jim
- Kanaal 13 Telefyzjesearje - Platenbaas (1982-1985)
- Auf Achse Telefyzjesearje - Jan Lammers (Oflevering Thai-Teak, 1986)
- De ratelrat (1987) - Luitenant Sudema
- Amsterdamned (1988) - Martin Ruysdael
- Force majeure (1989) - De abbekaat
- Medisch Centrum West (1989) - Koos Schapers / Adriaan Schapers
- La Donna è mobile (1990) - Rol ûnbekend
- 12 steden, 13 ongelukken Telefyzjerige - Levien (Ofl., Bruinisse, 1993)
- Spijkerhoek (1989-1993) - Gerard Verlinden (1989-1993)
- De Gouden Swipe (Telefyzjefilm, 1995) - as dokter Fryhof
- Coverstory Telefyzjerige - Boer Dijkstra (Episoade 2.8, 1995)
- The Way to Dusty Death (Telefyzjefilm, 1995) - Tom Hagen
- Night Watch (Telefyzjefilm, 1995) - Miles Van Dehn
- Tasten in het duister (Telefyzjefilm, 1996) - Peter Olaf
- The Little Riders (Telefyzjefilm, 1996) - Dr. Van Renesse
- No More Control (1996) - Rol ûnbekend
- The Delivery (1999) - Gerard
- De Fûke (2000) - Boargemaster
- Il prezzo (2000) - Edgar
- Baantjer Telefyzjerige - Det. Tuinstra (Ofl., De Cock en de zaak Vledder, 2000)
- Westenwind Televisieserie - Rudi Groeneveld (Oflevering ûnbekend, 2000)
- Onderweg naar morgen Telefyzjerige - Arthur van Walsum (Ofl. ûnbekend, 2003-2004)
- Kameleon 2 (2005) - Klompsma
- De Club van Sinterklaas (2006) - Stans H. Snipper
- Ernst, Bobbie en de geslepen Onix (2007) - as Menear Onix
- Overspel (VARA, 2011) - Louis Karelse (ôfl. 1+2)