Hitoshi Kodama
Hitoshi Kodama | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | 児玉仁士, Kodama Hitoshi | |
nasjonaliteit | Japansk | |
berne | 26 novimber 1931 | |
stoarn | 8 febrewaris 2021 | |
etnisiteit | Japansk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | taalkundige | |
aktyf as | wurdboekskriuwer | |
reden bekendheid |
skriuwer 1e Frysk- Japanske wurdboek |
Hitoshi Kodama (Japansk: 児玉仁士, Kodama Hitoshi; 26 novimber 1931 – 8 febrewaris 2021) wie in Japansk taalkundige en heechlearaar, dy't it earste Frysk-Japanske wurdboek skreau.
Kodama en it Frysk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kodama kaam foar it earst mei it Frysk yn oanrekking doe't er yn 'e 1950-er jierren yn Ingelân it Midingelsk bestudearre oan 'e Universiteit fan Cambridge. Dêr ûntdiek er it nau mei de histoaryske stadia fan it Ingelsk besibbe Aldfrysk. Oer dy wei kaam Kodama yn 'e kunde mei it moderne Frysk sa't dat yn Westerlauwersk Fryslân sprutsen wurdt.
Fan 'e 1990-er jierren ôf kaam de heechlearaar hast tsien jier lang eltse simmer yn Ljouwert om by de Fryske Akademy oan it earste oersetwurdboek Frysk-Japansk te wurkjen. Hy foltôge it wurdboek yn 2001, doe't er ûnderwilens al mei pinsjoen gien wie. It waard yn 2004 publisearre, telt 1.100 bledsiden en befettet likernôch 22.500 Frysk wurden mei harren betsjutting yn it Japansk.
Hitoshi Kodama ferstoar begjin febrewaris 2021 oan nierfalen. Hy waard 89 jier.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|