Hludana-stien
De Hludana-stien is in monumintale fotyfynskripsje dy't op 15 augustus 1888 by ôfgravings fan in terp yn it Fryske doarp Bitgum fûn is. Oan de Latynske tekst is te sjen dat de ynskripsje datearret út it begjin fan de jiertelling. De Stien is wijd oan de goadinne Hludana.
De ynskripsje dêrop giet sa: (oerset út it Latyn): ‘Oan de goadin Hludana ha de pachters fan de fiskerij, doe’t Quintus Valerius Secundus haadpachter wie, harren ûnthjit betelle, frijwillich en neffens fertsjinst.’
De goadinne Hludana
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hludana wie net allinnich in wichtige goadinne foar de Frisii, mar ek yn gebieten by de rivier de Ryn lâns, bygelyks by Kalkar, Xanten, en ek by oare folken. By de Ryn lâns binne noch fjouwer fan sokke ûnthjitstiennen fûn. It oprjochtsjen fan sokke stiennen stammet út de Romeinske tiid, yn dy tiid waard dat fenomeen, sij it yn in oare foarm, yntrodusearre yn Frsyslân. De stiennen waarden net wijd oan de Romeinske goaden, mar oan de eigen goaden, wêrûnder Hludana dus. Dizze stien is de ienige ûnthjitstien dy't ea yn Fryslân fûn is.
It wêzen fan de goadinne is net dúdlik: De Bitgumer stien leit in ferbân mei it fiskjen, wat Hludana in wettergoadinne meitsje soe. Der liket lykwols in sibskip te wêzen mei de Aldnoarske goadinne Hlodyn, in frou fan Weda. Yn oare ferhalen hjit deselde frou lykwols "Jord", oftewol "Ierde". Dat soe bestjutte dat hja in ierdgoadinne is. Mar Hlodyn wie ek de mem fan de god Tonger. De rol fan mem fan de tonger soe mear dy fan in loft-goadinne wêze, en yn dit ferbân is der wol op wiisd dat de namme besibbe wêze koe oan dy fan Holda, de waar-goadinne.
It belang fan de ynskripsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It witten oer de Romeinen yn Fryslân is foar in part basearre op de archeologyske fynsten en it wurk fan klassike Grykske en Latynske auteurs. Skriftlike boarnen út it gebiet sels, lykas dizze stien, binne tige seldsum. Wat der is – bygelyks ek it ferneamde taffeltsje fan Tolsum –, wiist derop dat de Friezen boeren wiene. Hja betellen de Romeinen belesting yn de foarm fan oksehûden. Hoe’t de ferhâlding tusken de Romeinen en de Friezen wie, is noch hieltiten net helder, mar it skriuwplankje fan Tolsum en de Hludana-stien binne wol bewizen fan ynfloeden fan de Romeinen yn de Fryske gebieten.
It ûnderwerp is opnommen yn de Kanon fan Fryslân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |