Idar-Oberstein
Idar-Oberstein | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Bad Kreuznach | |
Stedsyndieling | 13 stedsdielen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 28.423 (2021) | |
Oerflak | 91,58 km² | |
Befolkingsticht. | 310 ynw./km² | |
Hichte | 272 m. | |
Oar | ||
Postkoade | 55743 | |
Koördinaten | 49° 43' N 7° 18' E | |
Offisjele webside | ||
Webstee | ||
Kaart | ||
Idar-Oberstein is in stêd yn de lânkring Birkenfeld yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De hjoeddeiske ferbânsfrije stêd ûntstie nei de weryndielings fan de jierren 1933, 1969 und 1970.
Idar-Oberstein is wat ynwennertal oanbelanget it grutste plak fan de lânkring en hat in sintrumfunksje foar de omkriten. Sûnt 2016 hat de stêd de namme Nationalparkstadt Idar-Oberstein oannommen. Alhoewol't de stêd gjin ûnderdiel foarmet fan it oangrinzgjende Nasjonaal Park Hunsrück-Hochwald, hat Idar-Oberstein him mei oan gemeenten dy't oan it park lizze wol ferplichte om it nasjonale park te ûnderstypjen en de ynfrastruktuer oan te bieden.
Stedsyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under de kearnstêd (ûntstien troch de gearfoeging fan de weryndieling yn 1933) falle de eardere plakken Algenrodt, Idar, Tiefenstein en Oberstein. De nije stedsdielen waarden mei de weryndieling fan 1969/1970 tafoege.
|
|
(Ynwennertal fan 30 juny 2020)[1]
Ealstiennen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Idar-Oberstein stiet bekend om syn ealstiensliperijen. Al yn de 14e iuw waard der agaat en ametist fûn. Yn dy tiid wie ametist ien fan de fiif belangrykste ealstienen, sadat der al gau in fonkelstienyndustry ûnstie. Neffens guon skiedkundigen geane dy aktiviteiten werom op de Romeinske tiid. De Nahe soarge foar wetterkrêft en sa wie der genôch grûnstof en enerzjy foar de sliperijen.
Doe't yn de 18e iuw de minen útbrûkt wiene, rekke de yndustry yn ferfal. By tafal fûnen Dútske immigranten in heale iuw letter yn Brazylje grutte foarrieden agaat en ametist en oan it begjin fan de 20e iuw wie de yndustry yn Idar-Oberstein grutter as ea.
Yn de winkelstrjitte binne in pear winkels dêr't ealstiennen ferkocht wurde. Ek de ealstiengongen fan de Steinkaulenberg, it Edelsteinmuseum en it Heimatmuseum binne foar leafhawwers fan ealstiennen in besite wurdich.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boppe de hûzen fan it stedsdiel Oberstein stiet yn de rotsen weidrukt de Felsenkirche. De tsjerke waard yn de jierren 1482-1484 boud en is allinne troch in tunnel te berikken. Yn de tsjerke stiet in midsiuwsk fleugelalter út 1400. Dêrnjonken besit de tsjerke in oargel efter in histoaryske oargelkas fan Stumm. Fierder besit de tsjerke in epitaaf foar de ridder Filips II fan Daun-Oberstein († 1432) en in rige 17e en 18e-iuwske Apostelskilderijen.
It kastiel fan de hearen fan Daun-Oberstein waard yn 1330 foar it earst neamd. De 15e iuw wie de rykste tiid foar it kastiel, mar yn 1855 baarnde it hielendal ôf. Nei 1980 waard it kastiel wer foar in part werboud troch de Burgenverein Schloss Oberstein.
Fan it yn 1150 boude kastiel Bosselstein binne tsjintwurdich allinne noch in toer en in pear muorredielen bewarre bleaun. It kastiel waard oant 1600 bewenne troch de hearen fan Stein en rekke dêrnei yn it neigean.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Deutsches Edelsteinmuseum
- Deutsches Mineralienmuseum
- Edelsteinminen Steinkaulenberg
Wintersport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Westlik fan Idar-Oberstein leit de Erbeskopf, it heechste punt fan Rynlân-Palts. By genôch snie binne dêr twa skypistes en in rodelbaan iepen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Idar-Oberstein.
|