Springe nei ynhâld

Isaac M. Laddon

Ut Wikipedy
Isaac M. Laddon
persoanlike bysûnderheden
echte namme Isaac Machlin Laddon
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 25 desimber 1894
berteplak Garfield (Nij-Jersey)
stoarn 14 jannewaris 1976
stjerplak San Diego
wurkpaad
berop/amt Yngenieur, fleantúchûntwerper
bekendste
  wurk(en)
Untwerp PBY Catalina en B-24 Liberator

Isaac Machlin Laddon (Garfield, 25 desimber 1894 - San Diego, 14 jannewaris 1976) wie in Amerikaansk loftfeartyngenieur en ûntwerper.

Hy studearre oan de McGill-universiteit yn Montreal fan 1915 ôf. Dêrnei gie er yn 1917 nei de U.S. Air Service Experimental and Engineering Test Center op fleanfjild McCook, Ohio. Noch gjin twa jier letter waard er dêr haadûntwerper foar alle grutte fleanmasines. Hy brocht tal fan patinten yn de fleantúchyndustry op syn namme.

Hy waard yn 1927 haadyngenieur by Consolidated Aircraft Company. Ta syn ûntwerpen hearre de Admiral Flying Boat út 1928, de earste yn in rige fan ferneamde Consolidated fleanboaten dy't late ta de tige wurdearre PBY Catalina dêr't 3.282 fan makke waarden.[1] Teffens ûntwurp er de B-24 Liberator, de langst produsearre bommesmiter yn de Twadde Wrâldoarloch en meast boude fleanmasine fan alle typen ea. Hy wie ek ferantwurdlik foar it ûntwerpen fan de streamline Convair-airliners dy't troch loftfeartmaatskippijen yn de hiele wrâld brûkt waarden.[2][3]

Hy stoar yn San Diego yn de âldens fan 81 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.century-of-flight.net/Aviation%20history/coming%20of%20age/flying%20boats/Consolidated%20PBY-5%20Catalina.htm
  2. http://www.allstar.fiu.edu/aero/laddon.htm
  3. http://aerofiles.com/_conso.html