Jehanna fan de Toer
Jehanna fan Ingelân | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
Jehanna fan de Toer (1350) | ||
nasjonaliteit | Ingelsk Skotsk | |
bertedatum | 5 july 1321 | |
berteplak | Toer fan Londen (Ingelân) | |
stjerdatum | 7 septimber 1362 | |
stjerplak | Kastiel fan Hertford (Ingelân) | |
dynasty | Hûs Plantagenêt | |
etnisiteit | Ingelsk Aragoneesk Flaamsk Frânsk Hongaarsk Leöneesk Normandysk Oksitaansk Savoaisk Skotsk Spaansk | |
keninginne-gemalinne fan Skotlân | ||
amtsperioade | 1329 – 1362 |
Jehanna fan de Toer (Ingelsk: Joan of the Tower; eins: Jehanna fan Ingelân; Toer fan Londen, 5 july 1321 – Kastiel fan Hertford, 7 septimber 1362) wie in Ingelske prinsesse, dy't troch har houlik mei de Skotske kening David II fan 1329 oant 1362 keninginne fan Skotlân wie. Har bynamme 'Jehanna fan 'e Toer' hie hja te tankjen oan it feit dat hja berne wie yn 'e Toer fan Londen.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jehanna waard yn 1321 yn 'e Toer fan Londen berne as de dochter fan kening Edwert II fan Ingelân en dy syn frou Isabella fan Frankryk. Hja hie twa bruorren, de lettere Edwert III fan Ingelân en Jan fan Eltham, greve fan Cornwall, en ien suster, Eleönoara fan Woodstock. Under de betingsten fan it Ferdrach fan Edinburch-Northampton (1328), dat in ein makke oan 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, waard Jehanna by wize fan besegeling fan 'e frede al tige jong úthylke oan 'e kroanprins fan Skotlân, de lettere kening David II. It houlik waard yn Berwick-upon-Tweed sletten op 17 july 1328, doe't Jehanna sân jier en David fjouwer jier âld wie. Hoewol't harren houlik 34 jier duorje soe, bleau it sûnder bern en ek, sa liket it, sûnder leafde.
Yn Frankryk en Skotlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't op 7 juny 1329 David syn heit, Robert I fan Skotlân, kaam te ferstjerren, waarden David en Jehanna kening en keninginne fan Skotlân. De kroaning fûn plak op 24 novimber 1331 plak, yn Scone, dêr't fan âlds alle Skotske keningen kroane waarden. Yn 1332 briek der in nije oarloch tusken Ingelân en Skotlân út, de Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch. Nei't de Ingelsen yn july 1333 in grutte oerwinning behelle hiene yn 'e Slach by Halidon Hill, waard ornearre dat it te gefaarlik foar it minderjierrige keningspear wie om yn Skotlân te bliuwen, en sadwaande waard de Skotske keninklike hofhâlding yn ballingskip stjoerd nei Frankryk, dêr't de Skotten in bûnsgenoatskip, de Auld Alliance, mei ûnderholden. David en Jehanna kamen op 14 maaie 1334 yn Boulogne-sur-Mer oan en waarden dêr ûnthelle troch de Frânske kening Filips VI, dat in neef fan Jehanna har mem wie. Oer de tiid dy't it Skotske keningspear yn Frankryk ferbleau, is suver neat bekend, útsein dat Filips VI harren it Kastiel fan Gaillard, yn Normandje, joech om har yn nei wenjen te setten, en dat se dêr sadwaande in grut part fan 'e tiid trochbrocht hawwe sille.
Doe't geandewei de 1330-er jierren de Ingelsen út Skotlân weromdreaun waarden, besleat men op 't lêst dat it feiligernôch foar it keningspear wie om wer op hûs oan. Sadwaande reizgen David en Jehanna doe werom nei Skotlân, dêr't se op 2 juny 1341 te Inverbervie yn Kincardineshire oankamen. David, dy't dat jiers santjin jier wie, naam doe it regear oer Skotlân yn eigen hân (dat wie oant dy tiid troch reginten berêden). Yn 'e folgjende jierren joech persoanlik er lieding oan ferskate militêre aksjes, en sa koe it dat er nei de Skotske nederlach yn 'e Slach by Neville's Cross, op 17 oktober 1346, troch de Ingelsen kriichsfinzen nommen waard. Neitiid waard David alve jier lang yn Ingelân finzen holden. Jehanna sette har yn dy tiid wer yn har heitelân nei wenjen, dêr't har broer Edwert III har ferskate kearen tastie om har man yn syn finzenskip te besykjen. Uteinlik kaam David wer frij yn 1357, ûnder de betingsten fan 'e Frede fan Berwick, dy't in ein makke oan 'e Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch.
Lêste jierren en dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't har man dêrop weromkearde nei Skotlân, besleat Jehanna en bleau yn Ingelân. Se koe tige goed mei har mem, Isabella fan Frankryk, dy't se yn har lêste jierren eigenhandich fersoarge, oant se yn 1358 stoar. Sels stoar Jehanna mar fjouwer jier letter, yn 1362, op it Kastiel fan Hertford yn Ingelân, yn 'e âlderdom fan 41 jier. Hja waard begroeven yn 'e Christ Church Greyfriars te Londen, dêr't tsjintwurdich lykwols neat fan har tombe mear oerbleaun is.
Foarâlden fan Jehanna fan de Toer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, op dizze side.
|
- Ingelske adel
- Skotske adel
- Gemaal fan in kening fan Skotlân
- Hûs Plantagenêt
- Hûs Bruce
- Lid fan it Ingelske keningshûs
- Ingelsk persoan fan Aragoneesk komôf
- Ingelsk persoan fan Flaamsk komôf
- Ingelsk persoan fan Frânsk komôf
- Ingelsk persoan fan Hongaarsk komôf
- Ingelsk persoan fan Normandysk komôf
- Ingelsk persoan fan Oksitaansk komôf
- Ingelsk persoan fan Skotsk komôf
- Ingelsk persoan fan Spaansk komôf
- Skotsk persoan fan Aragoneesk komôf
- Skotsk persoan fan Flaamsk komôf
- Skotsk persoan fan Frânsk komôf
- Skotsk persoan fan Hongaarsk komôf
- Skotsk persoan fan Ingelsk komôf
- Skotsk persoan fan Normandysk komôf
- Skotsk persoan fan Oksitaansk komôf
- Skotsk persoan fan Spaansk komôf
- Persoan fan Leöneesk komôf
- Persoan fan Savoaisk komôf
- Persoan berne yn 1321
- Persoan stoarn yn 1362