Jo Daan
Jo Daan | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jo Daan | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 12 maaie 1910 | |
berteplak | Krommenie (Noard-Hollân) | |
stoarn | 11 juny 2006 | |
stjerplak | Dimter (Oerisel) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | non-fiksje (taalkunde), kollumns | |
perioade | 2e helte 20e iuw | |
bekendste wurk(en) |
Wieringer Land en Leven in de Taal | |
jierren aktyf | 1948 – 2006 | |
offisjele webside | ||
www.meertens.knaw.nl/jo_daan |
Jo Daan (Krommenie, 12 maaie 1910 – Dimter, 11 juny 2006) wie in Nederlânsk taalkundige, letterkundige, publisiste en kollumniste, dy't û.m. wichtich wurk ferrjochte op it mêd fan 'e beskriuwing fan en it ûndersyk nei de ûnderskate Westfryske dialekten. Hja ûntjoech har ta ien fan 'e bekendste Nederlânske taalkundigen fan 'e tweintichste iuw. Har omtinken foar de metoadology en ynnovaasjes op it mêd fan 'e dialektology wurde tsjintwurdich as har grutste fertsjinste beskôge.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Daan learde nei it ôfrûnjen fan 'e middelbere skoalle fierder oan 'e Universiteit fan Amsterdam, dêr't se Nederlânske taal- en letterkunde studearre. Dat wie yn in tiid dat froulju noch mar selden wat oars waarden as ferpleechster of skoaljuffer, en dat in froulike studinte oan 'e universiteit noch opsjen joech. Nei har ôfstudearjen, yn 1936, rekke se behelle yn it befolkingsûndersyk nei de taalkundige tastân yn 'e Wieringermarpolder, dy't yn 1930 krekt drûchlein wie. Sa kaam Daan yn 'e kunde mei de foaroansteande taalkundige Piet Meertens, dy't har yn 1939 oanstelde by it Dialekteburo, dat ûnder har lieding útgroeie soe ta de ôfdieling dialektology fan wat úteinlik it Meertens Ynstitút komme soe te hjitten.
Yn 1950 promovearre Daan op Wieringer Land en Leven in de Taal, in stúdzje nei it Wieringsk, it dialekt fan it eardere eilân Wieringen. Dêryn bestege se ek rûnom oandacht oan 'e skiednis en de folkskultuer fan dat gebiet. Letter die se ek ûndersyk nei û.m. it Lânwestfryske stedsdialekt fan Hoarn, it Westfrysk yn 'e bredere sin, en oerienkomsten fan en ferskillen tusken it Westfrysk, it Frysk en it Nederlânsk. Fan 1960 oant 1970 makke se fierders diel út fan 'e redaksje fan it jierboek fan it Westfries Genootschap.
Daan gie hiel fernijend te wurk. Sa sette se as earste Nederlânske taalkundige útein mei it opnimmen fan 'e taal fan dialektsprekkers op in bânrekorder, sadat de gegevens fan doe bewarre bleaun binne foar hjoeddeistige ûndersikers. Ek krige se as ien fan 'e earsten yn Nederlân omtinken foar it wurk fan 'e Amerikaan William Labov, de grûnlizzer fan 'e moderne sosjolinguïstyk. Daan publisearre ferskate boeken en skreau withoefolle artikels. Oan alle wichtige taalatlassen fan it Nederlânsk taalgebiet levere hja in bydrage. Nei har dea waard har troch guon eardere meiwurkers, lykas dialektolooch Jan Stroop, alle lof taswaaid, mar in oare eardere kollega, J.J. Voskuil, sketste yn syn foar in diel autobiografyske romansyklus Het Bureau in minder flaaikjend byld fan har.
Nei't se yn 1975 mei pinsjoen gien wie, sette Daan har nei wenjen yn Barchem, yn 'e Achterhoeke. Oan har dea ta wie hja nau belutsen by de dialektology yn it algemien en it Meertens Ynstitút yn 't bysûnder. Daan stoar yn 2006, yn 'e âlderdom fan 96 jier.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- selsstannige útjeften
- 1948 – Hij Zeit Wat: Grepen uit de Amsterdanse Volkstaal
- 1950 – Wieringer Land en Leven in de Taal (proefskrift)
- 1963 – Bredero: Klucht van de Koe
- 1963 – Toelichting bij de Taalatlas (mei Piet Meertens)
- 1965 – Het Poesiealbum
- 1969 – Van Randstad tot Landrand (mei D. Blok)
- 1971 – G.A. Bredero's Kluchten
- 1985 – Onze Veranderende Taal (mei Kas Deprez, Roeland van Hout en Jan Stroop)
- 1987 – Ik Was te Bissie: Nederlanders en Hun Taal in de Verenigde Staten
- 1988 – De Taal van Aafje Gijsen als Bron van het Achttiende-eeuws
- 1990 – Urk: Het Dialect van Urk (red.)
- 1990 – Urk: Woordenlijst van Urk (red.)
- 2000 – Geschiedenis van de Dialectgeografie in het Nederlandse Taalgebied, Rondom Kloeke en het Dialectenbureau
- artikels en kollems
foar in folsleine list mei al Jo Daan har artikels en kollems, sjoch op dizze side
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |