Johannes Stinstra
Johannes Stinstra (Harns, 10 augustus 1708 - dêre, 8 jannewaris 1790) wie in dopersk teolooch en learaar.
Hy studearre tusken 1726 en ± 1733 oan 'e Universiteit fan Frjentsjer teology, filosofy en easterske letteren. Werom yn Harns wijde er him oan de wittenskip. Neidat de tsjerkerie him frege foar in tal preken waard er yn 1735 dûmny.
Stinstra tsjinne de tsjerklike gemeente Harns fyftich jier. Hy betanke - like beskieden as geleard - foar beroppen nei Amsterdam en Haarlim en foar in learstoel oan it menisteseminaarje yn Amsterdam. Syn liberale begjinsel blykt net allinnich út De Nature en Gesteldheid van Christus Koninkrijk (1741), Vier en twintig leerredenen (1746) en Waarschuwing tegen Geestdrijverij (1750) mar ek út Request en Deductie fan 1740 nammers de sosjéteit fan doperske gemeenten yn Fryslân.
Wytze Jeens Brouwer en Pieke Tjommes wienen doe nammentlik troch de Steaten tydlik út it amt set fanwegen sosinianisme. De frijmoedige toan fan it Request en Deductie en benammen De Nature en Gesteldheid van Christus Koninkrijk makken dat de grifformearde klassis yn Frjentsjer en de Synoade fan Boalsert der by de Steaten op oanstienen om Stinstra te skorsen. Dy fregen advys oan de Nederlânske teologyske fakulteiten en ferbeaen - doe't hast alle fakulteiten ketterijen yn it wurk ûntdekten - Stinstra it iepenbiere preekjen (13 jannewaris 1742)
Syn fersyk en petysjes fan de gemeente en sosjéteit koenen de steaten net bewege. Yn 1757 krige er pas syn preekfrijheid werom. Hy wie it gemeentewurk dwaan bleaun en hie studearre. Syn Harlinger Vraagenboek (1751) is oant fier nei 1800 yn meniste gemeenten brûkt. Stinstra korrespondearre mei Ingelske wiisgearen en teologen en sette ûnder oare wurk oer fan S. Richardson (Clarissa, 8 dielen) en Charles Grandison, 7 dielen). Syn opfetting fan it kristendom as reedlik seedlik systeem en syn rasjonele tinken hawwe grutte ynfloed hân op de menisten en hawwe it modernisme taret.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|