John Bonham
John Bonham | ||
sjonger en/of muzikant | ||
John Bonham yn 1975 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | John Henry Bonham | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 31 maaie 1948 | |
berteplak | Redditch | |
stoarn | 25 septimber 1980 | |
stjerplak | Clewer | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | Hardrock, Rock, Blues | |
ynstrumint | Drums | |
grutste hit(s) | Stairway to Heaven, Whole Lotta Love | |
jierren aktyf | 1964 - 1980 |
John Henry Bonham (Redditch Worcestershire, 31 maaie 1948 - Clewer Berkshire, 25 septimber 1980) wie in Ingelsk drummer. Hy waard bekend as de drummer fan Led Zeppelin. Bonham waard postúm mei syn mei-bandleden fan Led Zeppelin yn 1995 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame. John Bonham is de heit van drummer Jason Bonham.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]John Bonham krige, doe't er tsien jier âld wie, fan syn mem in lytse trommel. Op syn 15e krige er fan syn heit syn earste drumstel. Nei't er skoalle ferlitten hie, begûn er yn 1964 yn syn earste band mei Terry Web and The Spiders. Ek drumde hy foar inkelde oare lokale bands. Doe't er letter besleat fulltime drummer te wurden, sleat er him oan by in band mei de namme A Way of Life, mar dy band hold al gau op en Bonham waard dêrnei drummer by de bluesband, Crawling King Snakes mei ûnder oare sjonger Robert Plant. Yn 1967 waard er frege werom te kommen yn it op 'e nij oprjochte A Way of Life. Yn de perioade by de band dy't dêrop folge bleau hy kontakt hâlden mei Robert Plant. Doe't Plant de band Band of Joy oprjochte, wie John Bonham dan ek de earste kar. Dy band hold it lykwols ek net lang út.
Led Zeppelin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't Jimmy Page in nije band begjinne woe nei it útinoar fallen fan The Yardbirds kaam hy fia Terry Reid telâne by Robert Plant dy't dêrnei Bonham oan Page foarstelde as drummer. Mei de komst fan Bonham yn 1968 einige de syktocht fan Jimmy Page nei in drummer foar syn nije band; The New Yardbirds, wêrfan't de namme letter feroare yn Led Zeppelin. Mei Led Zeppelin hat Bonham acht studioalbums útbrocht.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bonham waard berne yn Redditch, Worcestershire, Grut Brittanje as de âldste yn in gesin fan trije. Syn broer Mick Bonham wie diskjockey en syn suske Deborah Bonham is sjongeres. Bonham wie boaske mei Pat Phillips en it pear krige twa bêrn. John Bonham ferstoar op 25 septimber 1980 nei't er ien liter wodka dronken hie, en doe't er dêrnei syn eigen spui ynazeme hie, late dat ta in longoedeem. Trije moanne nei it ferstjerren fan Bonham makken de trije oerbleaune bandleden fan Led Zeppelin bekend op te hâlden mei de band.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Band | Single(s) |
---|---|---|---|
Led Zeppelin | 12 jannewaris 1969 | Led Zeppelin | Good Times Bad Times |
Led Zeppelin II | 22 oktober 1969 | Whole Lotta Love | |
Led Zeppelin III | 5 oktober 1970 | Immigrant Song | |
Sûnder titel Led Zeppelin IV |
8 novimber 1971 | Black Dog, Rock and Roll | |
Houses of the Holy | 28 maart 1973 | Over the Hills and Far Away, D'yer Mak'er" | |
Physical Graffiti | 24 febrewaris 1975 | Trampled Under Foot | |
Presence | 31 maart 1976 | Candy Store Rock | |
In Through the Out Door | 15 augustus 1979 | Fool in the Rain |