Springe nei ynhâld

John Tootoosis

Ut Wikipedy
John Tootoosis
persoanlike bysûnderheden
echte namme John Tootoosis
nasjonaliteit Kanadeesk
berne 18 july 1899
berteplak Cut Knife (Saskatchewan)
stoarn 1 febrewaris 1989
stjerplak Cut Knife (Saskatchewan)
etnisiteit Kry
Stony
wurkpaad
berop/amt politikus
aktyf as aktivist foar Yndiaanske rjochten
jierren aktyf 19461989

John Tootoosis (Cut Knife (Saskatchewan), 18 july 1899 – dêre, 1 febrewaris 1989) wie in Kanadeesk aktivist, politikus en bestjoerder fan etnysk Yndiaansk komôf.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tootoosis waard yn 1899 berne yn it Poundmaker Reservaat 114 yn Cut Knife, yn 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan. Hy wie fan mingd etnysk komôf, mei't er sawol bloed fan 'e Kry (Cree) as fan 'e Stony (Stoney) hie. Hy wie de pakesizzer fan Giele Moddertekken, de broer fan it legindaryske Kry-opperhaad Bizonfâlemakker.

John Tootoosis wie tige begien mei it lot fan syn folk, en sadwaande ûntjoech er him al ier yn syn libben ta polityk aktivist, wêrby't er opkaam foar de rjochten fan 'e lânseigen befolking fan Kanada. Doe't yn 1946 de Uny fan Saskatchewaanske Yndianen (USI) oprjochte waard, tsjinne Tootoosis as earste foarsitter fan dy organisaasje. Letter beklaaide er ek oare funksjes yn it bestjoer.

Yn 1959, doe't de Uny reorganisearre waard ta de Federaasje fan Yndiaanske Naasjes yn Saskatchewan (FSIN), waard Tootoosis ek dêrfan de earste foarsitter. Yn 1970 waard er beneamd yn 'e nijfoarme senaat fan 'e FSIN, en neitiid tsjinne er njoggentjin jier lang as senator.

Tootoosis kaam yn 1989 te ferstjerren yn it Poundmaker Reservaat 114, yn 'e âlderdom fan 89 jier. Hy hie fjirtjin soannen en dochters, wêrûnder de akteur Gordon Tootoosis (1941-2011).

  • Sluman, Norman, en Goodwill, Jean Cuthand, John Tootoosis: Biography of a Cree Leader, Ottawa, 1982 (Golden Dog Press).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.