Springe nei ynhâld

Kaliningrad

Ut Wikipedy
Kaliningrad
Königsberg
Part fan de âlde stêd
Part fan de âlde stêd
Bestjoer
Lân Ruslân
Oblast Kaliningrad
Sifers
Ynwennertal 431.500 (2010)
Oerflak 215,7 km²
Befolkingsticht. 2.000 / km²
Hichte 4,8 m
Oar
Stifting 1255
Tiidsône USZ1 (UTC+03:00)
Offisjele webside
(ru) Offisjeel webstee
Lizzing fan Kaliningrad yn de oblast Kaliningrad
Lizzing fan it oblast Kaliningrad
Slot fan Keningsbergen yn 1895

Kaliningrad (Калининград; oant 1946 Keningsbergen; Dútsk: Königsberg; Litousk: Karaliaučius; Poalsk: Królewiec) is in stêd yn Ruslân en de haadstêd fan de oblast (provinsje) Kaliningrad. Der wenje likernôch 420.000 minsken (2008). Nei de ein fan de Sovjet-Uny yn 1991 bleau it in eksklave tusken Poalen en Litouwen oan de Eastsee. Kaliningrad leit yn en wie de haadstêd fan de histoaryske regio East-Prusen en hearde oant 1945 by Dútslân. De stêd leit oan de Eastsee oan de mûning fan de rivier de Pregolja (Pregel) en hat in wichtige ekonomyske seehaven en in ferkearsmulpunt fan spoar- en snelwegen. Der is in soad yndystry, lykas metaal, masinebou en lichtere yndustry. De stêd hat boppedat in universiteit, museums, teater, ballet en in bistetún. De stêd is neamd nei Michail Kalinin.

Keningsbergen waard yn jannewaris 1255 stifte as in boarch fan ridders fan de Dútske Oarder op it plak fan it Aldprusyske doarpke Twangste. Earst wie't in boarch fan hout, mar waard yn 1257 al ferfongen troch in stiennen boarch. De boarch waard neamd nei kening Ottokar II fan Bohemen, dy in bûnsgenoat fan de Oarder wie. Yn de jierren dy foalgen festigen Dútske koloanisten dy't harren mingden mei de oarspronklike Prusyske befolking. De Prusen namen earst de Nederdútske en nei de Reformaasje de Heechdútske taal oer. It Aldprusysk, dat in Baltyske taal besibbe oan it Litousk en Letsk is, ferdwûn sa stadich oan oant it yn de santjinde iuw hielendal ferdwûn wie.
De stêd krige yn 1286 stedsrjochten en de eigen stedsmuorren beheinen de groei fan de stêd, mar yn de ommelannen ûntstiene lykwols al rillegau nije doarpen. Yn 1300 krige ek it njonkenlizzende Löbenicht stedsrjochten. Beide stêden wiene ûnôfhinklik faninoar, mar yn de praktyk foarmen hja ien stêd en de namme Keningsbergen waard foar beide plakken brûkt. Yn 1327 krige in tredde plak, Kneiphof, ek stedsrjochten, dat no wie der te sprekken fan in trijelingstêd, mei trije riedhûzen en trije boargemasters. Dy nuvere tastân soe oant 1724 bestean bliuwe. Yn 1368 sluet de stêd him by it Hânzeferbûn oan en yn 1457 waard it de sit fan de Dútske Oarder en de residinsje fan de grutmaster, nei't it eardere sit, Marienburg, ferlern gie oan Poalen.
Nei de sekularisearring fan de Dútske Oarder yn de begjintiid fan de Reformaasje waard de stêd yn 1525 de sit fan it Hartochdom Prusen. Hartoch Albrecht fan Brandenburch-Ansbach stifte yn 1544 de universiteit, dy't Collegium Albertinum of just gewoan Albertina hiet, neamd nei de hartoch. Yn 1724 waarden de trije stêden dy't Keningsbergen foarmen en in stikmannich doarpen deromhinne ta ien bestjoerlike ienheid ferienige. De ferneamde filosoof Immanuel Kant (1724-1804), berne yn Keningsbergen en dy't syn gânse libben de stêd amper út kaam, waard heechlearaar oan de Albertina-universiteit. Hy leit begroeven yn in mausoleum njonken de Dom fan Keningsbergen, mar dy is lykwols yn de Twadde Wrâldkriich leechrôve.
Yn 1772 waard West-Prusen fan Poalen anneksearre troch kening Freark de Grutte fan Prusen en East-Prusen mei Keningsbergen foarme no in oaniensletten gebiet mei de rest fan Dútslân.
Yn de njoggentjinde iuw woeks Keningsbergen en waard in wichtich sintrum yn it easten fan it Dútske Keizerryk. Yn 1813 wie Keninsbergen mei 50.000 ynwenners de twadgrutte stêd yn it Dútske gebiet. Allinnich Berlyn mei 170.000 hie mear ynwenners. Yn 1864 telde it 100.000 ynwenners, mar in stikmannich oare stêden hiene Keningsbergen al ynhelle. Nei útwreiding hie de stêd yn 1910 246.000 ynwenners. Nei de Earste Wrâldkriich ferlear Dútslân stikken lân oan de nije republyk Poalen, wêrûnder it grutste part fan West-Prusen. East-Prusen mei Keningsbergen bleau Dútsk, mar wie troch de Poalske Korridor ôfskaat fan de rest fan Dútslân. Nettsjinsteande de fijannige hâlding fan de Poalske oerheid dy't besocht de enklave fierder te isolearjen mei de hope it letter te anneksearjen, waard de ekonomy yn Prusen troch subsydzjes út Berlyn stipe. Men woe foarkomme dat de ekonomy ynstoarte soe en dat boargers fuortgean soene. Troch flechtelingen dy't út de ferlerne gebieten ferfoeren woeks it ynwennertal yn 1925 ta 287.000. Yn 1933 waard de stêd útwreide mei buorgemeenten en woeks it ynwennertal ta 372.000.
Dochs hie de krisis fan 1929 mear ynfloed op de ekonomy yn East-Prusen as yn de rest fan Dútslân. Dêrom waard Hitler syn Nazypartij al rillegau populêr en waard de provinsje ien fan de earste nazy-bolwurken. Yn Keninsbergen bleau lykwols noch wol in skoft in liberaal klimaat.
Under de Twadde Wrâldkriich festige Hitler syn militêre haadketier de Wolfsschanze by Rastenburg, justjes besuden Keningsbergen. De stêd lei fier genôch ôf om net troch alliëarde bommesmiters rekke te wurden, mar yn augustus 1944 waard de binnenstêd swier troffen troch Britsk-Amerikaanske bommesmiters. Hitler rôp de stêd yn de lêste oarlochsmoannen út ta festingstêd, dy't foar eltse priis ferdigene wurde moat. Alle 370.000 ynwenneres bleaune tsjin harren sin yn de stêd, om't flechtsjen ferbean wie en op oertrêding stie de deastraf.

De ein fan Keningsbergen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Russen waarden troch de nazy's as wrede bisten ôfskildere, in byld dat in soad minsken noch hiene oan de ynfal yn 1914 fan doe noch tsaristyske Russyske legers. En de measte Dútsers wisten dat it Dútske leger en benammen de SS-kommando's ek tige wreed om ta gien mei de Russyske befolking tidens de Dútske ynfal yn de Sovjet-Uny, dus hja hiene al noed dat der wraak naam wurde soe. Nei de trageedzje fan Nemmersdorf, in doarp dat hielendal útmoarde is troch it Reade Leger en letter wer troch de Dútsers werovere wie, waard dúdlik dat it Reade Leger út wie op alhiele wraak. De nazy's brûkten dit dan ek as propaganda dat de Russen hoe dan ek tsjinholden wurde moasten. De measte boargers flechten dochs yn de lêste wintermoannen fan 1944/'45, doe't de nazy's harren grip op de befolking ferlearen, yn westlike rjochting of nei de havenstêd Pillau, dêr't in soad minsken troch de Dútske marine ferfierd waren oer de Eastsee. Nettsjinsteande kamen in soad flechtelingen om it libben troch Russyske fleantúchoanfallen of strange froast. Ek op de Eastsee waarden rêdingsboaten troch Russyske dûkboaten besketten. Op 6 april 1945 setten de Russen de lêste oanfal op de stêd yn, doe't op 9 april de oerjefte folge. Der wiene doe noch 150.000 minsken yn de stêd. Fan dit diel kaam yn 1945-1947 sa'n 130.000 minsken om it libben troch honger, syktes en Russyske wraakaksjes. It noardlike part fan East-Prusen mei Keningsbergen waard troch de Sovjet-Uny anneksearre. De oerbliuwende Dútske befolking waard nei de oarloch ferdreaun nei it hjoeddeiske Dútslân. De lêsten ferfoeren op in stikmannich nei yn de fyftiger jierren fan de tweintichste iuw.

Stedhûs fan Kaliningrad
Hûs fan de Sowjets
Grize betonnen flats foar Fischdorf oer
Kristus-Ferlosserkatedraal
Fischdorf mei fjoertoer Königsberg

Yn 1946 waard de stêd omneamd ta Kaliningrad, nei Michail Ivanovytsj Kalinin, de presidint fan de Sovjet-Uny en goede freon fan Joazef Stalin. Hy wie doe kreklyn festoarn. Hy hie lykwols neat mei de stêd te krijen en der wiene al twa stêden nei him neamd. Nei de ferdriuwing fan de Dútsers waard de stêd en de omkriten werbefolke mei benammen Russen en wat lytsere groepen fan Wytrussen en Oekraïners.
De stêd waard al rillegau weropboud, nei Sovjetrussysk model. Men woe sa min mooglik oerhâlde fan wat Dútsk/Prusysk wie. De âlde Dútske strjittepatroan waard loslitten en de hast folsleine ferwoaste binnenstêd waard foar in part werboud mei grutte grize betonnen fletgebouwen. Resten fan histoaryske bebouwing moasten oprêden wurde, bygelyks dy fan it keninklik-Prusyske stedsboarch Slot fan Keningsbergen yn 1968. Yn de bûtenwiken is mear foaroarlochske bou besparre bleaun. De katedraal mocht as ruïne stean bliuwe as warskôgingssymboal, en it grêf fan Immanuel Kant, dat tsjin de bûtenmuorre boud is. Hy wie nammers as filosoof in ynspiraasje foar lju lykas Karl Marx en Friedrich Engels. In opfallend gebou is it Hûs fan de Sovjets, in grut griis en ûnsjoch betonblok, dat njonken it plak dêr't de âlde stedsboarch, wêromhinne de histoaryske stêd groeid is, stie. Dat gebou hat yn Kaliningrad de bynamme De Meunster krigen.
De stêd waard foar de Sovjet-Uny fan strategysk militêr belang, benammen fan de marine, dy't in marinehaven yn Baltiejsk (it eardere Pillau) hie. Om't de enklave in militêr-strategysk gebiet wie, waard it ommelân fertuteaze. De ôfwettering fan de lânbou, dat net mear ûnderholden waard, feroare it lânbougebiet dat fan oarsprong leech en sompich lân wie, wer yn sompich lân. Lytse doarpen waarden ôfbrutsen of as ruïne efterlitten. De grutste plakken holden in lykwichtich befolkingsnivo, dochs net sa as foar de kriich. Kaliningrad waard in sletten stêd, dêr't amper bûtelanners talitten waard.
Yn 1991 waard de stêd wer iepene en koenen ek Dútsers der wer foar it earst yn 45 jier hinne. It foar it earst wer besjen fan harren tige feroare plak fan harren jongerein smiet in emosjonele erfaring op foar in protte Dútske besikers. Fan 1993 oant en mei 2006 waard de katedraalruïne troch benammen Dútsk jild wer restaurearre. De omlizzende binnenstêd bleau foarearst noch leech. Yn 2005 waard it 750-jierrich bestean fierd. De Königstor, ien fan de âlde stedspoarten dy't bewarre bleaun is, waard restaurearre. Dêrnei is der in soad oan it stedsbyld feroare, bygelyks de bou fan de Russysk-Ortodokske Kristus-Ferlosserkatedraal. Besuden de âlde katedraal kaam Fischdorf, in nije wyk mei in Dútske namme dy't op âlde Prusyske styl boud wurdt. Hjir steane hotels en restaurants mei ek in Dútske namme. Op 13 septimber 2006 joech de Russyske presidint Wladimir Pûtin it griene ljocht foar de weropbou fan de âlde boarch.
Bysûnder is dat der sûnt 1991 in tanimmende oanwêzigens is fan 'Dútsers'. Dit binne benammen Folksdútsers, dy't yn parten fan Ruslân (Wolgagebiet), Oekraïne en Kazachstan wennen fanôf de achttjinde iuw. Nei de Dútske weriening mochten hja wer nei Dútslân komme, mar dizze Dútsers wiene wynliken Russen fan Dútsk komôf en in soad fan harren tochten net goed yn de Dútske maatskippij te pasjen, dus 'emigrearren' hja nei de oblast Kaliningrad. Hja wiene dêr mear as wolkom om't der in tekoart oan goede wurklju is. Der binne yn de stêd ferskate ferienings fan dizze Ruslândútsers en hja foarmje inkelde luterske tsjerkemienskippen.
Kaliningrad hat lykwols in probleem, lykas yn in soad oare Russyske stêden, mei korrupsje, drugshannel, prostitúsje en der is in grutte groep swervers, stjitbern en ferslaafden. De libbensferwachting is leger as yn omlizzende lannen, troch de minne miljeutastân feroarsake troch de swiere yndustry dy it gea fersmoarget. Ek ôffalwetter dat fersmoarge fia de Pregel yn de Eastsee útkomt. Mei ferskillende aksjplannen fan de oerheid fan de oblast wurdt der besocht wat oan dy problemen te dwaan mei wikseljend súkses.
Yn 2018 wie Kaliningrad ien fan de âlve spilerstêden wêze mei it Wrâldkampioenskip Fuotbal.

Namme fan de stêd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaliningrad waard neamd nei de doe kreklyn ferstoarne politikus Michail Kalinin, dy't hielendal gjin bining mei de stêd hie. Yn de Dútsktalige wrâld en ek derbûten wurdt de stêd noch hieltyd Königsberg neamd. Yn de stêd sels is de namme fan de stêd fannijs ek aktuëel. De boargemaster, Felix Lapin, en de gûverneur, Georgi Boos, sein ek gjin nee tsjin de nammeferoaring. Der is besletten foarearst net te feroarjen fanwege de wat de kosten mei harren meibringt. Yn de omgongstaal wurdt de ferrusifisearre foarm Kjonigsberg (Russysk: Кёнигсберг). Mar bewegings dy't de âlde Prusyske stêd weroplibje wolle, krije net folle bijfal fan de Russyske befolking. Dy is fan betinken dat de âlde stêd en de ferdreaune befolking skiednis is.

De stêd Kaliningrad bestiet sûnt 2009 út trije distrikten:

  • Moskovski (Moskouwyk)
  • Leningradski (Leningradwyk)
  • Tsentralny (Sintrum, noardwestlik fan de âlde stêd)

Twa distrikten waarden yn 2009 opheft:

  • Baltiejski (Baltyske Wyk)
  • Oktjabrski (Oktoberwyk)

Lizzing en klimaat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaliningrad is de meast westlike grutte stêd fan Ruslân en leit oan de mûning fan de rivier de Pregel, dy't yn it justjes bewesten lizzende Wislahaf útkomt. De Wislalântonge, in smel skiereilân, slút dit bekken fan de Eastsee ôf. De stêd Kaliningrad leit op 4,8 meter boppe seenivo. Op 15 november 1901 waard het Königsberger Seekanal (Seekanaal van Keningsbergen) iepene. Hjoed-de-dei ferbynt it Kaliningrader Seekanaal noch hieltyd de stêd Kaliningrad mei de stêd Baltiejsk en de Eastsee. In it noarden en westen grinzget de stêd oan it skiereilân Samlân (zemljandski Poloeostrov)
De trochsneed jiertemperatuer yn de stêd is +7,2 °C, de trochsneed gong fan de wyn is 3,2 m/sec en de trochsneed luchtfochtigens is 80%.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Dom fan Keningsbergen
Brandeburchske Poarte

Berne yn Keningsbergen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Immanuel Kant (1724-1804), wrâldferneamd filosoof en heechlearaar oan de Albertina-universiteit
  • Otto Braun (1872-1955) sosjaaldemokratysk politikus, minister-presidint van de dielsteat Prusen wilens de Weimarrepublyk, flechte yn 1933 foar de nazys

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]