Springe nei ynhâld

Karoun Demirjian

Ut Wikipedy
Karoun Demirjian
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Karoun A. Demirjian
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1982
berteplak ûnbekend (Feriene Steaten)
etnisiteit Armeensk
wurkpaad
wurksum as sjoernaliste, kommentatrise
medium skreaune parse, tillefyzje,
radio
wurksum by Washington Post, CNN
jierren aktyf 2003 – no

Karoun Demirjian (folút: Karoun A. Demirjian; yn 'e Feriene Steaten, 1982) is in Amerikaansk sjoernaliste en kommentatrise fan Armeensk etnysk komôf. Hja is as freelance-korrespondinte ferbûn oan 'e foaroansteande krante The Washington Post, en leit har yn har sjoernalistike bydragen ta op definsje, skiednis en bûtenlânske politike oangelegenheden. Demirjian is ek geregeldwei op 'e tillefyzje te sjen as kommentatrise foar de nijsstjoerders CNN USA en CNN International.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Demirjian waard yn 1982 yn 'e Feriene Steaten berne as de dochter fan etnysk Armeenske âlden. Hja sprekt floeiend Armeensk en Ingelsk, en kin har rêde yn it Russysk, Dútsk, Arabysk en Spaansk. Se groeide op yn in foarstêd fan Boston, yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts, en learde fan har muzikale âldelju sawol pianospyljen as klassike sang. As bern song se (solo) yn 'e Armeensk-otterdokse Sint-Steffentsjerke yn Watertown, dêr't har mem, Karen Demirjian, jierrenlang yn it koar song en assistint-oargeliste wie.

Demirjian folge heger ûnderwiis yn 'e stêdekloft fan Boston, dêr't se ûnder har studintetiid by de universiteitsradiostjoerders WHRB en WMFO earst as discjockey wurksum wie op it mêd fan klassike muzyk, mar al rillegau ynstee dêrfan nijsbulletêns begûn te fersoargjen. Fierders song se ferskate jierren yn 'e Harvard College opera en wie se fan dy feriening yn har lêste stúdzjejier de skathâlder. Ek droech se artikels by oan 'e universiteitskrante de Harvard Crimson. Yn 2003 studearre se cum laude ôf oan 'e prestizjeuze Universiteit fan Harvard, mei in bachelortitel yn skiednis. Neitiid learde se fierder oan 'e Fletcher School of Law and Diplomacy, dêr't se yn 2006 in mastergraad behelle yn ynternasjonale wetjouwing.

In pear moanne nei't se yn 2003 ôfstudearre wie oan 'e Universiteit fan Harvard, koe Demirjian oan 'e slach as stazjêre by it radioprogramma All Things Considered, op 'e National Public Radio (NPR). Dêr wie se efter de skermen belutsen by de produksje. Se bleau dêr trije jier, oant se syn 2006 foargoed in ein oan har stúdzje breide. Dêrnei sette se in karriêre útein as freelance-sjoernaliste, wêrby't se yn 't earstoan fral foar The Christian Science Monitor skreau.

Fan 2008 oant 2009 wie Demirjian ferbûn oan 'e Congressional Quarterly, en dêrnei wurke se in jier foar de Feriene Naasjes, dêr't se aktyf wie as mei-auteur fan rapporten oer de ynset fan fredesmachten, it ferrin fan helpoperaasjes nei natoerrampen en beoardielings fan 'e politike sitewaasje yn lannen dêr't de demokrasy noch yn ûntwikkeling wie. Yn 2010 wie se korrespondinte yn Israel, it Westjordaanlân en de Gazastripe foar it parseburo Associated Press (AP).

Nei har weromkear yn 'e Feriene Steaten waard Demirjian ferslachjouster yn it Amerikaanske Kapitoal foar de Congressional Quarterly en de Chicago Tribune, wylst se yn dyselde snuorje ek misdie, rjochtbanknijs en mienskipsberjochten fersloech foar de Chicago Tribune. As de iennichste korrespondinte yn Washington, D.C. foar de Las Vegas Sun, die se dêrnjonken behalven oer it Amerikaanske Kongres ek ferslach oer it Wite Hûs en de federale gerjochtshôven. Teffens folge se de Republikeinske partijlieder yn 'e Amerikaanske Senaat Harry Reid by twa ferkiezings.

Yn 2014 waard Demirjian foar in jier de korrespondinte yn Moskou foar de foaroansteande Amerikaanske krante The Washington Post, wylst se doe tagelyk ek as freelance-ferslachjouster aktyf wie foar de NPR. Sûnt 2015 is se as freelance-sjoernaliste yn 'e Feriene Steaten ferbûn oan The Washington Post, mei as spesjalisaasjes definsje, skiednis en bûtenlânske polityk. Teffens is gauris op 'e tillefyzje te sjen as polityk kommentatrise foar de nijsstjoerders CNN USA en CNN International.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.