Springe nei ynhâld

Kearnwapen

Ut Wikipedy
Karakteristike poddestoelwolk nei de eksploasje fan in atoombom
Model fan de bom "Little Boy" dy't op Hiroshima smiten is
Model fan de bom "Fat Man" dy't op Nagasaky smiten is

In kearnwapen (ek wol kearnbom, atoombom of atoomwapen) is in type wapen dat gebrûk makket fan de enerzjy dy't opslein is yn de kearnen fan atomen om in ûntploffing te feroarsaakjen. Konvinsjonele eksplosiven ûntploffe troch gemyske reaksjes, wêrby't de atoomkearnen net feroarje.

Hoewol't alle kearnwapens basearre binne op it yn koarte tiid feroarsaakjen fan kearnreaksjes, kin in tal soarten ûnderskieden wurde.

Der wurdt ferskil makke tusken bommen dy't gebrûk meitsje fan kearnsplitting yn in keatlingreaksje (U-bom en Pu-bom) en bommen dy't gebrûk meitsje fan kearnfúzje (H-bom, de Wetterstofbom). Foar beide typen kinne ferskate eleminten brûkt wurde.

Underskieden wurdt in strategysk kearnwapen en in taktysk kearnwapen. Strategyske kearnwapens binne makke om by it doel brocht te wurden mei in ynterkontinintale raket (fanút in strategyske raket-ûnderseeboat, út in raketsilo of in mobile ynstallaasje op it lân of in bommesmiter. Taktyske kearnwapens kinne brûkt wurde yn in bom (sa as djiptebom), raket (sa as krúsraket), artillery, lânmyn, of torpedo.

Jannewaris 2009 hienen acht steaten yn totaal rom 23.300 kearnwapens.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. International Institut for Fredsondersögelser. Stockholm, Sverige. (Sweden)