Springe nei ynhâld

Krústsjerke (Pilsum)

Ut Wikipedy
Krústsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Nedersaksen
plak Pilsum
adres Zur Kreuzkirche 5
26736 Krummhörn
koördinaten 53° 28' N 7° 3' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Ev.-Griff. Tsjerke yn Dútslân
patroanhillige Stefanus
Arsjitektuer
boustyl romanogotyk
Webside
www.reformiert.de
Kaart
Krústsjerke (East-Fryslân)
Krústsjerke

De Krústsjerke (Dútsk: Pilsumer Kreuzkirche) yn it Eastfryske doarp Pilsum is in protestantske tsjerke. De tsjerke op in warft waard yn ferskillende fazes boud en wie oarspronklik oan 'e hillige Stefanus wijd. It gebou is in monumint fan nasjonaal belang.

Ut archeologysk ûndersyk yn 1980 die bliken dat foar de hjoeddeiske tsjerke op it plak in houten tsjerke stien hat. Yn 1240 waard dy houten tsjerke ferfongen troch de bou fan it hjoeddeiske skip. Yn 'e twadde helte fan 'e 13e iuw folge de bou fan it dwersskip en it koer, dat noch hielendal yn oarspronklike steat is. De krusingstoer waard nei alle gedachten om 1300 hinne foltôge. De tsjerke hie lykwols al yn 'e midsiuwen mei fersakkings te krijgen, sadat de klokken nei in nije, frijsteande klokketoer eastlik fan 'e tsjerke ferhûzen. De tsjerke waard tusken 1976 oant 1994 restaurearre.

Lykas in soad Fryske tsjerken is ek de Pilsumer doarpstsjerke in romanogoatysk bouwurk. Opfallend oan 'e tsjerke yn it Fryske kultuergebiet is de swiere toer op 'e krusing. Doarpstsjerken mei in krúsfoarmige plattegrûn komme faker foar, lykas yn Reepsholt yn it easten, yn Bunde yn it suden en yn Holwierde oan 'e oare kant fan 'e Iemsdelta yn 'e provinsje Grinslân.

It âldste diel fan 'e tsjerke is it yn 1240 boude skip. Oarspronklik hie de tsjerke oan 'e noardlike en súdlike kant fan it gebou in tagong, dy't tichtmitsele en ferfongen waarden troch in westlik portaal. De muorren fan it skip binne lykas by de Eilsumer ferdield yn twa rigen blinne nissen. Yn 'e rin fan 'e tiid binne de romaanske finsters fergrutte sadat it patroan fan 'e bline nissen dêr hjoed-de-dei ûnderbrutsen wurdt. De eardere hagioskoop yn 'e súdlike muorre waard ek tichtmitsele en is allinne noch oan in smelle nis werom te kennen.

Apsis mei resten fan 'e beskildering.

Yn it 3e fearn fan 'e 13e iuw waard útein set mei it langer meitsjen fan 'e tsjerke nei it easten ta. Der waard in krusing mei in dwersskip en in koer mei trije apissen tafoege. De bakstiennen dy't dêr foar brûkt waarden binne likernöch 1 sm heger en wat koarter as dy fan it âldere skip. It dwersskip wurdt ferdield yn trije hast fjouwerkante traveeën, de hoekige romtes hawwe allegear krúsribferwulften. De finsters fan it dwersskip binne yn in romanogoatyske oergongsstyl, wylst de finsters fan 'e apsissen noch hielendal romaansk binne. De pylders en it ferwulft fan 'e krusing hawwe harren foarbyld yn Marienfeld yn it eastlike Múnsterlân. Foarbylden fan 'e apsissen binne yn 'e grutte romaanske tsjerken fan it Rynlân te finen, benammen yn Keulen.

Nei alle gedachten waard it dak fan 'e tsjerke yn 'e 18e iuw ferhege. Oan 'e lytsere bakstiennen is te sjen wêr't de muorren fan it skip opmitsele binne. Ek waard doe it eardere flakke plafond ferfongen troch it hjoeddeiske trôchferwulft.

De klokketoer hat twa ferdjippings en stiet súdeast fan 'e tsjerke. De toer hat in tintedak. Njonken de Krústsjerke, de warft, it tsjerkhôf en de muorre om it hôf is ek de pastorije in monumint.

Oargel.
  • By in renovaasje tusken 1976 en 1994 binne fragminten fan 'e âlde beskildering bleatlein, dy't út it begjin fan 'e 14e iuw datearje. Te sjen binne in Kristus yn in mandorla yn 'e apsis, dekorative beskilderingen oan 'e ferwulftribben en fragminten fan it Lêste Oardiel en in Marije mei Bern yn in stralekrâns.
  • De tsjerke hie oarspronklik in doksaal, wêrfan't resten by de triomfbôge opgroeven binne.
  • It brûnzen doopfont út 1469 is noch jimmeroan yn gebrûk. It bekken wurdt troch de fjouwer evangelisten droegen en is mei foarstellings fan 'e Krusiging mei Marije en Jehannes en apostels, hilligen en ingels fersierd.
  • De preekstoel waard yn 1704 boud.
  • It oargel op 'e westlike kreake waard yn 1694 troch Valentin Ulrich Grotian boud. It grutste part fan it piipwurk is noch oarspronklik. It oargel waard 1991 restaurearre en is njonken de oargels fan Arp Schnitger ien fan 'e meast wichtige oargels út dy tiid fan it Noardseekustgebiet.
  • Ta it liturgysk reau hearre twa tinnen bôleskalen, in tinnen kanne en twa bekers, wêrfan ien yn 1708 troch Arent Payn út Emden makke waard. De oare beker hat gjin datum.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Pilsumer Kreuzkirche, ferzje 1 juny 2024.