Mari El
Republyk Mari El
Респу́блика Марий Эл (Russysk) | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | dielrepublyk |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Wolga |
ekonomyske regio | Wolga-Vjatka |
haadplak | Josjkar-Ola |
grutste plak | Josjkar-Ola |
taal | Russysk, Greidemary, Heuvelmary |
Etnyske groepen | Russen 45,1% Mari 41,8%, Tataren 5,5% (Stân 2010) |
sifers | |
ynwennertal | 671.455 (2022) |
oerflak | 23.375 km² |
befolkingstichtens | 28,73 ynw./km² |
oar | |
stifting | 22 desimber 1990 |
tiidsône | UTC+3 MSK |
koördinaten | 56° 42' N 47° 52' E |
webside | mari-el.gov.ru |
Mari El (Russysk: Республика Марий Эл; Respûblika Mari El; Berchmari: Мары Эл Республик, Greidemari: Марий Эл Республик; betsjutting 'It lân fan de Mary') is in autonome republyk yn de Russyske Federaasje.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mari El leit yn it eastlike diel fan de East-Jeropeeske Flakte en noardlik fan de Wolga. De sompige Mary-leechflakte leit yn it wêsten fan de republyk. 57% fan it gebiet bestiet út bosk (taiga). It heechstepunt fan Mari El is 278 meter. Meiïnoar binne der 179 rivieren mei in lingte fan 10 km en mear. Fierder telt de republyk mear as 200 marren yn Mari El. In soad rivieren binne fan healwei novimber oant heal april tichtferzen. Grutte rivieren binne de Vetlûga yn it wêsten en de Wolga oan de súdlike grins. De hiele republyk wetteret ôf op de Wolga.
De republyk grinzget yn it noarden oan de oblast Nizjni Novgorod, yn it easten oan de oblast Kirov, yn it suden oan Tatarije en yn westen oan Tsjûvasje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gebiet dêr't de Mary wennen lei lang tusken Ruslân en it kanaat Kazan en wie in gebiet dêr't om striden waard. Yn it midden fan de 16e iuw waard it definityf by Ruslân foege. De Autonome Oblast Mari ûnstie op 4 novimber 1920, dy't op 5 desimber 1936 oergyng yn de Autonome Sosjalistyske Sovjetrepublyk Mari. De tsjintwurdige autonome republyk Mari El ûntstie op 22 desimber 1990, mar is in fuortsetting fan 'e eardere ASSR.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De belangrykste befolkingsgroepen fan Mari El binne Mary (foarhinne Tsjeremissen neamd) en Russen. De Mary prate twa nau besibbe Finsk-Oegryske talen. It Greidemary (марий йылме) of Eastlik Mary wurdt sprutsen yn it easten en is lang beskôge as de standerttaal. It westlike Heuvelmary (мары йлмы) hat minder sprekkers en waard foarhinne sjoen as in dialekt fan it Greidemary. Tsjintwurdich hawwe beide talen njonken it Russysk in offisjele status yn Mary El.
Foar de revolúsje fan 1917 hiene de Mary net in eigen distrikt yn it Russyske Keizerryk. Tsjintwurdich libje minder Mary yn Mari El as dêrbûten. De measten dêrfan wenje yn oare dielen fan de Russyske Federaasje. Russen foarmje hjoed-de-dei de grutste etnyske groep fan Mari El, dêrnei folgje de Mary en dan op grutte ôfstân de Wolgatataren.
Yn de stêden, de omkriten fan Josjkar-Ola en de doarpen yn it westen fan de republyk foarmje de Russen in mearderheid, wylst yn de lannelike gebieten de Maryske befolking yn 'e mearderheid is. Tataren wenje fral yn de grutste stêden. Fierder binne der in pear eastlike dielen fan de republyk dêr't de Tataren in mearderheid foarmje. De Krimtataren waarden yn 1944 ûnder Stalin deportearre. Doe kamen ek lytse groepen yn de Autonome Sosjalistyske Sovjetrepublyk Mari telâne. Nei't it wer wat frijer waard binne in soad Krimtataren ferhûze nei Oezbekistan, dêr't de measten hinne deportearre wiene. Yn it rajon Zvenigovo binne doarpen dêr Tsjûvasjen wenje.
Taalbelied
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it offisjele ferkear wurde Russysk en de twa farianten fan it Mari brûkt.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Russysk-otterdoksy is de grutste godstsjinst fan de republyk. Fieder binne der âldleauwigen, protestanten, moslims en oanhingers fan in lokale natoergodstsjinst fermingd mei kristlike eleminten.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De republyk is net ryk oan grûnstoffen. Helpboarnen binne turf, sân, klaai, mineraalwetter en kalkstien.
Oanwêzige yndustry wurdt foarme troch de masinebou, de metaal- en houtbewurking en foedsel, dy't fral yn de haadstêd Josjkar-Ola sitte.
Bestjoer en stêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De republyk is ûnderferdield yn 14 rajons en trije stedsdistrikten. De stedsdistrikten wurde foarme troch de haadstêd Josjkar-Ola en de stêden Kosmodemjansk en Volzjsk. Mei-inoar hat de republyk fjouwer stêden en fyftjin delsettings mei in stedsk karakter.
Grutste stêden | Russysk | Mari | Ynwenners* | Wapen | Lokaasje |
---|---|---|---|---|---|
Josjkar-Ola | Йошкар-Ола | Йошкар-Ола | 279.399 (2022) | 56° 37' N 47° 53' E | |
Volzjsk | Волжск | Юлсер-Ола | 52.703 (2021) | 55° 5'2 N 48° 21' E | |
Kosmodemjansk | Козьмодемьянск | Чыкма (Цикмӓ) | 19.970 (2021) | 56° 20' N 46° 34' E | |
Medvedevo | Медведево | Маскасола | 20.105 (2022) | gjin | 56° 37' N 47° 48' E |
Zvenigovo | Звенигово | Провой | 10.966 (2021) | 55° 58' N 48° 01' E | |
Sovetski | Советский | У Роҥго (У Ронго) | 10.273 (2021) | gjin | 56° 45' N 48° 49' E |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Mari El
|