Springe nei ynhâld

Maskat

Ut Wikipedy
Maskat
Bestjoer
Lân Oman
Gûvernemint Maskat
Sifers
Ynwennertal 769.090 (2010)
Oerflak 3,5 km²
Befolkingsticht. 212,74 km²
Stêdekloft 1.211.976 (2010)
Hichte 100 m
Oar
Tiidsône Oman standerd tiid (UTC+4)
Offisjele webside
www.omanet.om
Lizzing Maskat yn Oman

Maskat (ek Maskate of Muskat) is de haadstêd en grutste stêd fan de absolute monargy Oman. De stêd, dêr't ek it regear sit, hat seis foarstêden (wilayats) Matrah, Ruwi, Qurum en Seeb. De stêd leit oan de eastkust fan it lân oan de Golf fan Oman oan in soarte fan baai.

Al sûnt de 1e iuw wie Maskat bekend as in hannelshaven fan belang foar de hannel tusken it Westen en it Easten. It plak hat in de rin fan de tiid ûnder it bewâld stien fan ferskate lânseigen stammen, mar ek ûnder útlânske machten sa as de Perzen en de Portegezen.

Yn 1507 kamen de Portugezen, ûnder Vasco da Gama ûnderweis nei Ynje, foar it earst yn Maskat. Se besetten de stêd om sa de hannel yn de Perzyske Golf kontrolearje te kinnen. Oant likernôch 1650 koene de Portugezen de hannelspost hâlde, mar doe waarden sy ferdreaun troch de Yaruba-dynasty ûnder Sultan ibn Saif I. Fan 1650 oant 1808 wie Maskat de sit fan de sultans fan dy dynasty. Yn de 18e iuw wie it in militêre macht fan betsjutting waans ynfloed oant yn East-Afrika en Sansibar rikte. Tsjin de ein fan de 19e iuw in 4,5 meter hege muorre.

As in wichtige haven oan de Golf fan Oman, hat Muskat altyd hannelslju út it bûtenlân en migranten lutsen, lykas Perzen, de Balochs en Gujaratys. Nei it oan de macht kommen fan sultan Qaboos bin Said yn 1970, hat Maskat in grutte groei trochmakke, is nije ynfrastruktuer oanlein en is it in libbene ekonomy en in multi-etnyske maatskippij wurden.

De rotsige Westlike Al Hajar bergen behearskje it lânskip fan Muskat. De stêd leit oan de Arabyske See, oan de Golf fan Oman en de strategysk wichtige Strjitte fan Hormuz is net fier fuort. Lege gebouwen binne typysk foar it stedsbyld fan Maskat, lykas it distrikt Muttrah, mei syn haven oan de noar-east râne fan de stêd, de grutste fan it lân. De ekonomy fan Muskat wurdt behearske troch hannel, oalje en havenaktiviteiten.

Muskat wie it plak dêr't de Azyske strânspullen fan (desimber) 2010 (Asian Beach Games) har ôfspilen.

Ferkear en ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Maskat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn Maskat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: