Ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport
Ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport VWS | ||
It gebou fan it ministearje yn De Haach. | ||
algemien | ||
lân | Nederlân | |
skiednis | ||
oprjochting | 1982 | |
funksjehâlders | ||
minister | Fleur Agema | |
steatssekretaris | Vicky Maeijer (Langere en Maatskiplike Soarch) Vincent Karremans (Jongerein, Previnsje en Sport) | |
sekretaris-generaal | Siebe Riedstra | |
offisjele webside | ||
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-volksgezondheid-welzijn-en-sport |
It Nederlânske ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport, ôfkoarte ta VWS (Volksgezondheid, Welzijn en Sport), is it ministearje dat him foaral dwaande hâldt mei de folkssûnens. Dat omfettet bygelyks sikehuzen, genêsmiddels, syktekosten en hûsdokters. Fierders is it ministearje ferantwurdlik foar it previnsjebelied, de previntive sûnenssoarch, de publike sûnens en de itensfeiligens. Ek saken dy't te krijen hawwe mei it wolwêzen hearre dêrta, lykas de âlderesoarch, it jongereinbelied, it sosjaal-kultureel wurk, de ferslaafdesoarch en de maatskiplike tsjinstferliening. Dêrneist is it ministearje ferantwurdlik foar it belied wat sport oanbelanget.
Politike lieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it kabinet-Rutte III wie Hugo de Jonge (CDA) de minister. Ministers sûnder portefúlje wiene Bruno Bruins (VVD), Martin van Rijn (PvdA) en Tamara van Ark (VVD). Steatssekretaris wie Paul Blokhuis (CU).
Yn it kabinet-Rutte IV wie Conny Helder (VVD) de minister (wie Ernst Kuipers, D66). Pia Dijkstra (D66) wie minister sûnder portefúlje (wie Conny Helder, VVD). Maarten van Ooijen (CU) wie steatssekretaris.
Yn it kabinet-Schoof is Fleur Agema de minister. Vicky Maeijer is de steatssekretaris oangeande Langere en Maatskiplike Soarch en Vincent Karremans is de steatssekretaris oangeande Jongerein, Previnsje en Sport. Siebe Riedstra is de sekretaris-generaal.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ministearje ûntstie yn 1982 as it Ministearje fan Wolwêzen, Folkssûnens en Kultuer (WVC), in fuortsetting fan de ministearjes fan Kultuer, Rekreaaske en Maatskiplik Wurk (CRM) en fan Folssûnens en Miljeuskjinnens (Vomil).
Yn 1994 ferhuze it kultuerbelied nei it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip en kaam it ministearje yn syn hjoeddeistige foarm. It is hjoed-de-dei mank ei it ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid fêstige yn it Castalia-gabou yn De Haach. Oant 1998 wie it ministearje fêstige yn it gebou Hoogvoorde yn Rijswijk.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nederlânske ministearjes | ||
---|---|---|
Algemiene Saken (AZ) ·
Ministearje fan Asyl en Migraasje (A&M) ·
Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) ·
Bûtenlânske Saken (BZ) ·
Definsje (Def) ·
Ekonomyske Saken (EZ) ·
Finânsjes (Fin) ·
Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering (VRO) ·
Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (VWS) ·
Ynfrastruktuer en Wettersteat (I&W) ·
Justysje en Feiligens (J&V) ·
Klimaat en Griene Groei (KGG)
Lânbou, Fiskerij, Itenswissigens en Natuer (LVVN) ·
Sosjale Saken en Wurkgelegenheid (SZW) ·
Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW) | ||
· · |