Springe nei ynhâld

Mobile (Alabama)

Ut Wikipedy
Mobile
Emblemen
           
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Alabama
County Mobile County
Sifers
Ynwennertal 194.822 (2012)
Oerflak 413 km² (ynkl. wetter)
305 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 638,7 / km²
Stêdekloft 413.936 (2012)
Hichte 3 m
Oar
Stifting 1702
Tiidsône UTC-6
Simmertiid UTC-5
Koördinaten 30°41′40″N 88°02′35″W
Offisjele webside
www.cityofmobile.org
Kaart
De lizzing fan Mobile yn Mobile County en yn 'e steat Alabama.

Mobile (útspr.: [mo:u'bi:l], "mobiil") is in stêd yn 'e súdlike Amerikaanske steat Alabama. It leit yn it suden fan 'e steat, dêr't de rivier de Mobile útmûnet yn 'e Baai fan Mobile, in útrinder fan 'e Golf fan Meksiko. Mobile is it haadplak fan it omlizzende Mobile County, en neffens in offisjele skatting út 2012 hie it doe krapoan 195.000 ynwenners, wat it ta de op twa nei grutste stêd fan Alabama makket (nei Birmingham en Montgomery). Mei alle foarstêden derby hat Mobile as stêdekloft in befolking fan hast 415.000 minsken.

Mobile ûntlient syn namme oan 'e Mobiil-Yndianen, dy't om 'e Baai fan Mobile hinne wennen doe't it gebiet oan it begjin fan 'e achttjinde iuw troch de Frânsen kolonisearre waard. De delsetting Mobile waard yn 1702 stifte ûnder de namme Fort Louis de la Louisiane, en wie it earste haadplak fan 'e Frânske koloanje Louisiana, dy't it hiele streamgebiet fan 'e Mississippy besloech, foar't dy posysje yn 1720 oergie op Biloxi, en noch letter op New Orleans. Yn 1723, nei't der in nije fêsting fan bakstien oanlein wie, waard de namme fan 'e delsetting feroare yn Fort Condé, om Loadewyk Hindrik fan Boerbon, prins fan Condé te earjen. It behold de rest fan 'e Frânske tiid lykwols de rol fan militêr en hannelssintrum, oant it yn 1763, nei de Frânske en Yndiaanske Oarloch, mei alle oare Frânske gebieten bewesten de Mississippy oan Grut-Brittanje ôfstien waard.

It sintrum fan Mobile.

De Britten neamden de delsetting om ta Fort Charlotte, nei Sjarlotte fan Meklenboarch-Strelitz, de frou fan kening George III. De delsetting waard ûnderdiel fan 'e Britske koloanje West-Floarida makke, en om't de nije machthawwers godstsjinstfrijheid ôfkundigen ynstee fan it near te lizzen op it roomsk-katolisisme, wisten se in flink part fan 'e Frânske kolonisten safier te krijen dat se yn Mobile bleaune. Ek datearret de earste Joadske oanwêzichheid yn 'e stêd út dizze snuorje, mei't de Frânsen oare leauwensoertsjûgings as de roomske yn harren koloanjes krekt strang ferfolgen. Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch waarden West-Floarida en Mobile fierders in taflechtsoard foar Amerikaanske loyalisten.

Wylst de Britten de hannen fol hiene oan 'e rebelske Amerikaanske kolonisten, ferklearre Spanje harren yn 1779 de oarloch om it yn 1763 oan har ferlerne Floarida werom te winnen. Yn 1780 feroveren de Spanjerts Mobile troch harren oerwinning yn 'e Slach om Fort Charlotte, wêrfan't se neitiid de namme fertaalden ta Fortaleza Carlota. Yn 1883 stie Grut-Brittanje Floarida offisjeel wer ôf oan Spanje, en Mobile bleau dêrnei ûnderdiel fan Spaansk West-Floarida oant it yn 1813, yn 'e Oarloch fan 1812, ferovere waard troch de Amerikaanske generaal James Wilkinson. Dêrnei waard Mobile einlings de offisjele namme fan 'e doe 300 ynwenners tellende delsetting, dy't earst ûnderdiel waard fan it Mississippy-territoarium, en yn 1817 fan it Alabama-territoarium.

Nei't Mobile yn Amerikaanske hannen kommen wie, begûn de befolking hurd te groeien. Yn 1814 krige it offisjeel de status fan stêd, en tsjin 1822, minder as tsien jier nei de anneksaasje, wie it ynwennertal mear as ferachtfâldige ta 2.800 minsken. De krite om 'e stêd hinne waard ûntgûn en ta plantaazjelân makke, dêr't rûnom katoen ferboud waard. Mobile ûntjoech him ta in hannelsstêd, dy't tsjin 1840 oangeande katoeneksport inkeld ûnderdie foar New Orleans. Om't foar de ferbou fan katoen sa't dat doedestiden yn it Amerikaanske Suden dien waard, in ûnbidich soad slaven nedich wiene, wie Mobile ek lang it sintrum fan 'e slavehannel yn Alabama, oant de steatshaadstêd Montgomery it yn 'e 1850-er jierren foarbystribbe.

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) hearde Alabama ta de Konfederearre Steaten fan Amearika, dy't har fan 'e Feriene Steaten besochten ôf te skieden. De haven fan Mobile waard, krekt as alle Súdlike havens, blokkearre troch de Noardlike marine. Ien fan 'e bekendste seeslaggen, de Slach yn de Baai fan Mobile, yn 1865, fûn plak fuortby Mobile, en resultearre yn in Noardlike oerwinning. Koart nei't it Suden him oerjûn hie en de oarloch alsa einige wie, rekken der yn Mobile mear as 300 lju dea doe't in Noardlik legerarsenaal yn 'e haven ûntplofte. It lêste fearn fan 'e njoggentjinde iuw hie Mobile slim te lijen fan in ekonomyske depresje dy't mar net oerbetterje woe.

It Mobile Museum of Art.

Nei de iuwwiksel fûn Mobile himsels op 'e nij út as in sintrum fan 'e stielyndustry en fan skipsbou yn it Suden. Fral ûnder de Earste Wrâldoarloch en letter ûnder de Twadde Wrâldoarloch bloeiden dy sektors as nea tefoaren. Yn deselde snuorje ûntjoech Mobile him ta in folslein segregearre stêd, dêr't blanken en swarten op alle mooglike sosjale terreinen útinoar holden waarden. Nei de Twadde Wrâldoarloch ferfongen de papieryndustry en de gemyske yndustry de skipsbou as wichtichste pylders fan 'e ekonomy, en waard de rasseskieding opheft. Oars as yn 'e rest fan Alabama, dêr't it nasjonaal regear yn it fiere Washington, D.C. de pleatslike polityk twinge moast ta desegregaasje, barde dat yn Mobile foar in grut part op frijwillige basis (lykas by it pleatslik busferfier en yn 'e horeka). De rasseskieding yn 'e skoallen waard yn 1964 lykwols pas opheft nei't in rjochter dêrta opdracht jûn hie. De ekonomy fan Mobile krige yn 1969 in flinke opstopper doe't de Loftmachtbasis Brookley, deunby de stêd, tichtgie. Ek op oare terreinen rekke de pleatslike ekonomy yn it neigean; pas ein jierren tachtich klaude de stêd wer by de wâl op.

Mobile hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Romtefearttechnology,de stielyndustry, de skipsbou, detailhannel, lichte yndustry, sûnenssoarch en de tsjinstesektor yn it algemien binne de pylders dêr't de ekonomy fan Mobile op stipet. De grutste wurkjouwer yn 'e stêd is it iepenbiere skoalstelsel fan Mobile County, mei krapoan 8.000 banen. Kwa berikberheid wurdt de stêd tsjinne troch it Mobile Regional Airport, dat direkte ferbinings ûnderhâldt mei fiif ûnderskate ynternasjonale lofthavens.

Op it mêd fan heger ûnderwiis beskikt Mobile oer de iepenbiere Universiteit fan Súd-Alabama, dy't yn 1963 oprjochte is. Fierders binne der de Faulkner Universiteit, in mei de protestantske Church of Christ assosjearre universiteit yn Montgomery mei in regionale kampus yn Mobile; de baptistyske Universiteit fan Mobile, stifte yn 1961; en it roomske Spring Hill Kolleezje, dat út 1830 datearret en dat de op twa nei âldste troch jezuïten late hegeskoalle yn 'e Feriene Steaten is. It Bishop State Community College, ta einbeslút, dat stifte waard yn 1927, is in iepenbiere, mar histoarysk swarte hegeskoalle.

De Katedrale Basilyk fan 'e Unbesmodzge Untfinzenis, de sit fan it roomske aartsbisdom Mobile.

Wat toerisme en ferdivedaasje oanbelangje, is der yn 'e stêd it Mobile Museum of Art, mei in keunstkolleksje dy't foar in diel modern en foar in diel histoarysk is. Fierders binne der it Mobile Medical Museum, dat de skiednis fan 'e sûnenssoarch beljochtet, en it Histoarysk Museum fan Mobile, dat oer de pleatslike skiednis giet. En yn 'e haven fan Mobile is it Battleship Memorial Park ("Slachskipbetinkingspark") fêstige, mei útstallings oer de Koreaanske Oarloch, de Fjetnamoarloch en histoarysk oarlochsreau, mar ek mei it slachskip de USS Alabama en de ûnderseeër de USS Drum, dy't beide út 'e Twadde Wrâldoarloch datearje.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Mobile 13,7% âlder as 65 jier en 6,7% jonger as 18 jier. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 50,6% swarten; 43,9% blanken; 2,4% Latino's; 1,8% Aziaten; 0,3% Yndianen; 1,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.

It slachskip de USS Alabama yn it Battleship Memorial Park.

De pleatslike kultuer fan Mobile is in miks fan Frânske, Spaanske, Kreoalske, Afro-Amerikaanske, roomske en Súdlike Amerikaanske ynfloeden, dy't de stêd ûnderskiede fan alle oaren yn Alabama. It makket Mobile net wanlyk oan it folle gruttere en bekendere New Orleans, dat relatyf deunby oan 'e Golfkust leit. Krekt as New Orleans wurdt yn Mobile rûnom it karnaval fierd, of sa't it yn it Suden fan 'e Feriene Steaten neamd wurdt: Mardi Gras.

Mobile hat in subtropysk klimaat, mei hjitte fochtige simmers en tige mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 32,8 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 16,0 °C. Rekôrtemperatueren wiene 41 °C op 29 augustus 2000 en –18 °C op 13 febrewaris 1899. Mobile kriget jiers trochinoar 1.679,4 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 1,2 sm snie (dat wol dus sizze dat it de measte jierren hielendal net snijt).

Troch syn geografyske lokaasje oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko hat Mobile geregeldwei te lijen ûnder orkanen. De stêd rekke slim skansearre doe't yn 1979 de orkaan Frederic lyk troch de binnenstêd raasde; yn 1995 en 2004 wie der tuskenbeiden skea troch de orkanen Opal, resp. Ivan, en yn 2005 rjochte de orkaan Katrina foar miljoenen dollars skea oan. Yn desimber 2012 rekke de wyk Midtown slim skansearre troch in tornado.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.