Moluntha
Moluntha | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Moluntha of Malunthy | |
nasjonaliteit | Sjâny | |
berne | ±1692 | |
berteplak | besuden de Grutte Marren | |
stoarn | novimber 1786 | |
stjerplak | yn Ohio | |
etnisiteit | Sjâny | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan 'e Sjâny | |
jierren aktyf | ±1720 – 1786 |
Moluntha of Malunthy (yn it gebiet besuden de Grutte Marren, ±1692 – yn Ohio, novimber 1786) wie in opperhaad fan 'e Sjâny (Shawnee), in Yndiaansk folk út it gebiet fan 'e Grutte Marren fan Noard-Amearika. Hy late de Sjâny nei de dea fan Maïsstâle en wie troud mei dy syn suster Nonhelema. Hy waard fermoarde troch in Amerikaanske legerofsier.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Moluntha moat omtrint 1692 berne wêze earne yn 'e krite besuden de Grutte Marren fan Noard-Amearika, mooglik yn wat no Ohio of westlik Pennsylvania is. Oer syn jonge jierren is net folle bekend, hoewol't er al ier in opperhaad fan 'e Sjâny wurden wêze moat. Doe't er al op jierren wie, troude er mei Nonhelema, de suster fan it Sjâny-opperhaad Maïsstâle, dy't sels ek in foaroansteand liedster fan har folk wie. Moluntha wie har trêde man.
Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch focht Moluntha yn 1778 oan 'e kant fan 'e Britten tsjin 'e jonge Feriene Steaten by it Belis fan Boonesborough. Under de Noardwestlike Yndiaanske Oarloch, doe't it Amerikaanske Leger ûnder de generaals Richard Butler en George Rogers Clark de Sjâny mei ferdylging bedrige, wie Moluntha yn 1786 ien fan 'e opperhaden dy't belies joegen en mei de Amerikanen it Ferdrach fan Fort Finney sleaten.
Datselde jiers fierden Amerikaanske troepen ûnder generaal Benjamin Logan de saneamde Oerfal fan Logan út om it ferset te brekken fan it diel fan 'e Sjâny dat noch net omlyk woe. Dêrby oardere Logan syn manskippen dúdlik om alle Yndianen dy't har oerjoegen te sparjen. Under de oerfal kaam in William Lytle Moluntha tenei, dy't him daliks oerjoech, mei de ferdrachstekst yn 'e hân en in Amerikaanske flagge oer it skouder drapearre. Hy waard yn bewarring pleatst by de ofsier Hugh McGary, wêrby't Logan syn befel nochris werhelle oangeande de behanneling fan Yndianen dy't har oerjûn hiene.
McGary hie earder yn 'e oarloch lykwols in nederlaach tsjin 'e Britten en harren Yndiaanske bûnsgenoaten lit yn 'e Slach by Blue Licks, en frege Moluntha oft dy ek meifochten hie yn dat treffen. Moluntha, dy't mar breklik Ingelsk spriek, misbegriep de fraach en antwurde befêstigjend. Dêrop pake McGary in bile op en sloech it 94-jierrige opperhaad de plasse yn, dat er it bestoar. Logan ûnthefte McGary neitiid út syn funksje en klage him oan foar de kriichsried. Moluntha syn minderjierrige soan Spemica-Lawba oerlibbe de Oerfal fan Logan. De generaal naam him mei werom nei Kentucky dêr't er him sels grutbrocht. De jonge kaam úteinlik bekend te stean as Kaptein Logan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |