Pjotr Kropotkin
Pjotr Aleksejevitsj Kropotkin (Russysk: Пётр Алексеевич Кропоткин, Pjotr Aljeksjejevič Kropotkin) (Moskou, 9 desimber 1842 – Dmitrov, 8 febrewaris 1921) wie in Russysk foarst, revolúsjonêr en anargist; teoretikus fan it anargisme, geograaf en soölooch.
Kropotkin wie fan 1872 oant 1874 lid en propagandist fan de rûnte fan de 'tsjajkovisten', in revolúsjonêre beweging yn Sint-Petersburg.
Fan 1876 oant de febrewarisrevolúsje fan 1917 wie er twongen om yn it bûtenlân te wenjen. Hy wie dêr lid fan anargistyske organisaasjes. Kropotkin publisearre op it mêd fan etyk, sosjology en de skiednis fan de Frânske Revolúsje. Yn 1902 ferskynden syn memoires: 'Oantinkens fan in revolúsjonêr'.
Kropotkin konkludearre, ûnder oaren yn tsjinstelling ta Darwin, dat by bisten fan deselde soarte gjin striid om it bestean foarkomt. Help en solidariteit ûnder inoar blike essensjeel foar it behâld en de evolúsje fan eltse bistesoarte. De minske hinget der neffens Kropotkin ek nei oer om in genereuze hâlding oan te nimmen, him op te offerjen en wat foar in oar oer te hawwen. Dat soe benammen bliken dwaan yn lytse en solidêre mienskippen. Hy miende soks noch te sjen in beskate lânseigen befolkingsgroepen, dy't it feodalisme en kapitalisme net kend hienen.
Sa skreau er oer de Kommune fan Parys fan 1871, dat "in nij idee berne wie ûnder de namme fan de Paryske Kommune, in idee foarornearre de miet te wurden foar revolúsjes yn de takomst."[1] De moderne steat is neffens Kropotkin de grutste behindering foar it berikken fan in maatskippij grûnfêste op ûnbaatsuchtigens, frijheid en gelikens. It ôfbrekken fan de steat soe dêrom de iennichste wei wêze nei solidêr gedrach fan de minske, de befrijing fan it yndividu en de foarútgong fan de maatskippij.[2]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Internet-Archief Peter Kropotkin Oersjoch fan it wurk fan Peter Kropotkin yn it Nederlânsk
- Artikel mei filmbylden fan de begraffenis fan Peter Kropotkin.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Russysk geograaf
- Russysk sosjolooch
- Russysk soölooch
- Russysk ekonoom
- Russysk heechlearaar
- Russysk ûntdekkingsreizger
- Russysk filosoof
- Russysk sjoernalist
- Russysk publisist
- Russysk polityk skriuwer
- Russysk autobiograaf
- Russysk balling
- Russysk kommunist
- Russysk anargist
- Russysk revolúsjonêr
- Russyske adel
- Dissidint yn de Sovjet-Uny
- Russysk ateïst
- Persoan yn de Russyske Revolúsje
- Persoan berne yn 1842
- Persoan stoarn yn 1921