Portland (Maine)
Portland | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Maine | |
County | Cumberland County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 66.194 (2010) | |
Oerflak | 179,9 km² (ynkl. wetter) 55,2 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.199,7 / km² | |
Stêdekloft | 516.826 (2010) | |
Hichte | 19 m | |
Oar | ||
Stifting | 1633 | |
Tiidsône | UTC -5 | |
Simmertiid | UTC -4 | |
Koördinaten | 43°39′36″N 70°15′18″W | |
Offisjele webside | ||
www.portlandmaine.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Portland yn Cumberland County en de steat Maine. |
Portland is de grutste stêd yn 'e noardeastlike Amerikaanske steat Maine, en it haadplak fan it omlizzende Cumberland County. De stêd leit oan 'e kust fan Maine, op it punt dêr't de rivier de Fore útmûnet yn 'e Cascobaai. Neffens gevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 hie de stêd doe goed 66.000 ynwenners, en in skatting út 2012 lit sjen dat dat frijwol gelyk bleaun is. As de foarstêden en it heal ferstedske gebiet om Portland hinne meirekkene wurdt, komt it as stêdekloft op in folle heger ynwennerstal fan rom 516.000 út; dat is mear as in trêde part fan 'e totale befolking fan Maine. De folle gruttere stêd
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Portland waard stifte yn 1633, en krige de status fan stêd yn 1786. It hiet earst fan Casco (1633-1658), doe fan Falmouth (1658-1786), en waard yn 1786 Portland neamd, nei it Ingelske eilân Portland, foar de kust fan it greefskip Dorset. (Portland yn 'e Amerikaanske steat Oregon, oan 'e westkust, is nei Portland yn Maine ferneamd.)
Portland is yn syn skiednis troch ferskillende grutte brânen teheistere; dêrfandinne dat it helmteken op it wapen fan 'e stêd in feniks foarstelt dy't út 'e jiske werriist, en dat it biedwurd fan Portland Resurgam is (Latyn foar "Ik sil wer opstean"). Sa rekken by de Grutte Brân fan Portland, yn 1866, dy't begûn ûnder de fiering fan 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsdei, mear as 10.000 minsken dakleas.
Maine, dat oarspronklik in distrikt fan 'e steat Massachusetts wie, waard yn 1820 in selsstannige steat, mei Portland as haadstêd. Yn 1832 waard de haadstêd lykwols ferpleatst nei Augusta. Yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch fûn op 26 juny 1863 te Portland de Slach om de Haven fan Portland plak, it noardlikste militêre treffen fan 'e hiele oarloch, doe't in Súdlike ôfdieling ûnder lieding fan kaptein Charles Read it stedsje binnenfoel en besit besocht te nimmen fan 'e haven.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side. |