Springe nei ynhâld

Rjochtsaak

Ut Wikipedy
De eardere assiseseal yn it Paleis fan Justysje te Straasburch.

In rjochtsaak, pleit of proses is de behanneling fan in skeel tusken twa of mear partijen troch in rjochtbank of in gerjochtshôf. De partijen kinne dêrby sawol natuerlike persoanen wêze (d.w.s. minsken) as rjochtspersoanen (juridyske konstruksjes dy't troch minsken oandreaun wurde, lykas ferienings, stiftings, bedriuwen of de steat). Benammen yn it strafrjocht wurdt de partij dy't earne fan beskuldige wurdt, de beklage neamd, wylst de oare partij it Iepenbier Ministearje (of de iepenbier oanklager) is, fertsjintwurdige troch in ofsier fan justysje. It gehiel oan wet- en regeljouwing dat foarskriuwt hoe't rjochtsaken fierd wurde moattte en wêr't se oan foldwaan moatte, wurdt it prosesrjocht neamd.

Yn it Nederlânske rjochtssysteem docht ien rjochter of in panel fan rjochters in útspraak yn in rjochtsaak; sa'n útspraak wurdt yn it sivyl rjocht en it strafrjocht it fûnis neamd. In protte oare lannen hawwe in sjuerysysteem, wêrby't beskate priveeboargers ynlotte en oproppen wurde om plak te nimmen yn in panel fan yn 'e regel in stik as tolve persoanen. Dizze sjuery, dy't yn namme bestiet út de gelikensen fan 'e beklage, docht dan in útspraak, dy't de rjochter neitiid ornaris bekrêftiget mei in fûnis. Yn guon lannen en/of yn guon gefallen is it lykwols mooglik dat de rjochter de útspraak fan 'e sjuery njonken him delleit as dy neffens him net oerienkomt mei de wet. Soks komt lykwols mar tige selden foar.

Nei in skriftlike tarieding wêryn't de partijen offisjele dokuminten útwikselje kinne dy't betrekking hawwe op 'e rjochtsaak, folget de eigentlike rjochtsitting, wêrby't de partijen inoar moetsje yn oanwêzichheid fan 'e rjochter. Sa'n rjochtsitting fynt yn 'e rjochtseal plak. Bûten it strafrjocht is it mooglik dat der foarôfgeande oan in rjochtsitting noch in oare moeting plakfynt yn 'e foarm fan in mediation of in bemiddeling. Ek is it mooglik dat in rjochter daliks útspraak docht, sûnder dat der in rjochtsitting holden wurdt. Dat kin bygelyks aa daliks al dúdlik is dat der oan beskate formele easken foar in proses net foldien is, as der saneamde foarmflaters makke binne.

Rjochtsaken fine faak plak yn ferskate sittings. Soms docht de rjochter earst in útspraak ûnder foarbehâld om te sjen oft dy in oplossing biedt; sa kin hy of sy de partijen oarderje om mei-inoar om 'e tafel te gean en te besykjen om it skeel út te praten. Dat hjit in foarriedige foarsjenning. De definitive útspraak fynt dan plak yn in boaiemproseduere. Utspraken dy't fuortkomme út rjochtsaken hearre neitiid ta de saneamde jurispredinsje, in rjochtsboarne mei in wichtige funksje oangeande de ynterpretaasje fan wetlike termen dy't op ferskate wize útlein wurde kinne. Rjochters yn lettere rjochtsaken sille har datoangeande yn 'e jurispredinsje ferdjipje om te sjen wat harren amtsgenoaten yn eardere saken oer inselde ûnderwerp besletten hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.