Silas Soule
Silas Soule | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | Silas Stillman Soule | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 26 july 1838 | |
berteplak | Bath (Maine) | |
stoarn | 23 april 1865 | |
stjerplak | Denver (Kolorado) | |
etnisiteit | Ingelsk Frânsk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1861 – 1865 | |
yn tsjinst fan | Feriene Steaten | |
legerûnderdiel | lânmacht ● Amerikaanske Leger | |
heechste rang | kaptein (sûnt 1864) | |
befel | D Komp./1e Frijw. Kav.reg. f. Kol. | |
konflikt(en) | Grinsoarloch Amerikaanske Boargeroarloch Kolorado-oarloch | |
treffen(s) | Slach by Glorieta Pass Bloedbad fan Sand Creek |
Silas Soule (folút: Silas Stillman Soule; Bath (Maine), 26 july 1838 – Denver (Kolorado), 23 april 1865) wie in Amerikaansk abolisjonist en militêr dy't belutsen wie by de saneamde Grinsoarloch yn Kansas en dy't letter yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch en de Kolorado-oarloch focht. Under it Bloedbad fan Sand Creek, dat yn 1864 troch de territoriale milysje fan Kolorado oanrjochte waard ûnder freedsume Yndianen, wegere Soule in befel om oan 'e slachting mei te dwaan. Neitiid tsjûge er tsjin syn befelfierend ofsier, John M. Chivington en waard koarte tiid letter yn Denver fermoarde, nei't men oannimme mei út wraak foar it tsjûgenis dat er ôflein hie.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Soule waard yn 1838 berne yn Bath, yn 'e Amerikaanske steat Maine, yn in famylje fan fûleindige abolisjonisten. Hy groeide op yn Maine en letter yn Massachusetts. Yn 1854, doe't er sechstjin jier wie, joegen syn âlden har by de doe krekt oprjochte New England Emigrant Aid Company, in organisaasje dy't as doel hie om safolle mooglik abolisjonistyske kolonisten nei Kansas te stjoeren, om foar te kommen dat dat as slavehâldende steat yn 'e Amerikaanske Uny opnommen wurde soe. Yn novimber fan datselde jier setten Soule syn heit en âldere broer har as kolonisten yn 'e neite fan Lawrence nei wenjen. Soule sels kaam mei syn mem en beide susters de folgjende simmer oer.
Bleeding Kansas
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koart nei't it gesin Soule him yn Kansas nei wenjen set hie, makke Silas syn heit Amasa Soule fan syn húshâlding in halte op it Undergrûnske Spoar, de geheime organisaasje dy't ûntsnapte negerslaven út it Amerikaanske Suden nei de frijheid yn Kanada tasmokkele. Tsjin 'e tiid dat er santjin jier wie, begelate Soule sadwaande groepkes slaven nei it noarden ta. De beruchte en militante anty-slavernij-aktivist John Brown kaam gauris by de Soules oer de flier, en hy en Silas Soule rekken goed befreone. Yn 'e twadde helte fan 'e 1850-er jierren ûntstie yn Kansas, de saneamde Grinsoarloch, wêrby't abolisjonisten út it Noarden en slavehâlders út Missoury in fûleindige en bloedige striid leveren om 'e macht yn it gebiet, dat sadwaande bekend kaam te stean as Bleeding Kansas ("it Bliedende Kansas").
Soule wie oant kop en earen ta yn dat konflikt behelle, en wûn de reputaasje in fernimstich fjochter te wêzen. Yn july 1859 naam er diel oan in ferneamd huzarestikje wêrby't in groep abolisjonisten út Kansas, it saneamde Unstjerlike Tsiental, by in aksje yn St. Joseph, djip yn fijannich gebiet yn Missoury, in dokter John Doy út it tichthûs befrijden. Doy wie in Kansaanske abolisjonist dy't troch Missourianen oppakt wie wylst er in groep ûntsnapte negerslaven nei it noarden ta begelate; dêrop wied er yn Missoury berjochte foar dieverij fan oarmans eigendommen en ta in finzenisstraf fan fiif jier feroardiele. Nei't syn freon John Brown letter yn 1859 fêstset wie nei syn Oanfal op Harper's Ferry, reizge Soule nei Firginia om in nije útbraak te prebearjen, mar Brown en syn mannen hiene besletten om martelders foar de abolisjonistyske saak te wurden en wegeren har befrije te litten. Dêrop bejoech Soule him nei Boston, dêr't er gedoente hie mei ferskate foaroansteande abolisjonisten, wêrûnder de dichter Walt Whitman.
Amerikaanske Boargeroarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn maaie 1860 reizge Soule mei syn broer William en syn neef Sam Glass nei de goudfjilden fan Kolorado. Dêr ûnderhold er himsels in lyts jier as goudsiker en smidsfeint. Doe't yn april 1861 de Amerikaanske Boargeroarloch útbriek tusken it Noarden en it Suden, naam Soule tsjinst by it 1e Frijwillige Ynfanteryrezjimint fan Kolorado. Hy naam diel oan 'e Nij-Meksikokampanje tsjin 'e Konfederearre troepen út Teksas, en focht mei yn 'e Slach by Glorieta Pass, wêrby't dyselden út it Amerikaanske Súdwesten weromdreaun waarden. Soule klom op troch de rangen, en begjin novimber 1864 waard er befoardere ta kaptein mei it befel oer D Kompanjy fan it 1e Frijwillige Kavaleryrezjimint fan Kolorado, dat ûnder befel stie fan kolonel John M. Chivington.
Sand Creek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 29 novimber 1864 wie Soule oanwêzich by it Bloedbad fan Sand Creek. Dêrby oerfoel syn rezjimint op ferriedlike wize it freedsume doarp fan 'e Súdlike Sjajinnen en Súdlike Arapaho fan it opperhaad Swarte Tsjettel, dat opslein wie oan 'e Big Sandy Creek. Skattings fan eachtsjûgen oangeande it tal Yndiaanske deaden rûnen útinoar fan 70 oant 163, mar yn elts gefal gie it dêrby foar twatrêde part om froulju en bern. Dat barde allegear wylst der boppe it kamp in Amerikaanske flagge wappere as teken fan frede. Doe't hja troch Chivington oardere waard om oan te fallen, wegeren Soule en syn ûnderbefelhawwer, luitenant Joseph Kramer, lykwols om oan it befel gehoar te jaan, en joegen se de soldaten fan harren kompanjy ynstee de opdracht om te bliuwen dêr't se wiene en harren gewearen op te bergjen.
Tsjûgenis, dea en neisleep
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dizze oarlochsmisdie rôp sels yn 'e Feriene Steaten fan 'e njoggentjinde iuw grutte ferûntweardiging op, en it Amerikaanske Leger begûn in offisjeel ûndersyk nei de tadracht. Yn jannewaris 1865 tsjûge Soule dêrby tsjin Chivington, nettsjinsteande it feit dat er doe al deadsbedrigings ûntfongen hie. Op 23 april fan datselde jier waard de doe 26-jierrige Soule, dy't doe it leger ferlitten hie en as marshal yn Denver tsjinne, út in mûklaach wei deasketten. Ien fan 'e kûgels rekke him yn 'e holle, dat hy wie op slach dea. Dat wie fiif wiken nei't er troud wie mei in Hersa Coberly.
Men gie der doedestiden algemien fanút dat de moardners ynhierd wiene troch meistanners fan Chivington. In freon fan Soule, luitenant James D. Cannon, efterfolge ien fertochte, in soldaat út it 2e Frijwillige Kavaleryrezjimint fan Kolorado mei de namme Charles Squier, alhiel nei Nij-Meksiko, en brocht him werom nei Denver om berjochte te wurden. Squier ûntsnapte lykwols en waard nea wer pakt, wylst Cannon fergiftige waard. Yn 1869 waard Squier as feteraan fan 'e Boargeroarloch mei militêre eare begroeven.
Betinking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjintwurdich begjint de jierlikse betinking fan it Bloedbad fan Sand Creek op it Riverside Cemetery yn Denver, dêr't sawol Soule as luitenant Kramer begroeven lizzen. Dêr lizze fertsjintwurdigers fan 'e Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma, de Noardlike Sjajinne Stamme, de Arapaho Stamme fan it Wind River Reservaat, de National Park Service en it histoaryske genoatskip History Colorado krânsen op 'e beide grêven ear't men nei it eigentlike plak fan 'e slachting reizget om dêr in fierdere seremoanje te hâlden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaansk abolisjonist
- Amerikaansk goudsiker
- Amerikaansk ofsier
- Noardlik Amerikaansk militêr yn de Amerikaanske Boargeroarloch
- Persoan yn de Kolorado-oarloch
- Persoan yn it Wylde Westen
- Amerikaansk misdieslachtoffer
- Moardslachtoffer
- Amerikaansk persoan fan Frânsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf
- Persoan berne yn 1838
- Persoan stoarn yn 1865