Springe nei ynhâld

Sjouke Westra

Ut Wikipedy
Alvestêdetocht 1940, de winners: f.l.n.r.: Auke Adema, Sjouke Westra, Cor Jongert, Durk van der Duim en Piet Keijzer

Sjouke Westra (Warmenhuzen, 3 jannewaris 1907 - dêre, 7 april 1993) wie in Nederlânske rider. Hy wûn de 6e Alvestêdetocht op 30 jannewaris 1940. Dizze oerwinning moast hy lykwols diele mei Auke Adema, Durk van der Duim, Cor Jongert en Piet Keijzer, omdat se mei syn fiven tagelyk oer de streek kamen. De fiif riders hienen yn Dokkum ôfpraten mei-inoar finisje te sillen, in ôfspraak dy’t letter bekend bleaun as it Pakt fan Dokkum. Letter waard de mooglikheid om de winst fan de Alvestêdetocht te dielen mei oare riders ferbean. Dit hat ien kear laat ta in tocht sûnder winst. Op 14 febrewaris 1956 gienen wer fiif riders tagelyk oer de streek. Se waarden letter út de útslach skrast, hoewol’t der gjin nije winner oanwiisd waard.