Springe nei ynhâld

Stim

Ut Wikipedy
Dizze side giet oer de minsklike stim. Foar oare betsjuttings, sjoch: stim (betsjuttingsside).
In spektrogram fan 'e stim fan in minske.

De stim bestiet by de minske út it lûd dat immen makket troch by it útazemjen op in beskate wize lucht by de stimbannen lâns troch de strôte te parsen. Alle lûden dy't sa produsearre wurde, foarmje yn 'e mande mei ferskate stimleaze lûden it ferskynsel spraak. De lûdshichte of frekwinsje fan 'e stim is in yntrinsyk ûnderdiel fan it produsearjen fan spraaklûden troch de minske, wêrby't de stimbannen de wichtichste rol spylje. Oer it algemien is it sa dat manlju in swierder, of leger, stimlûd hawwe, wylst froulju en bern in heger stimlûd fuortbringe. Mei jins stim kin men prate, mar ek sjonge, laitsje, gûle, roppe, raze, ensfh. Der binne ek lûden dy't rûchwei yn itselde diel fan it lichem produsearre wurde, mar dêr't men de stim net foar brûkt, lykas flústerjen, it útsprekken fan stimleaze konsonanten en kliklûden, en fluitsjen.

It meganisme dat in stim generearret, kin opdield wurde yn trije ûnderdielen: de longen, de strôte mei de stimbannen, en de artikulators. De longen, dy't ienfâldichwei útlein de funksje fan in pomp hawwe, moatte genôch luchtdruk en luchtstreaming troch de strôte produsearje om 'e stimbannen trilje te litten. De stimbannen foarmje fibrearjende klepkes dy't de luchtstream út 'e longen yn hearbere pulsen knippe. Dy pulsen foarmje it ûnbewurke stimlûd. De spieren yn 'e strôte passe dêrby de lingte en spanning fan 'e stimbannen oan om toan en klam yn it stimlûd oan te bringen. De artikulators binne dielen fan 'e luchtwegen dy't boppe de stimbannen lizze, lykas de tonge, it ferwulft, de wangen, de lippen, ensfh. Dy filterje it lûd dat út 'e strôte komt en passe in fierdere artikulaasje ta.

Op dy wize kin de minske troch gearwurking fan 'e stimbannen en de artikulators in tige kompleks skala fan lûden fuortbringe. Sjongers brûke de stim bygelyks as in muzikaal ynstrumint. Net alle oanpassings oan it stimlûd wurde bewust dien; sa kinne sterke emoasjes, lykas lulkens, skrik of blydskip in sterke ynfloed op it stimlûd hawwe sûnder dat de sprekker dat sa bedoeld hat. By swiere ferkâldenens of by oergebrûk feroaret de stim ek. Hy wurdt dan earst leger fan toan en rouwer: dat neamt men heazens. As men jin dan net mijt, kin de stim hielendal ferdwine, hoewol't dat mar tydlik is. Lju dy't net (goed) prate kinne, wurde stom neamd. Soks betsjut lykwols yn 'e regel net dat se gjin stim hawwe, mar dat se dy net goed brûke kinne, bygelyks om't se behalven stom ek dôf binne, of om't by harren de tonge útsnien is (wat yn 'e Aldheid en de Midsiuwen noch wolris dien waard by wize fan liifstraf).

It begryp 'stim' wurdt ek yn figuerlike sin brûkt, bygelyks as men seit dat immen earne "gjin stim yn hat", d.w.s. 'net oer meibeslisse mei'. Yn it ferlingde dêrfan wurd it wurdt 'stim' ek brûkt foar in registrearre kar by dielname oan ferkiezings.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.