Synapsiden
Synapsiden | ||
In skelet fan 'e Dimetrodon grandis, yn it Smithsonian te Washington, D.C.. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
ûnderryk: | echte dieren (Metazoa) | |
(sûnder rang): | weefseldieren (Eumetazoa) | |
tuskenryk: | twasidigen (Bilateria) | |
(sûnder rang): | termdieren (Nephrozoa) | |
boppestamme: | nijmûnigen (Deuterostomata) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
tuskenstamme: | kaakdieren (Gnathostomata) | |
boppeklasse: | fjouwerpoatigen (Tetrapoda) | |
(sûnder rang): | synapsiden (Synapsida) | |
Seeley, 1895 | ||
De synapsiden (Latynske namme: Synapsida) foarmje in taksonomyske groep binnen it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de boppestamme fan 'e nijmûnigen (Deuterostomata), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata), de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata) en de boppeklasse fan 'e fjouwerpoatigen (Tetrapoda). Dizze taksonomyske groep wurdt ynformeel ek wol oantsjutten as de "sûchdiereftige reptilen", en omfiemet de sûchdieren (Mammalia) en alle oare bisten dy't nauwer oan 'e sûchdieren besibbe binne as oan oare groepen fjouwerpoatigen. De sûchdieren binne dus út 'e synapsiden fuortkommen, en foarmje hjoed de dei de iennichste oerlibjende groep synapsiden.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Synapsiden kinne maklik ûnderskaat wurde fan oare fjouwerpoatigen trochdat hja mar ien ûnderste sliepfinster hawwe, in iepening leech yn 'e plasse efter elts each, wat de groei fan in bientige râne ûnder elts fan 'e eagen feroarsake; dêrfandinne de namme Synapsida, dat Gryksk is foar "fergroeide bôge". Primitive synapsiden wurde ornaris pelykosauriërs neamd, wylst mear ûntwikkele leden fan dizze groep oantsjut wurde as terapsiden. Hoewol't se gauris "sûchdiereftige reptilen" neamd wurde, hawwe se allegear folle mear gemien mei sûchdieren as mei reptilen, dat eins soe "reptyleftige sûchdieren" in bettere beneaming wêze.
Untwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De synapsiden ûntwikkelen har sa'n 324 miljoen jier lyn, yn it lette Karboan. In sustergroep waard foarme troch de sauropsiden (Sauropsida), dêr't letter de fûgels en reptilen út fuortkamen. Yn it Perm (299-251 miljoen jier lyn) wiene de synapsiden de grutste op lân libjende wringedieren, mar se waarden swier troffen troch it massale Permysk-Triassysk Utstjerren. Neitiid wiene de archosauriërs de grutste en meast foarkommende lânwringedieren. Der wiene net in protte net-sûchdiereftige synapsiden dy't it Trias oerlibben, hoewol't guon taaie folhâlders trochsetten oant yn it Kryt. Mar om't de sûchdieren ek ta de synapsiden hearre, kin steld wurde dat de synapsiden as groep ek hjoed de dei noch sa libben as in hert binne en sûnt it Kryteftich-Paleogeen Utstjerren teffens op 'e nij de grutste lânwringedieren omfiemje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |