Springe nei ynhâld

Tút

Ut Wikipedy
Tút fan Doutzen

In tút (âlderwetsk: pat) is it mei de lippen oanreitsjen; normaal sprutsen dogge je soks mei in oare persoan.

Yn 'e westerske kultuer is in tút in útdrokking fan leafde of seksuele oanlûking; twa minsken tútsje inoar dêrby op 'e lippen, of ien persoan tutet in oar op ferskate parten fan syn of har lichem.

Tútsjen kin ek in foarm wêze fan twa kunden dy goed meiinoar kinne, bygelyks by famylje. By famylje wurdt gjin tút op 'e mûle jûn mar op 'e wang. De eksakte wize hoe soks bart leit oan de kultuer en kin dêrtroch yn oare lannen in oare betsjutting ha. Ynternasjonaal binne twa tuten normaal, ien op eltse wang. Yn Nederlân wurde meastentiids trije tuten jûn. Yn Belgje wurdt faak mar ien tút jûn.

In tút kin ek in betsjutting ha fan respekt foar in wichtige persoan, lykas as immen de ring fan in Kening of Paus tutet. As paus Johannes Paules II yn in frjemd lân syn fuotten op 'e grûn sette, tute hy earst de grûn om syn respekt foar de ierde sjen te litten.

As der by in tút gjin leafde is, is it meastentiids symboalysk. By in romantyske of seksuele tút giet it bynammen om it lichem. Sadwaande duorret in romantyske tút langer en is folle yntenser as in symboalyske tút. In hiel yntense romantyske foarm fan in tút is it tongfrijen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: