De Teen Choice Awards binne in grutte groep Amerikaanske prizen dy't sûnt 1999 ienris yn it jier útrikt wurdt foar de bêste wurken en prestaasjes op it mêd fan muzyk, film, tillefyzje, moade, sport en literatuer fan it foargeande jier. De tawizing fan 'e prizen soe bewurkmastere wurde troch in online-stimming dêr't inkeld tiners tusken de 13 en 19 jier oan meidwaan meie. Sawol dy stimming as de útrikkingsseremoanje wurde organisearre troch de tillefyzjestjoerderFOX, dy't de seremoanje ek útstjoerd. De winners krije in surfplanke (op wiere grutte) útrikt, dy't bedrukt is mei it logo fan 'e útrikkingsseremoanje fan dat jier.
Yn augustus2014 kaam troch de tweets fan ferskate winners nei bûten dat sy al in wike foar't it stimmen foarby wie op 'e hichte steld wiene fan har oerwinning. Desyllúzjonearre fans begûnen de hashtag "#TeensDontHaveAChoiceAwards" te brûken en murken einlings de disclaimer yn 'e ôftiteling fan 'e útrikkingsseremoanje op wêryn't steld waard dat de produsinten it rjocht foarbeholden om sels de winners út te kiezen. Doe begûnen se har ôf te freegjen wêr't se eins om stimd hiene. It is noch net dúdlik oft en sa ja, hoe't dit de Teen Choice Awards fan 2015 beynfloedzje sil.