Springe nei ynhâld

Torismund

Ut Wikipedy

Torismund (Goatysk: Þaurismoþs; sa. 420- † 453) wie kening fan de Fisigoaten. Yn de Slach op de Katalaunyske Fjilden hat er meidien oan de side fan de Romeinske generaal Aetius.

Oer it regear fan Torismund is net folle bekend. Hy hat oan de side fan de Romeinen meifochten yn de slach op de Katalaunyske fjilden. By dizze fjildslach sneuvele syn heit Diderik I. Nei de oerwinning op de Hunnen gong Torismund sa gau as er koe fuort nei de Fisigoatyske haadstêd Toulouse om de troan foar him feilich te stellen. Hy woe dêrmei foarkommen dat ien fan syn bruorren him foar wie en harren ta kening beneamen soenen. Torismund waard kening en soe lykwols koart regeare, mar twa jier. Hy stoar yn 453 in natuerlike dea en syn broer Diderik II folge him as kening op.