Springe nei ynhâld

Ty Burr

Ut Wikipedy
Ty Burr
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sturtevant Tice Byrr
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 17 augustus 1957
berteplak Boston (Massachusetts)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist
aktyf as filmkritikus, kollumnist, publisist
jierren aktyf 1982 – no
offisjele webside
tyburr.com

Ty Burr (folút: Sturtevant Tice Burr; Boston, 17 augustus 1957) is in Amerikaansk sjoernalist, kollumnist en publisist, dy't benammen bekend wurden is as filmkritikus foar de krante The Boston Globe.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Burr waard yn 1957 berne yn Boston, yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts, en groeide op yn Brookline, in foarstêd fan Boston. Hy studearre filmkeunst oan it Darthmouth Kolleezje yn Hanover (Nij-Hampshire) en de Universiteit fan New York yn New York.

Nei't er ôfstudearre wie, fûn Burr wurk by it Amerikaanske tillefyzjenetwurk HBO, dêr't er as evaluëarder fan films belutsen wie by de programmearring fan it Cinemax-betelkanaal. Yn 1990 oant 2002 wurke er as sjoernalist by it tydskrift Entertainment Weekly, dêr't er foar it meastepart oer films, fideo's, muzyk en digitale media skreau. Burr hie al ier belangstelling foar it ynternet, en skreau eigenhandich de koade foar de earste webside fan Entertainment Weekly.

Sûnt 2002 wurket Burr as filmkritikus foar The Boston Globe, yn syn berteplak Boston. Sûnt 2015 skriuwt er ek in kollumn yn 'e sneinsedysje fan dy krante, wêryn't er in breed ferskaat oan ûnderwerpen út 'e popkultuer behannelet. Yn 2017 wie Burr in finalist foar de Pulitzerpriis foar Krityk.

Burr is lid fan 'e Boston Society of Film Critics (BSFC) en de National Society of Film Critics (NSFC). Behalven yn The Boston Globe ferskine syn artikels út en troch ek yn oare publikaasjes, lykas The New York Times, The Boston Phoenix en it tydskrift Spin. Ek is er frij geregeldwei op 'e tillefyzje te sjen en op 'e radio te hearren oer films en oare kulturele saken; sa hat er meiwurke oan tillefyzjeprogramma's of radioprogramma's fan MSNBC, NPR en Bloomberg Radio.

Fierders is Burr ek aktyf as publisist. Hy hat fiif boeken skreaun of mei-skreaun. The Hundred Greatest Stars of All Time (1998), in list mei beskriuwings fan 'e hûndert grutste filmstjerren aller tiden, en The Hundred Greatest Movies of All Time (1999), in list mei beskriuwings fan 'e hûndert bêste films aller tiden, waarden útjûn ûnder de auspysjes fan Entertainment Weekly en wiene foar it measte part skreaun troch Burr.

Yn 2007 kaam Burr mei The Best Old Movies for Families: A Guide to Watching Together, dat in op essaybasis skreaune gids is foar âldelju of pakes en beppes om harren bern, resp. pake- en beppesizzers yn 'e kunde te bringen mei filmklassikers. Yn 2012 publisearre er Gods Like Us: On Movie Stardom and Modern Fame, in krityske bestudearring fan hûndert jier fan ferneamdens yn it ramt fan 'e filmyndustry. Foar dat wurk krige er fan alle kanten lof taswaaid. Burr publisearre yn 2012 ek it e-boek The 50 Movie Starter Kit, in gids foar begjinners op it mêd fan filmsjen.

  • 1998 – The Hundred Greatest Stars of All Time
  • 1999 – The Hundred Greatest Movies of All Time
  • 2007 – The Best Old Movies for Families: A Guide ot Watching Together
  • 2012 – Gods Like Us: On Movie Stardom and Modern Fame
  • 2012 – The 50 Movie Starter Kit: What You Need to Know if You Want to Know What You're Talking About (allinnich as e-boek)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.