Springe nei ynhâld

Tyestes (toanielstik)

Ut Wikipedy
Tyestes
algemiene gegevens
oarspr. titel Thyestes
auteur Seneka de Jongere
taal Latyn
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun ±62 (n.Kr.)

Tyestes, yn it oarspronklike Latyn: Thyestes, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e Romeinske filosoof, toanielskriuwer, skriuwer en steatsman Lusius Anneüs Seneka, better bekend as Seneka de Jongere (±4 f.Kr.-65). It is ien fan 'e mar in pear fan Seneka syn stikken dy't net dúdlik op in Aldgryksk orizjineel basearre is, en mei dêrom wurdt it gauris beskôge as yn magnum opus. De trageedzje giet werom op in ferhaal út 'e Grykske mytology en ferhellet oer de striid fan twa twillingbruorren om 'e troan fan 'e Grykske stêdsteat Mysene. Tyestes is nei alle gedachten let yn Seneka syn karriêre skreaun, wierskynlik om it jier 62 hinne. Yn 1985 sette Klaas Bruinsma in pear fragminten út it stik oer yn it Frysk.

Tyestes iepenet as de geast fan Tantalus, de pake fan Atreüs en Tyestes, yn it hjirneimels tramtearre wurdt troch Megaira, ien fan 'e Fueryen, dy't him alle misdieden fan syn famylje wer yn 't sin bringt, lykas moard, ynsest, oerhoer en heechmoed, en him dan foarseit dat ien fan syn pakesizzers him skuldich meitsje sil oan kannibalisme troch syn eigen bern op te iten.

Dan ferskoot it toaniel nei de Grykske stêd Mysene, dêr't Atreüs kening is. Hy hat einlings de striid om 'e troan wûn fan syn broer Tyestes, dy't er yn ballingskip dreaun hat. Mar dat is net genôch foar Atreüs, dy't gek wurden is fan wraaksuchtigens om't Tyestes syn frou Airopê ferlaat hat, sadat it noch mar de fraach is oft Atreüs syn soannen Agamemnon en Menelaos wol echt sines binne. Troch Agamemnon en Menelaos te stjoeren om Tyestes werom te lokjen nei Mysene mei ûnthjitten fan fermoedsoening, makket er harren mandélich yn syn wraakplannen. Underwilens griist it koar, besteande út 'e Myseenske stedsâldsten, fan 'e Atreüs syn dwaan, en sjongt oer hoe't in kening hearre moatte soe te wêzen.

Tyestes is bot ferheard oer de draai dy't syn broer makke hat, mar hy trapet deryn en komt werom yn Mysene, dêr't er begroete wurdt troch syn trije jonge soannen. Tyestes is bekommen fan syn eardere lust nei macht, en seit no inkeld noch te langjen nei in ienfâldich, weromlutsen libben. Atreüs begroetet syn broer, en biedt him ta teken fan fermoedsoening de helte fan it keninkryk oan. Tyestes stjoert dêrop syn soannen nei it paleis ta, as gizelders foar syn goed gedrach.

In boarstbyld fan Seneka de Jongere.

De hiele fjirde akte bestiet út in ferslach fan in boadskipper oer wat der yn it paleis bard is. Atreüs hat de jonkjes, syn omkesizzers, offere op in alter, en dêrnei slachte en tamakke. It fleis is Tyestes foarset as ûnderdiel fan in feestlik gastmiel, wylst er al fleurich wie fan 'e wyn. It koar sjongt oer in ûnnatuerlike tsjusterens dy't oer de stêd fallen is troch Atreüs syn misdie, mei't de goaden fan ôfgriis de sinne in ein weromset hawwe yn 'e loft.

Underwilens is Atreüs der feringele mei dat syn wraak sa goed útpakt is. Tyestes ferkeart noch altiten yn dronken steat yn it paleis, alhiel ûnwittend fan wat der bard is. Mar dan hellet Atreüs de hollen fan 'e jonkjes foar 't ljocht en stekt him der de gek mei oan. Tyestes rekket daliks nofter en smeket om 'e lichems fan syn bern, dat er se begrave kin. Mar Atreüs bringt him oan it ferstân dat er syn eigen soannen opiten hat. It toanielstik einiget mei Tyestes syn ôfgriis en syn foarsizzing fan 'e godlike wraak dy't Atreüs mei dizze skanddie oer syn hûs ôfroppen hat.

Hoewol't Tyestes gauris as Seneka syn masterwurk beskôge wurdt, hat it stik in oantal problematyske eleminten. It is tige statysk, nettsjinsteande de gewelddiedige aksje dy't de kearn derfan foarmet (mar dêr't inkeld ferslach fan dien wurdt). Foar in part is dat te witen oan in brekme oan aktearynstruksjes, mar ek komt it foar in part troch de lange monologen, dy't gauris suver wol oefeningen yn retoarika lykje. Dialogen komme suver net foar, mei't it toanielstik hast folslein út sokke taspraken opboud is. Fierdersoan hawwe de measte akten mar twa sprekkende rollen. Boppedat lit de karakterisearring fan 'e personaazjes te winskjen oer, mei't de monologen bêst ferskood wurde kinne soene fan 'e iene nei de oare rol, sûnder dat dat it stik wêzentlik beynfloedzje soe.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't letter benammen bekend wurden is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes, hat in pear fragminten fan Tyestes yn it Frysk fertaald. Under de titel Twa Koaren út Thyestes hat er dy yn 1985 publisearre yn it literêre tydskrift HJIR.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Seneka de Jongere (Lucius Annaeus Seneca), Twa Koaren út Thyestes (oers. Klaas Bruinsma), yn: HJIR, 1985, ôfl. 2, s. 12-17.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Note, op dizze side.