Springe nei ynhâld

Unalaska (eilân)

Ut Wikipedy
Unaslaska
polityk
soarte gebiet eilân
lân Feriene Steaten
steat Alaska
regio Aleoeten
borough Unorganisearre Borough
haadplak Unalaska
grutste plak Unalaska
sifers
ynwennertal 1.759 (2000)
oerflak 2.720 km²
befolkingstichtens 0,65 / km²
oar
tiidsône UTC –9
simmertiid UTC –8
koördinaten 53°40′24″ N 166°38′54″ W
offisjele webside
www.unalaska-ak.us

Unalaska (Aleoetysk: Nawan-Alax̂sxax̂) is in eilân dat diel útmakket fan 'e arsjipel fan 'e Aleoeten yn it noarden fan 'e Stille Oseaan. It heart bestjoerlik ta de Amerikaanske steat Alaska. It eilân moat net betize wurden mei de stêd Unalaska, dy't in diel fan it eilân beslacht en it hiele oanbuorjende eilantsje Amaknak, dêr't de haven Dutch Harbor him befynt. Bestjoerlik makket Unalaska diel út fan 'e Unorganisearre Borough.

As toponym giet 'Unalaska' werom op it Russyske ûnalasjka, dat in ferbastering wie fan 'e Aleoetyske namme foar it eilân: nawan Alax̂sxax̂, dat "hast fêstelân" betsjut.

De lokaasje fan it eilân Unalaska yn 'e Amerikaanske steat Alaska.

Unalaska is in eilân dat heart ta de Fokse-eilannen, in subgroep fan 'e gruttere arsjipel fan 'e Aleoeten. Dy strekke har út yn in langrutsen keatling fan it Alaska-skiereilân fan it fêstelân fan Alaska, yn it easten, nei it Kamtsjatka-skiereilân fan Sibearje, yn it westen, en foarmje dêrby de skieding tusken de Beringsee yn it noarden en de iepen Stille Oseaan yn it suden. Unalaska is ien fan 'e grutste en eastlikste Aleoetyske eilannen, dat op sa'n 110 km fan 'e westpunt fan it Alaska-skiereilân leit. Eastlik, of eins noardeastlik, fan Unalaska lizze de eilannen Akutan, Akun, Avatanak en Tigalda. Tusken Unalaska en Akutan lâns rint in see-ingte dy't Akutan Pass hjit. Westlik, of eins súdwestlik, fan Unalaska leit in oar grut eilân, Umnak, wêrfan't Unalaska skaat wurdt troch de see-ingte Umnak Pass.

Unalaska hat in oerflak dat 2.720 km² beslacht. It eilân is 127,8 km lang fan súdwest nei noardeast, en mjit op it breedste punt 55,8 km fan noardwest nei súdeast. It hat in lumige kustline mei in protte smelle ynhammen, suver fjorden allyk, ôfwiksele mei skiereilannen en trije grutte baaien: Beaver Inlet, de Unalaskabaai en de Makushinbaai. Foar de súdeastpunt fan Unalaska leit it eilantsje Sedanka suver tsjin Unalaska oan, en yn it noardeasten jildt yn 'e Unalaskabaai itselde foar it eilantsje Amaknak. Oan 'e Unalaskabaai leit it grutste plak fan Unalaska, dat ek Unalaska hjit. Dat beslacht ek it hiele oerflak fan Amaknak, dêr't de grutte haven Dutch Harbor fêstige is, dy't bekend wurden is as de thúshaven fan 'e Alaskaanske krabbefiskers troch de realitytillefyzjesearje Deadliest Catch. It terrein fan Unalaska is rûch, en it binnenlân fan it eilân bestiet fierhinne út berchtme dat foar it grutste part fan it jier oerdutsen is mei snie.

Kaap Aiak, oan 'e súdkust fan Unalaska, by 't simmer.

Unalaska wurdt al sûnt minskewitten bewenne troch etnyske Aleoeten, in lânseigen folk dat net ta de Yndianen heart, mar ynstee besibbe is oan 'e Eskimo's. It eilân waard foar it earst troch Westerlingen waarnommen doe't de Deenske ûntdekkingsreizger yn 'e tsjinst fan it Keizerryk Ruslân Vitus Bering der yn 1741 by lâns fear.

Yn 1759 fêstigen Russyske pelskeaplju in delsetting op Unalaska, mar dy waard yn 1763 ferwoastge troch de Aleoeten, dy't by dy gelegenheid ek fjouwer Russyske keapfardijskippen ferbaarnden. By it bloedbad, dat útlokke wie troch it wangedrach fan 'e pelskeaplju, kamen 162 Russen om it libben. De oerlibbenen wisten harsels op it eilân te hanthavenjen oant se in jier letter troch in oar Russysk skip rêden wurde koene. Neitiid fierden de Russen op Unalaska bloedige represailles út tsjin 'e pleatslike Aleoeten, dy't oan sa'n 5.000 minsken it libben kosten en karakterisearre wurde kinne as in foarm fan genoside.

Utsjoch oer de stêd Unalaska.

Yn 1788 ferkende de ekspedysje fan Esteban José Martínez Fernández y Martínez de la Sierra en Gonzalo López de Haro de kust fan Alaska út it suden wei oant en mei Unalaska. Harren oankomst by it eilân markearre it westlikste punt fan 'e Spaanske ûntdekkingsreizen út harren koloanje Nij-Spanje (it lettere Meksiko) wei. Datselde jier die ek de Ingelske ûntdekkingsreizger James Cook Unalaska oan, in namme dy't er yn syn lochboek fêstlei as Oonalashka.

Mear as in iuw lang hearde Unalaska ta Russysk-Amearika, dat in koloanje fan it Russyske Ryk wie. Troch de Oankeap fan Alaska gie it eilân yn 1867 mei oer yn Amerikaanske hannen. Yn 'e tweintichste iuw ûntjoech de haven Dutch Harbor him ta it sintrum fan 'e fiskerij yn 'e Beringsee. Op 8 desimber 2004 rûn it Maleizyske frachtskip de Selendang Ayu foar de kust fan Unalaska oan 'e grûn en feroarsake in grutte oaljeramp wêrby't 1.326.500 liter ierdoalje yn see lekte.

De strâne Selendang Ayu yn 2004.

Unalaska hie neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 in befolking fan yn totaal 1.759 persoanen. Dêrby binne de bewenners fan it diel fan it stedsje Unalaska dat op it eilân Amaknak leit, net ynbegrepen. De befolkingstichtens fan Unalaska kaam dêrmei út op 0,65 ynwenners de km². In oansjenlik part fan 'e befolking fan it eilân bestiet noch altyd út lânseigen Aleoeten. Oaren binne blanke Amerikanen dy't foar it meastepart ôfkommen binne op 'e wurkgelegenheid yn 'e fiskerij.

Unalaska is it dekôr foar de roman And She Was, fan Cindy Dyson, dat de rike skiednis fan 'e Aleoeten beskriuwt.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.