Veronica de la Cruz
Veronica de la Cruz | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Veronica de la Cruz | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 13 augustus 1980 | |
berteplak | Modesto (Kalifornje) | |
etnisiteit | Filipynsk Joadsk Sineesk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | sjoernaliste, ferslachjouster, nijslêzeresse, presintatrise | |
medium | tillefyzje | |
wurksum by | CNN, HLN, NBC, MSNBC | |
jierren aktyf | ±1995 – no | |
offisjele webside | ||
Veronica de la Cruz op Twitter |
Veronica de la Cruz (Modesto (Kalifornje), 13 augustus 1980) is in Amerikaansk sjoernaliste, ferslachjouster, nijslêzeresse en presintatrise fan mingd Filipynsk, Sineesk en Joadsk etnysk komôf. Hja is benammen bekend wurden troch har wurk foar de ynternasjonale nijsstjoerder CNN, mar hat ek wurke foar HLN, NBC en MSNBC. Sûnt 2014 is se wurksum by de regionale Noardkalifornyske stjoerder KPIX/KBCW.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De la Cruz waard yn 1980 berne yn Modesto, in stêd yn it sintrale part fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, mar hja groeide op yn súdlike Kalifornje. Har heit is in Joad, waans famylje oarspronklik út Dútslân en Frankryk ôfkomstich is, en har mem is fan mingd Filipynsk-Sineesk komôf. Yn har jonkheid wie De la Cruz tsien jier lang aktyf as keunstrydster en die se mei oan withoefolle wedstriden yn dy sport.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De la Cruz sette har tillefyzjekarriêre mids njoggentiger jierren útein as presintatrise fan in muzykprogramma op 'e digitale stjoerder Sonic Net/Digital Planet, dêr't se ferskate ferneamde ynternasjonale artysten (lykas Eagle Eye Cherry) foar ynterviewde. Letter wurke se as presintatrise en ferslachjouster foar it programma Living Giant, fan Eruptor Entertainment, oer de ynternasjonale muzykyndustry. Se wurke ek as presintatrise en produsinte fan it programma Direct Drive, dat útstjoerd waard op it Digital Entertainment Network.
Yn 2001 waard De la Cruz oannommen as ferslachjouster en nijslêzeresse by de lokale tillefyzjestjoerder KYMA-TV yn Yuma, yn it súdwesten fan 'e steat Arizona. Dêr lies se moarns en oan it begjin fan 'e middei it nijs en makke se reportaazjes foar it jûnsnijs. In protte fan har ûnderwerpen hiene te krijen mei de Amerikaansk-Meksikaanske grins (fuortby Yuma) en mei migrantekwestjes.
Yn 2003 stapte De la Cruz oer nei de ynternasjonale nijsstjoerder CNN, wêrfoar't se oant 2007 op it haadkertier yn Atlanta wurke, en dêrnei stasjonearre wie yn New York. Hja wurke as ferslachjouster en as nijslêzeresse, en presintearre it programma American Morning op 'e iere moarn op CNN USA. Dêrnjonken wie se ek as ferslachjouster op CNN International te sjen, en lies se it nijs op 'e oan CNN liëarre stjoerder HLN. Yn har tiid by CNN die De la Cruz û.m. ferslach fan it ferstjerren fan 'e eardere Amerikaanske presidint Ronald Reagan, yn 2004, de Aziatyske tsûnamy fan 2004, en de ravaazje dy't de orkaan Katrina yn 2005 oanrjochte yn New Orleans.
De la Cruz gie yn 2009 by CNN wei, en fûn yn 2010 wurk by de Amerikaanske nasjonale stjoerder NBC, dêr't se as ferslachjouster en nijslêzeresse yn 't spier wie foar it NBC News en de programma's Early Today, op NBC, en First Look, op 'e oan NBC liëarre stjoerder MSNBC. Begjin maaie 2014 stapte De la Cruz oer nei de regionale stjoerder KPIX/KBCW, dy't San Fransisko, Oakland, San Jose en omkriten betsjinnet.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De la Cruz is in praktisearjend roomsk-katolyk. Yn 2008 kaam se yn 'e Feriene Steaten yn it nijs doe't se fia sosjale media lykas Twitter en Facebook jild byinoar besocht te bringen foar in hertoperaasje foar har sike broer Eric de la Cruz, dy't gjin syktekostefersekering hie en dêrom in herttransplantaasje wegere waard. Mei de help fan Trent Reznor, de sjonger fan 'e band Nine Inch Nails, waard in grut jildbedrach byinoar brocht, mar nettsjinsteande dat kaam Eric de la Cruz yn july 2009 te ferstjerren.
Op 13 maart 2013 brocht De la Cruz har earste bern te wrâld, in jonkje dat hja Hartley Eric de la Cruz neamde, nei har ferstoarne broer. Hja is in allinnichsteande mem. Mids 2013 rjochte De la Cruz in non-profitorganisaasje op mei de namme And Then There Were Two ("En Doe Wiene Der Noch Mar Twa"), dy't wijd is oan 'e allinnichsteande memmen dy't foar har bern sawol mem as heit wêze moatte.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Profyl fan Veronica de la Cruz of CNN.com
- (in) Folsleine filmografy fan Veronica de la Cruz yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaansk sjoernalist
- Amerikaansk ferslachjouwer
- Amerikaansk nijslêzer
- Amerikaansk telefyzjepresintator
- Amerikaansk telefyzjeprodusint
- CNN-wurknimmer
- Amerikaansk keunstrider
- Amerikaansk persoan fan Filipynsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Joadsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Dútsk-Joadsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Frânsk-Joadsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Sineesk komôf
- Persoan berne yn 1980