Springe nei ynhâld

Westknollendam

Ut Wikipedy
Westknollendam
Emblemen
Bestjoer
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Saanstêd
Sifers
Ynwennertal 567 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 31,89 km²
Oar
Postkoade 1525
Koördinaten 52° 31 'NB, 4° 47 'EL
Kaart
Westknollendam (Noard-Hollân)
Westknollendam

Westknollendam (offisjele stavering) of West-Knollendam is in doarp yn 'e Noard-Hollânske gemeente Saanstêd.

It doarp hat 567 (1 jannewaris 2023) ynwenners.

Eartiids foarme it doarp mei Oostknollendam oan 'e eastlike kant fan 'e Saan it plak Knollendam. Oant 1 jannewaris 1974 hearde Westknollendam by de gemeente Wormerveer. Yn dy tiid wie Westknollendam in buorskip fan it plak Wormerveer. Sûnt 1974 heart it plak by de gemeente Saanstêd. Troch de ynfiering fan 'e Wet Basisregistraasje Adressen en Gebouwen wie it nedich om in aparte plaknamme fêst te stellen en fan in tal adressen de postkoade te feroarjen. Sadwaande krige Westknollendam op 1 maaie 2008 offisjeel de status fan doarp.

It doarp leit oan 'e Tapsleat, dy't in krúspunt foarmet fan ferskillende wetters, lykas de Knollendammerfeart (rjochting Noardhollânsk Kanaal by Spijkerboor, de Markerfeart (rjochting Noardhollânsk Kanaal by De Woude), de Saan en de Nauernaske Feart (rjochting Noardseekanaal by Nauerna). Der binne in pear jachthavens, dy't in ferbining ha mei de Alkmardermar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Gemeente Saanstêd
Stêd:
Saandam
Doarpen:
AssendelftKoog aan de ZaanKrommenieWestknollendamWestsaanWormerveerZaandijk
Buert:
Saanske Skâns
· · Berjocht bewurkje