Springe nei ynhâld

Pierre Cuypers

Ut Wikipedy
De ferzje fan 16 apr 2021 om 16.28 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Galery)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Pierre Cuypers, ± 1905
Stânbyld fan Cuypers yn Roermond by de Munstertsjerke
It Ryksmuseum yn Amsterdam

Pierre Cuypers, folút Petrus Johannes Hubertus Cuypers (Roermond 16 maaie 1827 - dêre, 3 maart 1921) wie in arsjitekt út de 19e iuw. Hy gie nei de keunstakademy yn Antwerpen en waard ûnderwiisd yn it Klassisisme. Troch syn reizen seach er benammen yn Dútslân in soad romaanske en goatyske tsjerken. Benammen de Keulske Dom hie syn belangstelling.

Syn earste wurk wie de restauraasje fan de Munstertsjerke yn Roermond. Troch stúdzje fan de Midsiuwske boukeunst en it tapassen fan nije techniken is hy tige ferneamd wurden.

Hy is benammen bekend wurden troch it Ryksmuseum en it Sintraal Stasjon yn Amsterdam, kastiel De Haar yn Haarzuilens en syn tsjerken. Hy hat mei-inoar sa'n santich neo-Romaanske tsjerken ûntwurpen, wêrfan sân yn Fryslân:

  • A.J.C. van Leeuwen - Pierre Cuypers architect (1827-1921), Swol-Amersfoart-Zeist, 2007.
  • H. Berens (ed.) - P.J.H. Cuypers (1827-1921). Het complete werk, Rotterdam, Nederlânsk Arsjitektuerynstitút, 2007.
  • A.J.C. van Leeuwen - De maakbaarheid van het verleden. P.J.H. Cuypers als restauratiearchitect, Zeist-Swol, 1995.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]