Breyten Breytenbach
Breyten Breytenbach | ||
skriuwer | ||
Breyten Breytenbach op it Brooklyn Book Festival, 2009 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | B.B. Lasarus, Jan Blom en Jan Afrika. | |
nasjonaliteit | Frânsk Súdafrikaansk | |
berne | 16 septimber 1939 | |
berteplak | Bonnievale | |
wurk | ||
taal | Afrikaansk, Ingelsk | |
sjenre | Roman, ferhaal, essay | |
bekendste wurk(en) |
Literêr wurk | |
jierren aktyf | jierren 60 - no |
Breyten Breytenbach (Bonnievale, 16 septimber 1939) is een Súd-Afrikaansk skriuwer, dichter en keunstner mei de Frânske nasjonaliteit.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Breytenbach waard berne yn Bonnievale, in doarp yn de West-Kaap, op sa'n 180 kilometer fan Kaapstêd en 100 kilometer fan de meast súdlike punt fan Afrika by Kaap Agulhas. Hy studearre keunst oan de Universiteit fan Kaapstêd en is in tawijd tsjinstanner fan apartheid wurden. Hy ferliet Súd-Afrika yn de jierren 1960 en ferfarde nei Parys. Hy troude in Frânske frou fan Fietnameeske komôf, Yolande Ngo Thi Hoang Lien. Ut reden fan rassewetjouwing koe er net werom nei syn heitelân. Op grûn fan de Wet op de Mingde Houliken (1949) en de Untuchtwet fan 1950 wie it in blanke nammentlik ferbean om in seksuele ferhâlding te hawwen mei in persoan fan in oar ras.
Yn Frankryk wie er meioprjochter fan Okhela, in groep fan ferballe persoanen dy't út it bûtenlân wei de apartheid bestride. Syn yllegaal ferbliuw yn Súd-Afrika yn 1975 waard ferret troch in mistrouwich ANC, dat hy waard fêstset en letter foar heechferried feroardiele ta njoggen jier finzenis. Nei druk fan it bûtenlân kaam er yn 1982 lykwols frij. Hy gie werom nei Parys en waard Frânsman.
Anno 2004 hâldt er út en troch ta yn Jeropa, Afrika en de Feriene Steaten. Sûnt jannewaris 2000 is er gastdosint psychology oan de Universiteit fan Kaapstêd en is er belutsen by it Gorée-ynstitút yn Dakar, Senegal en de Universiteit fan New York.
Breytenbachs wurk bestiet út dichtbondels, romans en essays, meast yn it Afrikaansk. Guon wurk hat in oersetting yn it Ingelsk krigen. Adriaan van Dis hat wurk yn it Nederlânsk oerset. Oar wurk is oarspronlik yn it Ingelsk útjûn. Breytenbach skildert ek. Der hawwe útstallingen fan syn skilderijen en ôfprintingen west yn Johannesburch, Kaapstêd, Hongkong, Amsterdam, Stockholm, Parys, Brussel, Edinboarch en New York.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1968 - Reina Prinsen Geerligspriis foar Súd-Afrika foar Die huis van die dowe
- 1972 - Lucy B. en C.W. van der Hoogtpriis foar Lotus
- 1981 - Poetry International Earejild
- 1982 - Bysûndere priis fan de Jan Campert-stichting foar ien kear, foar syn hiele oeuvre
- 1995 - Jacobus van Looypriis foar it hiele oeuvre
Poëzij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Die ysterkoei moet sweet, Johannesburch, 1964
- Die huis van die dowe , Kaapstêd, 1967
- Kouevuur, Kaapstêd, 1969
- Lotus, Kaapstêd, 1970
- Skryt. Om 'n sinkende skip blou te verf, Amsterdam, 1972
- Met ander woorde, Kaapstêd, 1973
- Voetskrif, Johannesburch, 1976
- Sinking Ship Blues, Toronto, 1977
- And Death White as Words. An Anthology, Londen, 1978
- In Africa even the flies are happy, Londen 1978
- Blomskryf (Karlêzing?) Emmarentia, 1979
- Eklips, Emmarentia, 1983
- Buffalo Bill, Emmarentia, 1984
- Lewendoon, Emmarentia, 1985
- Judas Eye, Londen - New York, 1989
- Soos die so, Emmarentia, 1990
- Nege landskappe van on s tye bemaak aan 'n beminde, Groenkloof, 1993
- Die hand vol vere, Kaapstad, 1995 (karlêzing?)
- Oorblyfsels, 'n Roudig, Kaapstêd, 1997
- Papierblom, Kaapstêd, 1998
- Lady One, Kaapstêd, 2000 (Karlêzing leafdesgedichten)
- Ysterkoei-blues, Kaapstêd, 2001 (Samle gedichten 1964-1975)
- Lady One: Of Love and other Poems, New York, 2002
- Die ongedanste dans, Kaapstêd, 2005 (Finzenisgedichten 1976–1983)
- Windvanger, Kaapstêd, 2007
Proaza
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Katastrofes,
- Om te vlieg, Kaapstad, 1971 (roman)
- De boom achter de maan, Amsterdam, 1974
- Die miernes swell op ...), Emmarentia, 1980 (ferhalen)
- A Season in Paradise, Amsterdam - New York - Londen, 1980 (Roman, ûnsensurearre ferzje)
- Mouroir: Mirror Notes of a Novel, Londen - New York, 1983
- The True Confessions of an Albino Terrorist, Londen - New York, 1983
- Spiegeldood, Amsterdam , 1984
- End Papers, Londen, 1985 (essays)
- Memory of Snow and of Dust, Londen - New York, 1987 (roman)
- Boek. Deel een, Emmarentia, 1987 (essays)
- All One Horse. Fiction and Images, Londen, 1989
- Hart-Lam, Emmarentia, 1991 (essays)
- Return to Paradise. An African journal, Londen - New York, 1992
- Memory of Birds in Times of Revolution Londen - New York, 1996 (essays)
- Dog Heart. A travel memoir, Kaapstêd, 1998
- Woordwerk, Kaapstêd, 1999
- Intimate stranger: a writing book, 2005 (Yntime frjemdling: in skriuwboek (oan frou Lêzeres, 2006)
- A veil of footsteps : memoir of a nomadic fictional character, Kaapstad : Human & Rousseau, 2007 (Wurdfûgel : tinkskriften fan in nomadyske romanfiguer, 2008)
Drama
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Boklied, 1997
- The life and times of Johnny Cockroach, 1999
- Die toneelstuk (ûndertitel Belydenis in twee bedrywe), 2001
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Side oer Breytenbach oan de Universiteit fan New York
- Iepen brief oan Generaal Ariel Sharon (fan Breyten Breytenbach)
- Stellenbosch Writers
- http://www.goreeinstitute.org/
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Breyten Breytenbach fan Wikimedia Commons. |
- Súdafrikaansk dichter
- Súdafrikaansk romanskriuwer
- Súdafrikaansk koarte-ferhaleskriuwer
- Súdafrikaansk publisist
- Súdafrikaansk essayist
- Skriuwer yn it Afrikaansk
- Súdafrikaansk keunstskilder
- Súdafrikaansk minskerjochte-aktivist
- Súdafrikaansk heechlearaar
- Frânsk dichter
- Frânsk romanskriuwer
- Frânsk koarte-ferhaleskriuwer
- Frânsk publisist
- Frânsk essayist
- Frânsk keunstskilder
- Frânsk minskerjochte-aktivist
- Frânsk heechlearaar
- Afrikaner persoan
- Súdafrikaansk persoan fan Dútsk komôf
- Frânsk persoan fan Afrikaner komôf
- Frânsk persoan fan Súdafrikaansk komôf
- Frânsk persoan fan Dútsk komôf
- Persoan berne yn 1939