Debby Petter
Debby Petter | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
Debby yn "Ik ben er nog" op earder kamp Westerbork | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Deborah Daniëlle Petter | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 10 septimber 1956 | |
berteplak | Weesp (Noard-Hollân) | |
etnisiteit | Joadsk Nederlânsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | presintatrise, nijslêzeresse, (ek kabaretiêre, aktrise) | |
medium | tillefyzje | |
wurksum by | KRO, NOS | |
bekend fan | Spoorloos NOS Journaal | |
jierren aktyf | ±1990 – 2002 | |
offisjele webside | ||
Debby Petter op Twitter |
Debby Petter (folút: Deborah Daniëlle Petter; Weesp, 10 septimber 1956) is in Nederlânsk kabaretiêre en aktrise en earder presintatrise en nijslêzeresse fan mingd Nederlânsk en Joadsk etnysk komôf. Hja is benammen bekend wurden as nijslêzeresse fan it NOS Journaal en as de frou fan 'e ferneamde konferansier Youp van 't Hek. Fanôf 2011 hat se mei eigen stikken in karriêre as it toanielaktrise opboud.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en komôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Petter is hikke en tein yn it Hollânske Weesp, dêr't se yn 1956 berne waard. Har heit hie dêr in toskedokterspraktyk. Har mem, Hélène Egger (1929), is in Joadinne, dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch as tinerfamke jierrenlang ûnderdûkt siet. Har eigen mem wie oan it begjin fan 'e oarloch ferstoarn oan in harsenstumor, en har heit, beide bruorren en hast de hiele fierdere famylje kamen om yn 'e Dútske ferneatigingskampen.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei Van ’t Hek kaam Petter foar it earst yn 1973 yn 'e kunde, op har eineksamenfeest. Hy hie koart tefoaren tegearre mei Daan van Straaten de kabaretgroep "Nar" oprjochte, en frege Petter om dêr ek oan mei te dwaan. Dêroer sei hja yn in fraachpetear yn 2015: "Ik koe hielendal neat. Ja, ja, hy hie in dûbele aginda, sûnder mis. Want hy sei dat er my in ferske sjongen sjoen hie op in skoaljûn yn 't Spant en dat ik sa moai song. Dat wie fansels gelul. Hy woe my ynpakke, en dat hat er hiel snoad dien."[1] Yn 1974, doe't se achttjin jier wie, ferliet Petter "Nar" lykwols, om in jier as au-pair yn Parys ta te hâlden, mei as doel om Frânsk te learen. Dat betsjutte in breuk mei Van 't Hek.
Nei't se yn Nederlân weromkeard wie, learde Petter har earste man kennen, mei wa't se har dochter Sterre krige. Nei't dat houlik yn 1985 op in skieding útrûn wie, wurke hja in hoart as ferkeapster yn in boekhannel yn 'e Amsterdamske P.C. Hooftstraat. Dêr ûntdiek bierbrouwer Freddy Heineken (1923-2002) har, dy't daliks smoar wie. Hoewol't se mear as tritich jier skeelden, fielde Petter har flaaike troch syn belangstelling en gie se ien kear mei him fuort. Neitiid bleau de man har lykwols lestich fallen. As se syn blindearre auto wer oankommen seach, ferskûle Petter har yn it kelderke fan 'e boekhannel, mar dêr liet Heineken him net troch tsjinhâlde. Sels sei se dêr yn 2015 oer: "Ik bin noch ien kear meigien nei in lunch, om te sizzen dat er no echt út wêze moast. 'Wêrom giest net mei nei Frankryk?' sei er. Doe bin ik opstapt, en midden op 'e dyk pakte er my beet en tute er my echt rjocht op 'e freet. Ik skamme my dea foar al dy minsken. Ik skuorde my los, mar hy rôp: 'Mar ik bin smoar op dy!' Midden op 'e dyk. Ik skamme my dea. Mar him koe it gjin reet skele. Hy wie skamteleas."[2]
Tsjin dy tiid hie Petter fannijs in relaasje krigen mei Van 't Hek. Dy gie doe nei Heineken ta mei it boadskip dat er Petter gewurde litte moast, oars soed er as kabaretier wolris hiel ferfelende dingen sizze kinne, dingen dy't Heineken yn 'e beurs reitsje soene. Dat die it him, neffens Petter. De saneamde Buckler-kwestje kaam letter, mar waard hjir yn 'e media wol altyd mei ferbûn. (Buckler, it earste alkoholfrije bier fan Heineken, waard troch Van 't Hek yn syn âldjierskonferânse fan 1989 mei trije wurden – dat gereformeerde bier – sa slim skansearre dat it net lang dêrnei fallyt gie.) Yn dyseldichste snuorje kaam akteur Maarten Spanjer ek gauris del yn 'e P.C. Hooftstraat. Petter hie doe noch gjin idee dat er spesjaal om har hielendal fan 'e oare kant fan Amsterdam kaam; dat lies hja yn 2014 yn syn autobiografy. Yn elts gefal wertroude Petter mei Youp van 't Hek, mei wa't se noch twa bern krige: Anna en Julius.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fanôf begjin jierren njoggentich wie Petter wurksum as presintatrise op 'e tillefyzje, wêrby't se úteinsette by de lokale Amsterdamske stjoerder AT5. Fan 1993 ôf presintearre se by de KRO in hoart it programma Spoorloos, en yn 1996 by de Wrâldomrop it programma Studio NL. Bekendheid by in breder publyk krige Petter doe't se fan 1996 oant 2002 as nijslêzeresse fan it NOS Journaal aktyf wie. Oanslutend wurke se foar BVN, de satellytstjoerder fan 'e Wrâldomrop. Doe't dat ophold, joech se ferskate jierren Nederlânske les oan bûtenlanners.
Yn febrewaris 2009 kaam Petter har earste boek Ik Ben Er Nog út, wêryn't hja it libbensferhaal fan har Joadske mem beskreau. Toanielregisseur Thomas Verbogt wurke dat om ta in toanielfoarstelling, dy't produsearre waard troch Hekwerk Theaterprodocties (fan Youp van 't Hek) en útfierd troch Petter sels. Sa stie se yn 2011 foar it earst sûnt har tinerjierren wer op 'e planken, wêrfoar't se nei eigen sizzen by elke nije rige foarstellings in freeslike plankekoarts oerwinne moat. Yn 2013 folge de foarstelling Gaandeweg, en yn 2015 Bed & Breakfast, wêrfoar't Petter eltse kear gearwurke mei Verbogt. Sawol Gaandeweg as Bed & Breakfast wiene solofoarstellings dy't basearre wiene op Petter har eigen boeken.
Yn 2017-2018 stie hja op de planken mei de solofoarstelling In mijn hoofd, in ferhaal oer in syklike leagener.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2009 – Ik Ben Er Nog
- 2011 – Gaandeweg
- 2013 – Bed & Breakfast
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|