Eagmaryp
Eagmaryp | ||
Klokkestoel | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 110 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oerflak | 3,65 km² lân: 3,56 km² wetter 0,09 km² | |
Befolkingsticht. | 29 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 0' N 5° 47' E | |
Offisjele webside | ||
Side Terkaple-Eagmaryp | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Eagmaryp yn de eardere gemeente Skarsterlân |
Eagmaryp is in doarp noardlik fan de Jouwer yn de gemeente De Fryske Marren.
It doarp leit yn de Lege Wâlden. 'Wâlden' wiist op in begroeiïng mei strewellen en lege boskjes. Trochdat it gebiet sa leech leit hie men yn it ferline in soad wetteroerlêst. By Eagmaryp leit ek it natoergebiet de Blaugerzen, it grutste blaugerslân fan Nederlân.[2]
Eagmaryp hat in klokkestoel. Eagmaryp is foaral bekend fanwegen it earrebarredoarp krekt bûten it doarp.
Eagmaryp hat 110 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de doarpsnamme Eagmaryp sit it wurd 'ryp', dat râne betsjut. In âldere foarm fan de doarpsnamme is Ackrommaryp. Dat wiist derop dat it doarp út Akkrum wei stifte is.
Eartiids ûntstie Eagmaryp oan in feart, dy't yn de iere midsiuwen groeven wie foar de ôfwettering fan it feangebiet. Sadwaande waard it in lintdoarp. It hat altiten in boerestreek west mei frij grutte wolstân. Yn âlde geskriften wurde in tal stinzen neamd mei rike boerefamyljes as Galema, Donia, Bangma, Unia, Molla en Bavema. It is net mei wissichheid te sizzen oft dy stinzen der ek allegear tagelyk stien hawwe. Hepkema skriuwt yn syn “wandelingen door Friesland” oer in tsjerkje yn Eagmaryp mei noardlik dêrfan Abbema en Donia en súdlik fan it tsjerkje de stins Galema. De tsjerke fan Eagmaryp stie op it stee fan it hjoeddeiske tsjerkhôf. Dat dêr bebouwing west hat docht bliken út de âlde friezen of kleastermoppen, dy't by it graven fan in grêf faak út de grûn komme. It boekje "Bornego" fan Herre Halbertsma ynformearret oer it bestean fan twa parochys, nammentlik dy fan 'Ackrommaryp' en dy fan 'Monekaga' (Sint-Jânsgea). Yn it ferline binne opgravings dien, dy't wize op de fûneminten fan it tsjerkje fan Sint Jansgea. Beide tsjerken wienen neffens Halbertsma dochterkapellen fan de St. Pankrastsjerke yn Aldeboarn.
Terkaple en Eagmaryp wienen eartiids allinnich oer it wetter te berikken. De doarpen krigen yn 1844 in ferbining mei De Jouwer. Dat sil yn it earstoan in ûnferhurde paad west ha.
Sint-Jânsgea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken de twa tsjerkjes fan Eagmaryp en Terkaple ha earder op noch twa plakken tsjerkjes stien. It earste plak is yn it lân oan de Doltenwei. It lân dêr waard altyd al 'it âld hôf' neamd. Dat heger lizzende terrein waard ôfgroeven en sljuchte. By dit ôfgraven waarden reade sânstiennen grêfstiennen fûn, guon mei krusen der op. Yn 1993 is der troch it Archeologysk Wurkferbân ûndersyk dien op it terrein en mei help fan spesjale mjittingen wiene de fûneminten fan de tsjerke dúdlik te sjen. Der stie gjin toer by dy tsjerke, dy't sa’n 25 meter lang en 8 meter breed wie. De tsjerke, dy't nei alle gedachten datearre út de 12e iuw, stie op in ferhege tsjerkhôf dat omsletten waard troch in grêft. Eagmaryp lei doe op'e hichte fan dat hôf en is letter ferskood nei it plak dêr’t it no leit.
Ut it kleaster fan Akkrum wei waard úteinset om it ûnlân oan te meitsjen en sa ûntstiene lytse delsettings, dy't mei it fierder oanmeitsjen fan it ûnlân jimmeroan in stikje opskoden. Sa ferskode Terkaple fan de hoeke Akkrumer Rak-Geau nei it plak dêr't no en eartiids de tsjerke stie. Dat hat om de 12e iuw hinne west. Eagmaryp lei doe op deselde line, mar wylst Terkaple op itselde plak lizzen bleau is Eagmaryp noch in stikje ferskood. De âlde tsjerke waard net mear brûkt en waard ôfbrutsen, it âld hôf fertutearze.
Op it plak dêr't Eagmaryp no leit, lei tichterby de grins fan Haskerlân ek de buorskip Sint-Jânsgea. Sint-Jânsgea is it twadde plak dêr't in tsjerke stien hat mei in hôf deromhinne. Dat tsjerkje stie op it stik grûn tusken Fjildwei 5 en Fjildwei 7. Yn 1999 is ek dêr ûndersyk dien troch it Archeologysk Wurkferbân. It die bliken dat op dy grûn in tsjerkje fan ± 14 meter by 8 meter stien hat; in ienfâldich sealtsjerkje fan kleastermoppen, boud yn de 13e iuw en ôfbrutsen yn de 17e iuw. Op kaarten út 1664 en 1693 wurdt allinne noch melding makke fan "het hof van St. Jansga" sûnder de tsjerke te neamen. It hôf is nei de ôfbraak fan de tsjerke noch wol gewoan brûkt as begraafplak. Der waarden 13e-iuwske grêven fûn, mar ek fan folle letter. Ek om dat tsjerkhôf rûn in grêft.
Der waard troch de ûndersikers op dit terrein ek in wetterput fûn en it restant fan in stins mei in grêft derom hinne. Dy stins moat dus ek út de 13e iuw stamme en waard mooglik bewenne troch de famylje Bangma of Bavema. Mooglik waard de stins yn de tiid fan de striid mei Age Donia (1458-1464) ferneatige, mar fanwegen jildbrek is der gjin fierder ûndersyk dien. Wol binne fynsten (skeletten, stiennen, plavuizen en potskerven) beskreaun.
Tsjerke en klokkestoel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de reformaasje yn Fryslân (1580) wie Eagmaryp in selstannige parochy mei in eigen pastoar. Nei de reformaasje foarme Eagmaryp ien tsjerklike gemeente mei Terkaple. Yn 1604 wurdt al in mienskiplik nachtmiel fierd.
Op it stee fan de hjoeddeiske klokkestoel stie eartiids in tsjerke, dy't oan de patroanhillige Gertrudis wijd wie. De klok yn de klokkestoel is ôfkomstich út de toer fan dy tsjerke en waard yn 1545 getten troch Johannes Tersteghe. De klok draacht it opskrift: "Marije is yn de himel opnomd. De ingelen ferbliidzje harren; hja loovje de Heare – 1545" (oerset út it Latyn). Oant 1749 bleau de tsjerke stean. Yn jannewaris 1844 waard ek de toer foar ôfbraak ferkocht en ferfongen troch in houten klokkestoel.
De kruk fan it stek dat tsjintwurdich tagong jout nei it tsjerkhôf hat de foarm fan in slange en oan beide kanten is it stek fersierd mei symboalen oer de rûngong en fergonklikheid fan it libben: de ûle tusken de lauwerkrânsen (minsklike wiisheid), de sânrinner mei flerken of wjukken (fergonklikheid) de seines (de dea, it ôfmeande libben), de toartsen nei ûnderen ta rjochte (sadat se net baarne wolle, it fjoer dôvet) en de slange mei de sturt yn de bek (symboal fan de ivichheid).
Stinzen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bekendste stins fan Eagmaryp wie dy fan Age Donia, dy't berucht wie fanwegen syn plonderingen yn de jierren 1458 oant 1463. Dat stiet allegear beskreaun yn de kroniken fan Petrus fan Thabor, in muonts fan it kleaster Thabor. Yn 1459 ferovere Age Donia mei help fan Jancko Douma de stins Galema, súdlik fan de tsjerke yn Eagmaryp. De plondertochten fan Age Donia gyngen dêrnei troch, oant op in algemiene lândei fan Fryslân yn 1461 it beslút foel om mei him ôf te weven. Mei in 4000 man sterk leger waard de stins fan Donia belegere, mar dy him mei modern wapentúch útrisd: in soarte gewear of kanon, yn de kroaniken busse neamd. Dêrfan skrokken de ealju en nei't der al 15 manlju deasketten wiene joegen hja it op. Age Donia waard noch dryster en plondere mear as ea tefoarren, mar yn 1463 kamen syn fijannen wer, no mei deselde wapens as Age. De belegering fan Age Donia's stins duorre 14 dagen en nei't it iten oprekke moast it ferset opjûn wurde. De stins waard ynnnommen en ôfbrutsen. Rôfridder Age sels wie dy nachts al útnaaid. Oer de oare stinzen yn Eagmaryp is neat bekend. Allinne de namme Abbema wurdt noch neamd yn de tsjerke fan Aldeboarn: anno 1612 Pibona Oritisius van Abbema, bedienaer des H. Evangely tot Suylen in sticht Utrecht.[3]
Molkfabryk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eagmaryp hat fan 1896 oant 1968 oan de Fjildwei 39 in molkfabryk hân. Op 4 maaie 1896 waard de koöperative feriening troch 34 feehâlders oprjochte, dy't mei harren molke fan sa’n 700 kij taseinen. De feriening krige de namme 'Coöperatieve Zuivelfabriek De Lege Wâlden'. Der wie likernôch 50.000 gûne nedich en dat moast troch de boeren sels by inoar brocht wurde. Op 1 desimber 1896 waard it fabryk iepene.
Wiene der by de oprjochting fan de koöperaasje 34 feehâlders dy't de molke fan sa’n 700 kij ynbrochten; yn 1916 wie dit oprûn oant 132 leden mei 2433 kij. Ek moasten der wentes komme foar it personiel. In soad minsken fan it doarp fertsjinnen op it fabryk harren brea.
It fabryk fan Eagmaryp wie in goed ynrjochte bedriuw dat op in bepaald moment sels as foarbyld foar oaren jilde. Under ynfloed fan de Earste Wrâldoarloch gyng it wat minder, mar dêrnei sette de groei wer troch. Yn 1947 wiene der al 166 leden.
Mar doe begûn de konsintraasje yn de suvel op te kommen. It earste besykjen om mei "De Takomst" te fusearjen mislearre om't de boeren it fabryk yn eigen doarp hâlde woene. Wat letter is fan dat idee ôfstapt en yn 1965 fuearren beide fabriken. It wurk waard yn Eagmaryp ôfboud en yn 1968 wie it definityf dien en gyng alles oer nei Wolvegea. It gebou waard ferkocht en krige as nije funksje it winterdeis bergjen fan boaten en caravans, letter waarden der polyester sylboaten makke. Nei in faillissemint wiksele it tal eigners, mar it fabryk rekke mear en mear yn it neigean en produksje fan belang hat der net mear west. Nei in brân yn 1981 bleau der in soarte fan ruïne oer. Uteinlik is kompleks in 1988 ôfbrutsen.
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de 17e iuw hie Eagmaryp lykas Terkaple in eigen skoaltsje. Simmerdeis wie de skoalmaster net nedich, dy holp dan de âlden fan de bern mei it haaien of gie mei te fiskjen. Winterdeis wie der wol in boer of ambachtsman dy 't in "winterskoalle" organisearre. Sokke skoalmasters waarden troch de tsjerkefâldij betelle. Fan Terkaple-Eagmaryp binne noch doop-, trou- en lidmatenregisters fan 1641-1660 bewarre bleaun, dêr't inkele skoalmasters yn neamd wurde.
Twadde Wrâldoarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1944 waard ûnderweis nei Dútslân in Ingelske bommesmiter oansketten. De bommesmiter moast keare fanwegen de averij en om't dy fol net lânje mocht, moast it fleantúch syn bommen kwyt. De bommesmiter loste syn lading boppe de Graverij by Eagmaryp. Ien fan dy bommen ûntplofte net. Dy blyngonger bleau jierren lizzen oant yn it begjin fan de 21e iuw riolearing oanlein waard yn de Graverij. De bom is yn 2009 ta ûntploffing brocht by de Dolten.
Gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eagmaryp lei oant 1984 yn de ophefte gemeente Utingeradiel. Dêrnei wie Eagmaryp in doarp yn de gemeente Skarsterlân en sûnt 2014 leit it doarp yn De Fryske Marren.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp wurket op it mêd fan ferieningen, tsjerke en skoalle gear mei Terkaple. De twa doarpen binne suver oan inoar groeid, dogge in soad mei-inoar en hawwe ek tegearre in webstee.
It doarpshûs wie altyd yn 't Centrum fan de herfoarme tsjerke, mar letter is der in nij multifunksjoneel sintrum komd.
Efter it molkfabryk De Lege Wâlden waarden oant 1974 fierljepwedstriden hâlden. Dêrnei is der in fêste ljepskâns komd.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Laatste Eer - begraffenisferiening
- Biljertferiening Z.B.G.P.
- Daamklub Terkaple
- Fûgelwacht De Trije Doarpkes (Terkaple, Eagmaryp, Goaiïngaryp)
- Angelsportferiening Utingeradiel
- Iisklup Terkaple en omkriten
- Aldereinsoas
- Stifting Earrebarredoarp De Graverij
- Sportferiening UTY
- Tennisferiening De Trije Setter
- Sjongferiening Us Lyts Doarpke
Ynformaasje ôfkomstich fan de side fan Roelof Fopma
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 156 | 144 | 127 | 123 | 108 | 115 | 105 |
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hotze Brouwer (1910-1945), fersetsman
- Geert Vledder (1926-2014), politikus en publisist
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Doltenwei: wei nei De Dolten, stikken lân dy't ferfeante binne. Namme komt fan dolle (grave)
- Fjildwei: nei de ruilferkaveling ûntstien. Oan de dyk stie ek molkfabryk "De Lege Wâlden" (1897). Foar it plak fan de eartiidske fabryk oer steane noch de wenten foar it personiel.
- Graverij: nei de turfôfgravingen, troch bemealen drûchlein. De petgatten binne oerbleaun.
- Langedyk: wetterskieding Eagmarypster polder en it bûtlân. De earste dyk fan De Jouwer nei Terkaple hie in soad bochten. De nije dyk is rjochter en liket sa langer.
- Oenemawei: nei de Oenemastins fan de famylje Oenema, waard letter bewenne troch de aadlike famylje Albada.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|